Pauperpoëzij yn Risoprint

ARJAN HUT – “Roze is wol sa’n bytsje de Pauperkleur,” seit Gabrielle Terpstra. Se (slam)dichtet, en is bekend fan it kollektyf Pauper Poëzie. We sitte yn it kafee fan dBieb yn de Blokhúspoart. Der waait in kâlde wyn. Hast alle bondelpresintaasjes blaast er fuort! Dy fan Erik de Boer (Marktzicht, Drachten) gie noch krekt troch, mar dy fan Hindirk Hannema èn de Pauperbondel (De Bres) geane foarearst oer. “Pauperroze”. De bondel leit op tafel tusken ús yn. It roze spat yndied fan it papier. Ik freegje har wêr’t har eigen gedichten weikomme, hoe’t se begong is.

“Ik bin observearjend en kin goed ymprovisearje.” Gabrielle nimt in slokje fan har kofje. “Teminste, as ik it opskriuwe kin, dan wol. Ik lústerje nei wat minsken om my hinne sizze en dat ferwurkje ik yn in gedicht. Se fine it faak wol moai om wat fan harsels werom te hearren.” Se draacht in krysttrui en fertelt dat se al sûnt novimber krystfilms oan it sjen is. De oanrin nei de krystdagen fynt se smûk. Mear as it krystfeest sels. It is de ferwachting, it foarútsjen, de spontane wille dêr’t se fan genietet.

Gabrielle waard yn 1990 yn Dokkum berne, wenne as bern yn Frjentsjer en is wilens al lang ynwenster fan Ljouwert. Se folget yn de Fryske haadstêd in oplieding oan de Academie voor Popcultuur. In pear jier lyn slute se har oan by de Poetry Circle yn Ljouwert. “Ik tocht dat ik deagong, de earste kear op it poadium,” fertrout se my ta. De senuwen binne der altyd wol, mar se hat in soad ûnderfining op dien. Fan’t simmer makke se noch grutte yndruk op de Poetry Slam yn de Westertsjerke.

Lytse gedichten
“In selsmarteling,” neamt se it slammen. Mar dat hâldt de warbere wurdkeunstner net tsjin! Dochs fielt se har mear op har gemak as se wat organisearret mei de Paupers. It kollektyf ûnstie fiif jier lyn. It begong mei Terpstra en Emily Wieland. Om de tiid hinne dat Tresoar yn 2019 in Fryske slam organisearre, groeide it fierder.  “Bert de Vries wie dwaande mei syn Outlaw-bondel en socht minsken om wat mei te dwaan. Ilse Vos wie derby. Hindirk Hannema woe earst net, hy wie der doe noch net klear foar.” Luwt op de Kelders yn Ljouwert wie in bytsje in thúshonk, mar dat kafee – mei syn hûskeamersfear – is der al net mear. No is it in iepen, los/fêste groep mei fierder ûnder oaren Alwin van der Toorn en sjonger-ferskeskriuwer Methoxy (Femke Cuiper). Wa’t derby wol, kin meidwaan. 

In coronasubsydzjemooglikheid fan de gemeente Ljouwert brocht har op it idee om in bondel te meitsjen. “Ik ha elkenien frege om fjouwer lytse gedichten te leverjen.” It fernuvere har net dat de rebelske, frije sielen dy’t se om har hinne sammele hat wat oars yn ’t sin hiene. “Bert kaam mei gedichten fan trije, fjouwer bledsiden en Hindirk allyksa! It is ûnmooglik om lieding te jaan oan de Paupers,” laket se.  

Yllústraasjes binne makke troch Gabrielle Terpstra, Alwin van der Toorn en Erik de Boer.

Dit semester is Gabrielle op de Academie krekt dwaande mei foarmjouwing. Se frege foarmjouwer Wytse Sterk om tips en dy stelde Risoprint foar. In Japanske, duorsume printtechnyk mei fûle kleuren. Krekt as by seefdrukken wurde de kleurlagen apart printe. Lytse flaterkes, ûneffenheden soargje foar in sjarmant, boartlik karakter. “Dick Hageman fan it Grafisch atelier yn de Haniasteech hat alles útlein. Dêrnei bin ik alles wer fergetten. Mar ik kaam mei werom mei Alwin en sa ha we eksperimintearre mei de technyk oant we it yn de fingers hiene.”

It is in bondel papieren dy’t mei in tou fêstsitte, mar as as losse posters útinoar helle wurde kinne. “Der sitte flaterkes yn, wurden binne krast, oanpast, it sjocht der pauperich út.”

Mear Frysk
De fersen binne yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frysk. De bydragen fan Gabrielle sels binne yn it Nederlânsk, al skriuwt se hieltyd mear yn it Frysk. Dat begong doe’t se Jantjes Blues fan Cornelis Vreeswijk oersette, in opdracht fan de Poetry Circle. Se droech it foar op in Gysbert-jûn yn Tresoar. Ek Bert de Vries syn wurk hat ynfloed op har taalkar en fierder komt se hieltyd mear Frysktalige dichters en muzikanten tsjin dy’t har op in positive manier stimulearje om mear mei it Frysk te dwaan. “Dat wol ik ek wol, omdat ik Frysk bin en Fryske foarâlders ha.”

Der stie in presintaasje foar de bondel plend, mar dat kin net trochgean. Likegoed is de earste oplage fan hûndert eksimplaren al de doar út. De helte hat it kollektyf fergees omparte, dy gongen nei SKREP en de oerkeppeljende soarch- en wolwêzenorganisaasje Wender. Se lizze ûnder oaren yn it buerthûs fan Oldegalileen. “We wolle de bondel jaan oan minsken dy’t net gau mei poëzij yn oanrekking komme.”

Foar wa’t nijsgjirrich is nei de Pauper Bondel, de twadde printing is al klear. “Dêr steane deselde gedichten yn, mar de kleuren binne wer oars.” De bondel kostet 15 euro en is te bestellen fia: pauperpagina@gmail.com

Gabrielle, Bert, Alwin en Hindirk lêze út de Pauper Bondel yn Noardewyn Live, 12 desimber:

Comments
Ien reaksje oan “Pauperpoëzij yn Risoprint”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.