Prachtige foarstelling oer bylages fan it libben

Publisearre op 21 januari 2019

RYNK BOSMA – 

Miskien is it libben as it nei de ein rint wol lykas dy grap oer Sam en Moos  dy’t nei Parys geane. In formidabele Joke Tjalsma as de dementearende Wimmy besiket it yn de foarstelling It wie op in simmerjûn oant twa kear ta dy mop oan har man Daniël te fertellen, mar healweis bliuwt sy hingjen, wit net mear hoe’t it gie mar wol dat it tige grappich wie. Wimmy en Daniël oan ‘e ein fan it libben noch altiten yn ien hûs mar eins kin it net mear. Daniël kin sûnder rollator neat mear mar is yn ‘e holle noch skerp. Wimmy wit it rjochte paad en it juste plak yn ‘e hûs net mear te finen.

 

In foarstelling dy’t in plakje fertsjinnet yn de ivige dream fan it teater tusken De Feteranen en De Emigrant yn.

 

It libben dus as dy grap, je witte dat it moai wie, je witte dat je hiel wat ôfgniisd ha, je witte dat it miskien de muoite wurdich wie mei geloksmominten lykas it draaioargelnûmer It wie op in simmerjûn mar de essinsje fan de lêste jierren ûntgiet je. ’Der falt my sa no en dan wat út de holle’, sa seit Wimmy en dat is in moaie wize om te sizzen dat je net mear witte wêr’t alles heart. Dat de skjinne ûnderbroeken net opburgen wurde moatte yn de waskmasjine.

‘Ik ha it boek út en sit no yn ‘e bylages’, sa seit har man Daniël. Dochter Anneke hat in nije relaasje mei Theo en it kin wêze dat dit ek in bylage yn har eigen libben wie. En krekt dan, ûnder de klanken fan Ik geloof in jou fan Boudewijn de Groot krijt sy har âlden op ‘e noed. It libben fan guon generaasjes lykas in bekinde ansichtkaart want hast elts mins krijt der yn it libben op de ien of oare wize mei te meitsjen. Wat dogge wy mei de âlden no’t sy wat minder wurde, it probleem fan de generaasje fyftich plus. En wat dogge wy mei it lêste eintsje fan ús libben is de fraach fan de tachtichplussers.

Dat lêste is tsjintwurdich tige by de tiid, hat de mins it rjocht syn eigen ein oan te jaan, de eigen piketpealtsjes yn ‘e grûn te slaan of moatte wy dat oan oaren oerlitte. Leadswier wurdt it allegearre net yn de foarstelling fan oardel oere en dat kin fansels ek net. It is farvjen mei de kwaste fan de ympressy, yn koarte dialogen dy’t elke kear op prachtige wize yn de tiid wikselje oanstippe wat noch wichtich is yn it libben en hoe’t men der as mins ynstiet.

Sa’n momint fan in prachtige oergong wie der doe’t Theo as fyftiger nei de kast gie om in doaske te pakken en op it momint dat hy dat beet hie, feroaren de bewegings floeiend yn de trillerige hannen fan Daniël. De haadrolspilers gniisden harren net troch it libben, it publyk die dat wol en dat wie de krêft fan de foarstelling. ‘It libben is in moai ynstrumint mar moatst sels de muzyk meitsje’, sa seit Daniël op in momint. Mei op de eftergrûn it draaioargel, sa wichtich yn harren libben. ‘Ik ha fan in 48-toets in 72-toets makke’, sa seit Daniël grutsk wylst gjin mins wit wat it is en wat it betsjuttet.

En mei it libben is it net oars as mei de foarstelling, grutsk op eigen dingen wêrfan je tinke dat it foar de ivichheid is wylst in generaasje letter gjinien mear wit wat it wie of wa’sto biste. De foarstelling lit it fiele, Daniël ropt ‘Wimmy tee sette’, reaksjes by it publyk fan ‘oh dat kin dochs net’ wylst soks in pear generaasjes hiel gewoan wie sa’n kommando fan in man oan syn frou. Dat gie ek op foar de opmerking fan ien fan tsjerke tsjin Daniël en Wimmy: ‘Als jullie snel trouwen is vergeving nog mogelijk…’

It kin mei de foarstelling It wie op in simmerjûn net oars of de reprises sille der komme. Skriuwer Bouke Oldenhof hat mei Jos Thie stâl jûn oan teater sa’t it ea bedoeld wie yn Fryslân. Mei in geweldige,  humoristise haadrol foar Joke Tjalsma as dochter en mem, mei Jan Arendz oertsjûgjend as brekbere man en as goed bedoelende regelaar. In foarstelling dy’t in plakje fertsjinnet yn de ivige dream fan it teater tusken De Feteranen en De Emigrant yn.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]