Rare jonges oan de Noardsee

Publisearre op 19 oktober 2018

GERBEN DE VRIES – 

In pear dagen nei’t ik fernaam hie dat dit boek ferskynd wie, hearde ik in peatear yn myn boekhannel. De titel wie Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening, fan de hân fan André Looijenga, Anne Popkema en Bouke Slofstra. In man, in lokale Grinzer, bestelde dit boek en skoarde wat maklik doe’t er dizze titel neamde. Hy hie it doe faaks noch net troch, mar sil nei it lêzen fan dit boek grif begrypt hawwe dat er sels ek ta dat ‘meelijwekkend volk’ hearde. It wurd ‘Friezen’ wie yn dit tiidrek in kontenerbegryp, dêr’t sawat alle bewenners fan it lettere Hollân, Utrecht, Fryslân, Grinslân en East-Fryslân ûnder foelen. De Romeinen en de Franken fûnen it frjemde, nuvere lju. De teneur van de measte ferslaggen yn dit boek wie dan ek meastentiids:  rare jonges dêr oan de Noardsee.

 

De trije auteurs hawwe fan alle Nederlânske oersettingen út benammen it Latyn ek in Fryske fariant makke. Dat smyt wolris problemen op.

 

Hoewol’t de auteurs mei opsetsin ‘Friezen’ yn de titel setten en hja ek kiezen kind hie foar bygelyks ‘kustfolken’, wurdt it de lêzer gau dúdlik dat der in soad Germaanske broerfolken bysmokkele wurde. Sa begjint dizze blomlêzing fan frjemden oer ‘Friezen’ mei stikken fan Heordotus, Diodorus Siculus en oaren, mar de namme Friezen komt der net yn foar. It Hege Noarden fan Europa wie doe noch folslein ûnbekend en de antike skriuwers witte der dan ek amper oan konkrete dingen oer te fertellen. Pas om en by it begjin fan de  jiertelling komme de stammen oan de oare side fan de Ryn yn it fizier en dat hat fansels alles te krijen mei de útwreiding fan it Romeinske Ryk dizze kant op.

De trije auteurs hawwe fan alle Nederlânske oersettingen út benammen it Latyn ek in Fryske fariant makke. Dat smyt wolris problemen op, al synjalearje hja dat net altiten. De my ûnbekende dichter Albinovanus Pedo is om 16 n.Kr. hinne faaks de foarste dy’t de wadden beskriuwt. Yn de Nederlânske oersetting wurdt ferwiisd nei ‘het slik’, mar yn de Fryske stiet der ‘fêstsûge op ’t waad’. Ik wit net oft yn de Latynske tekst ek in wurd ‘wa(a)d’ stiet, want oant no ta jilde Tacitus, dy’t syn wurden hast hûndert jier letter skreau, as dejinge dy’t as earste it al of net Fryske wurd brûkte, krekt: ‘wa(a)d’. Skreau dy Pedo dus ek yn it Latyn al wa(a)d?

Grappich is it ek om te lêzen dat op it ferneamde Tolsumer skriuwplankje wol direkt ferwiisd wurdt nei in Bataaf en net nei in Fries… In Fryske Bataaf yn Romeinske tsjinst dus. Noch aparter is it om te fernimmen dat it ‘meelijwekkend volk’ oan de Waadsee dêr’t Plinius de Alde oer skriuwt – it sitaat wurdt troch hast alle skriuwers oer de âldste skiednis fan de waadkust oanhelle – eins de Chauken binne, sis mar de East-Friezen fan no! Dêr stiet tsjinoer dat de measte oanhelle skriuwers nei alle gedachten nea yn dizze kontreien west hawwe en faak har ferhalen fan oaren hearden en ek faak mar wat skreaunen. It riedsel fan de ferdwûne Frisii – de terpen waarden earne ein twadde as begjin tredde iuw ferlitten – wurdt hast yn in ûnopfallend stik ferklearre. It is alteast in mooglike oplossing. Ut in redefiering fan 297 of 298 n.Kr. foar keizer Constantius sizze de ‘Panegyrici Latini’ dat de ‘barbaren’ oerwûn wiene en tenei as slaven de Gallyske ikkers ploegen. Der wurdt sprutsen fan Chamaven en Friezen. Yntrigearjend.

It twadde diel fan it boek giet oer de Fryske striid tsjin de Franken en de kerstening. Hjir komme de bekende ferhalen oer Aldgisl en Radbod en oer Wilfried, Willibrord en Bonifatius oan bod. Ek hjir soms fassinearjende details, bygelyks oer it paleis dêr’t kening Aldgisl yn wenne (side 149). Der falt foar argeologen noch wol wat nijsgjirrichs te untdekken dus. It bekende ferhaal fan Radbod dy’t alhast dope wie mar op it lêste stuit dochs leaver by syn heidenske foarfaars as mei ‘in pear earmelju yn dat himelske ryk ta te hâlden’ komt út de Vita fan biskop Wulfram. Sa leare je nochris wat. Yn datselde wûnderferhaal stiet ek dat de âlde Friezen minsken offeren troch te lotsjen. It offer bestie deryn dat de slachtoffers nei it waad brocht waarden en dan ferdronken. Ek yn de lettere Lex Frisionum waard der op dy wize noch bygelyks stellerij út in timpel mei bestraffe. ‘Buitendijkse verdrinking’;  neame de auteurs dat, mar dan moasten der fansels earst wol diken wêze en dy wiene der doedestiids noch net.

By eintsjebeslút noch in maffe anekdoate út de Gesta Karoli, ein njoggende iuw optekene troch Notker Balbulus (‘de stotteraar’). Yn de Fryske lannen waarden doe lange mantels makke; mar ynienen kamen koarte mantels yn de moade en de Friezen ferkochten dy foar deselde priis as de lange. Keizer Karel de Grutte ornearre doe dat de Friezen allinnich lange mantels ferkeapje mochten. Hy redenearre sa: “Wat doel ha dy lapkes? Yn bêd kin ik der gjin seks mei ha, op in hynder kin ik my der net mei beskermje tsjin de wyn en de rein, en as ik myn natuerlike behoefte doch, dan befriest de fluit.” Keizer Karel en de foarste seksrobot út de skiednis. Rare jongens dy Franken!

 

 

Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening, André Looijenga, Anne Popkema en Bouke Slofstra; Uitgeverij Wijdemeer; 240 siden, €29,95.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels