Joël Hut
fotografy: Geart Tigchelaar, Joël Hut

Optrede foar de frede (9) – Joël Hut: bitter

Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers en muzikanten gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede en foarmen dêr in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan kristlik Gymnasium Beyers Naudé diene ek mei.De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.De gearkomste wie in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert.

Joël Hut hie in koarte en krêftige bydrage yn it Súdwesthoeksk mei syn gedicht bitter.

 

bitter

bitter is it as de heiten

sizze tsjin ’e militêren

dat it noflik is en earfol

för it memmelân te stjêren

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.