Optrede foar de frede (5) – Sigrid Kingma: Helden
It gedicht ‘Helden’ is útsprutsen op de literêre middei ‘Optrede foar de frede’, opset troch dichterskollektyf RIXT, literêr tydskrift ‘de Moanne’ en Leeuwarden UNESCO City of Literature. Oarloch wie eat der’t beppes oer prate en pakes oer swije. Dat feroaret, lykas de ynterpretaasje fan ferhalen oer it ferline.
Helden
Wêr wienen jo yn de oarloch?
Hoe faak hat se ferteld
oer de jûntsjes kaarten
militêren oan de doar
it lûk ûnder it hea.Wêr wienen jo yn de oarloch?
We laitsje allegear
sa’n treflike imitaasje fan beppe
dy’t doe al minder waard
hilarysk.De âlde geast krûpt
yn de nije tiid
sy stienen der, helden sûnder nammen
makken plak oan tafel foar
in libbenslang potsje skaak.Wêr wienen jo yn de oarloch?
Oare beppe antwurde
‘No, gewoan, thús.’Se hienen like âld west
beide noch famkes
in ferskil fan fyftich
bommen westliker.De fraach komt werom
net sa maklik as it klonk
sa grappich net mear
wêr binne wy yn de oarloch?
Helden
Waar was u in de oorlog?
Hoe vaak heeft ze verteld
over de kaartavondjes
soldaten aan de deur
het luik onder het hooi.
Waar was u in de oorlog?
We lachen allemaal
zo’n fantastische imitatie van beppe
die toen al slechter werd
hilarisch.
De oude geest kruipt
in de nieuwe tijd
zij stonden er, helden zonder namen
maakten plaats aan tafel voor
een levenslang potje schaak.
Waar was u in de oorlog?
Andere beppe antwoordde
‘Nou, gewoon, thuis.’
Ze waren even oud geweest
beide nog meisjes
een verschil van vijftig
bommen westelijker.
De vraag komt terug
niet zo eenvoudig als het klonk
zo grappig niet meer
waar zijn wij in de oorlog?