Presintaasje Famke fan snie

TJITSKE VAN DIJK

It is sneintemiddei, it is prachtich maitiidswaar. Der rinne in soad minsken op ’e dyk yn Warkum. In hiel oantal dêrfan blykt, krekt as ik, ûnderweis nei ‘Op De Hoek Van De Stal’, nei de presintaasje fan de dichtbondel Famke fan snie van Paul van Dijk.

 

Dan draacht Paul foar út de bondel. Ik hear gedichten dy’t alles sizze oer fertriet en ûnmacht, mar net alle gedichten yn de bondel geane dêroer.

 

Wylst ik de Mini parkearje op it hiem by de pleats, bin ik wat senuweftich. It titelgedicht en ek oare gedichten yn de bondel geane oer it ferlies fan in berntsje. Moai om dêroer dichtsje te kinnen, mar kwetsber ek, want: wurden dy’t sa rjocht út it libben fan de skriuwer komme, dy’t eins diel fan de skriuwer binne, hoe kinst dêr as bûtensteander by komme, ek al soest sels soks meimakke ha?

Yn de rekreaasjeromte fan de pleats is it al gesellich drok. Ik kom net geregeld op presintaasjes fan dichtbondels, mar dochs sjoch ik hjir en dêr wat bekenden. It falt my op dat der fan alle leeftiden minsken omrinne. Paul van Dijk stiet der midden tuskenyn en hjit elkenien entûsjast wolkom. Jitske Draijer sjongt jazz as achtergrûnmuzyk. “Skande”, tink ik noch, mar gelokkich sjongt se ek noch fierderop yn it programma. As ek de plakken sûnder útsjoch fol binne, komt de dichter op. En hy nimt in groep muzikanten mei.

Paul van Dijk docht in wurdsje oer it ûntstean fan de bondel. En stelt ek de fraach dy’t ik mysels stelde: moast it in bondel wurde? Is it net mear wat foar in deiboek?

Dan draacht Paul foar út de bondel. Ik hear gedichten dy’t alles sizze oer fertriet en ûnmacht, mar net alle gedichten yn de bondel geane dêroer. Ik hear ek herinneringen en ferwûndering oer deistige saken. En hieltyd is der muzyk. Net dat de gedichten ôfwiksele wurde mei muzyk, mar mear dat muzyk der diel fan is. Fan hiel lyts en subtyl nei hiel lûd en yntins. It is in prachtige kombinaasje: de muzyk hâldt de wurden op paslike ôfstân – der is ommers neat sa persoanlik as it fertriet om ferlies – mar tagelyk fersterket de muzyk de wurden en lit se binnenkomme.

Paul van Dijk keas derfoar om it net by in deiboek te hâlden, mar in dichtbondel te meitsjen. En ik bin it yntusken al mei him iens. De saakkundigen, yn de persoanen fan útjouwer Ernst Bruinsma en Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga binne fol lof oer it dichttalint fan Paul van Dijk. Neffens har kin it net oars of hearre wy hjir noch folle mear fan. En ik as net-sa-saakkundige bin dêr no ek al hiel benijd nei. Miskien moat ik ris wat faker nei presintaasjes fan dichtbondels gean. Of soe ik no te bedoarn wêze troch dizze prachtige middei?

 

 

Paul van Dijk, Famke fan snie, Utjouwerij Afûk, 2018, 55 siden, €15,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.