Plak

Publisearre op 2 februari 2022

ARJAN HUT – Midden yn de earste karantêne-simmer moasten wy ferhûzje. Us âlde wenning waard sloopt en we gongen nei in nij hûs, ien strjitte nei it suden. It die sear om it âlde plak los te litten. De wenning wie in kokon wurden, we sieten der 17 jier mei earst ien en letter twa bern. It wie mear as in thús en ik wie flink ûnwennich. Yn dy simmer begong ik te lêzen yn it wurk fan dichter Harmen Wind. Ik woe graach alle bondels fan him trochgean. Guont hie ik yn de kast stean, guont liende ik by Tresoar, op ien nei koe ik se allegear besette. Ik lies yn Harmen Wind syn bondel Ierdewurk doe’t ik frege waard om in ‘spegelgedicht’ te skriuwen. Ik helle ynspiraasje út de poëzie fan Harmen Wind. Yn syn fers Bekentenis rjocht hy him ta syn leafste, de reis nei har ta, en einiget mei de rigel “Ik wol fan dy hâlde / lykas fan in plak”. Dy wurden setten my oan it tinken. Ik seach mysels werom, de lêste kear yn it âlde hûs. De wenkeamer wie leech, allinne it oranje fan de muorren wie der noch. Ik stie foar it finster en seach nei de strjitte ûnder my en de beam tsjin ús oer. It waaide. Wind woe fan ien hâlde as fan in plak, ik hâlde fan in plak as wie it in minske. Sa sette ik mei it skriuwen útein. Eins soe ik it gedicht It âlde hûs neame, mar as knypeach nei dichter Wind, waard it Freon Wyn.

FREON WYN


wyn, do dichter, bisto
hjir noch yn it âlde hûs by ús?

fan ‘e moarn rûn ik in lege keamer yn
en seach dyn azem tsjin it finster

mei fingers printe ik de wurden
dêr’t wat fan sjongen
yn bewarre bleau

en fan dy hâlde koe ik even
as wiesto in minske

Dêrmei is it ferhaal fan it gedicht net dien. In moanne as twa letter stoarte ik sawat yn, troch persoanlike omstannichheden. (It lêste putsje wat ik oprêde, wie it opnimmen fan in promofilmke foar it Wjerspegelje-projekt yn it Westcord WTC Hotel.) Koe neat mear, sels net lêze of muzyk harkje. Doe’t ik nei in skoft wat opknapte, woe ik net weromfalle yn âlde gewoanten. Ik dreamde dat ik my ynskreau foar in ferbliuw yn in hûske foar ‘jonge skriuwers’. Doe’t ik wekker waard hong it byld fan it hûske noch yn myn holle. Lyts, behyplik, net iensen in dak derop, in klinte op in eilântsje yn in mar. Mear noch as it byld sels, fielde ik in grutte langst om yn sa’n hûske te wurkjen!

Deselde moarns seach ik op Facebook in oprop, skriuwers koene har opjaan foar in ferbliuw yn it Story Station, in minihûske op in camping by Kollumerpomp. De camping hjit It Dreamlân. Oars soe ik soks net dwaan, fierste hiemsk, mar ik joech my daliks op. Wie de earste, letter hearde ik, binnen twa dagen wie it hiele jier folboekt. Yn de simmer gong ik mei ús jongste Iwan dat út. Jûns foar it sliepengean poetsten we ús tosken yn it douchegebou. Dêr, foar ien fan de trije spegels, seach ik … Geart Tigchelaar syn Spegeltsjewiisheid. Mar dêrnjonken, yn it midden (der stie in frjemde menear foar te flossen) dêr stie Freon Wyn. Freon Wyn op it Dreamlân!

Dêrmei is it ferhaal noch net dien. Al gau wie ik troch de boeken hinne dy’t ik meinommen hie. Op de fyts gie ik op syk nei in boekwinkel, mar dy wie yn de hiele omjouwing net te finen. Ien Bruna, lykwols, ik woe gjin biografy fan in BN’er, ik woe foer foar de siel! Yn Bûtenpost wist ik in estafettewinkel, oan de súdkant fan it stasjon. Dêr wie in hoekje mei boeken. Der siet net in soad foar my tusken. Wol in rychje dichtbondels. Ientsje foel my op. Ik krige it derút. It wie dy iene fan Harmen Wind dy’t ik noch net earder fûn. De bondel hjit fan Plak. Gedichten oer thús wêze, jins plak fine, of, sa’t it op de flaptekst seit, ‘plak fine is bestean’. It koste 1,50 euro, dat hie ik krekt yn de bûse. Ien fan de fersen yn Plak, is Hûs. Ta ôfsluting:

HUS


Wy bouden ús hûs op
in saad. Djip ûnder ús
wâle in tsjuster wêzen,
frjemde krêften hifken ús
en yn ‘e keamers hong
de rook fan gean en kommen.

Nachts fearen wy oer
seeën fan fertriet en leine
elke moarn op ’t selde plak
wer oan. Mar wurger. Wurger.

(Basearre op in lêzing hâlden op 26 novimber yn de Gysbert-seal fan Tresoar, oer it ferhaal achter in spegelgedicht. Mei tank oan Leeuwarden City of Literature)

Mear oer it projekt Wjerspegelje:
Wjerspegelje: Fryske gedichten op spegels

Us âlde wenning waard sloopt:
‘Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte’ (Citybooks audioferhaal)

 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels