• 13 oktober 2015

    EELTSJE HETTINGA -    I Der langhalzje wurden, net te ferstean, yn it geweld fan wyn oer mûnings fan rivieren by see, mei skippen op drift en pûsters, skuorrend oan alles wat noch in hâld fine wol: in swaaiende foet tsjin de warring, in stikmannich hannen oan de rourânen fan in flot en yn it wantij de sakjende skouders fan in ruter op in bensinefet, [...]

  • 6 oktober 2015

    De seleksje foar de Noordelijk amateur Film Festival is bekend en de film 'O' dy't Sanne Hiddema makke foar it Alfabet Projekt fan de Moanne is nominearre! Lokwinske Sanne! Oer de film 'O': de foarm en it lûd fan de letter ‘O’ binne byinoar brocht yn in live-performance bassearre op ymprovisaasje. Konsept, rezjy en produksje: Sanne Hiddema. Meiwurkers: Elmar Kuiper en Grytsje Schaaf (lûd), Marlien [...]

  • 5 oktober 2015

    Achte hear Collier, Gatferdamme, wat baalde ik fan myn eigen ergernis, doe't ik de bylden seach fan jo keunstprojekt 'Koeien in de wei'. Dêr wie 'k dochs echt eefkes benaud dat ik stikem preutser bin as tocht. Of dat ik sa pornofisearre bin dat ik by in bleatprojekt allinnich noch mar ferliedlik longerjende froulju sjen wol. Of miskien bin 'k dochs sa djipfries wurden dat ik [...]

  • 2 september 2015

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma 'Op en út'. Diskear mei Gurbe Doustra live fanút de Blokhuispoort yn Ljouwert. - Durk van der Ploeg, 'Oer atlantyske djipten', Friese Pers Boekerij. Boek fan 'e moanne septimber en oktober - Jan Schokker, 'Tichtby', plysjeroman. Elikser, Ljouwert 2015 - Inge Schilperoord, 'Muidhond'. Uitgeverij Podium, Amsterdam 2015      

  • 27 augustus 2015

    MONIQUE FLINKER -  It is noch gjin 2018, mar de tiid hâldt gjin skoft. Dus moat ek de organisaasje fan Kulturele Haadstêd bybliuwe. Dizze simmer soe artistyk direkteur Lieven Bertels oan it wurk yn Ljouwert, mar dat wurdt wat letter. Om mear sponsoaren te lûken is yntusken Jan van Erve binnenhelle. Artistyk direkteur Lieven Bertels fan Kulturele Haadstêd hat oan it ein fan it jier [...]

  • 11 juni 2015

    It Nederlands Letterenfonds hat 'de Moanne' in twajierrige subsydzje takend foar online bydragen. De beoardielingskommisje wie helder yn syn einoardiel: 'de Moanne' opereert in een klein taalgebied en doet dat al jarenlang prima: niet alleen is het professioneel in zijn werkwijze en de exploitatie van het tijdschrift, ook weet het een groot publiek te bereiken, heeft het inhoudelijk een duidelijk herkenbaar profiel en hanteert het [...]

  • 4 maart 2015

    MONIQUE FLINKER -  In 7 meter hege fontein, in spesjale 2018-krante mei in oplage fan mear as 300.000. It binne de earste libbenstekenen fan Kulturele Haadstêd 2018. De tsjûgen dy't 6 september 2013 yn de Ljouwerter binnenstêd seagen hoe't 'wy' Kulturele Haadstêd waarden, wienen út de skroeven. It wie feest. Grut feest. En doe waard it stil. Oant begjin dit jier. Utsein fan sa no en dan [...]

  • 1 maart 2015

    KAREN BIES -  Moai om twa Fryske klups yn de earedivyzje te hawwen. Ik bin foar Hearrenfean én Cambuur, want ik wol hjir net
 myn libben op it spul sette, ek hooligans lêze de Moanne nammentlik. Ik sis gewoan, lykas alle froulju, dat ik altyd foar dyjinge bin dy’t achter stiet. Fuotbaljen is leuk om nei te sjen mar net yn in stadion, want ik [...]

  • 18 februari 2015

    ARJAN HUT -  It is ien fan de films dêr't yn de tsjustere krochten fan it ynternet it botst om socht wurdt. Guon minsken beweare dat se him sjoen ha, op in âlde FBI-ynstruksjebân, of dat se de identiteit fan de filmster kenne. It giet om de Babushka-film, in amateurfilmke sketten op 22 novimber 1963 yn Dallas. It lit de moard op president Kennedy sjen, [...]

  • 4 december 2014

    Tiid foar in update. It nije Alfabet kriget stadichoan syn foarm. Underwilens hawwe wy fan inkelde Alfabet-keunstners al in definityf einbyld ûntfongen. Sadra't alle letters klear binne, sil it nije alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eskposysje. Dêrneist binne wy fan doel om it nije Alfabet ôf te printsjen yn de papieren útjefte fan de Moanne. Wy hoopje ynkoarten ek de lêste digitale ynstjoerings foar [...]