Oprop: twa ûnbekende fersen oer ús befrijers en ús Ynje

Publisearre op 12 februari 2021

BOUKE SLOFSTRA –

Kunde fan ús (Christina Elsenga, Grins) makke my lêstendeis attint op in pear Fryske fersen dy’t har heit silger yn in skriftke oerskreaun hie. Twa ha tafallich – as wie it sa ôfpraat – itselde tema as de Dei fan de Fryske Letterkunde fan dit jier, dat wol sizze de befrijing en it ôfskie fan ‘ús’ Ynje (sjoch de webside fan Sirkwy). Beide fersen lykje gelegenheidspoëzij te wêzen. Men soe fermoedzje dat se yn 1945 skreaun binne, mar it kin my misse.

Fanwegen de corona is it spitigernôch net mooglik om yn Tresoar ûndersyk nei dy twa ferskes te dwaan. Wat wy wol witte, stiet hjirûnder.

Datum en auteur fan de ferskes binne net bekend, al liket it my wierskynlik ta dat Th. v.d. S. nei Thomas van der Schaaf ferwiist, in dichter dy’t wurk yn Sljucht en Rjucht publisearre hie. Wat de literêre kwaliteit oangiet komme de beide fersen net foar de Gysbert Japicx-priis yn ‘e beneaming. Mar ‘goud op ‘e dyk’ soe men se wol neame meie. Foar Don White en syn Canadian Dragoons, dy’t op 15 april 1945 Frjentsjer befrijden is in lyts bytsje ûntank it lean fan ‘e wrâld. Yn it satiryske ferske wurdt ek nei Grut Lankum, ‘de ynrjochting’ fan Frjentsjer, ferwiisd. Yn it Indonesië-probleem fan “Th. v.d. S.” is it lân fan Kennedy krekt wat grutter en sterker as dat fan Luns, mar it is nei alle gedachten foar de kwestje-Nij Guineä (1961) skreaun. Profetyske wurden, soene je sizze kinne. ‘We gaan Soekarno halen’, stie te lêzen op de treinen fan de soldaten dy’t op paad nei de East gongen.

It soe in goed ding wêze om út te sykjen wa’t de fersen skreaun hawwe en hoenear, mar dat kostet tiid. Yn alle gefallen binne de fersen no aktueel, yn it ramt fan de Dei fan de Fryske Letterkunde (sjoch sirkwy.frl).

Myn fraach is fansels: wa wit mear oer dizze twa ferskes?

In misse set

De Kanadezen mochten fuort

Ut Frjentsjer en se wieren pûr.

Se stookten op ‘e lêste dei

Utlitten bliid in freugdefjûr.

Goed. Bêst. Mar dat se skuon en klean

Ta brânje brûkten, dat ’s in stael

Fan dommens en fornielsucht, ja,

Dat ’s koart sein in skandael.

De lju út Frjentsjer binn’ fansels

Net myld yn har krityk.

Se sizze, sa stel ik my foar

(En hawwe great gelyk):

“Wy binne hjir wol gekken wend,

Mar hiene oan distiid ta

Dy net by ús befrijers socht,

Dat folk út Kanada.”

 – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Indonesië-probleem

“Wij gaan Soekarno halen”

Tot weerzien op Soekarno’s graf

Hark dy helden doch ris bearen.

“Wy sill’ jimme mores leare!

As jimm’ net jimm’ dolle hollen

Langer foar ús bûge wolle,

Sill’ jimm’ gau ûnderfine,

Dat de geast fan it forline

Yn ús libbet. Kom mar op,

En jimm’ krije op jimm’ kop!”

Minsken, ‘k soe mar net sa’n klam

Op dy greate wurden lizze,

As John Bull en Uncle Sam

Moarn de dei ris gnyskjend sizze:

“As jimm’ sokke helden binne

Rêd jimm’ fierder dan allinne.”

Dan – it falt net oars to sjen –

Dan is alles glêd forlern.

Dy’t rêde wol in fol en lân,

Dy skoddet net de fûst, mar rikt de bruorrebân.

Th[omas?] v/d S[chaaf?]

 – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Razzia

Yn d’ iere moarn is ‘t doarp al fol soldaten.

Hja bringe in bange skrik foar ‘t dimme doarpsfolk mei.

De froulju steane skriemend mei elkoar to praten;

De mânlju binn’ der net – dy krûpe hastich wei.

Hja sykje in skûlplak yn ‘e hûs, yn bosk of lannen,

Yn ‘n herberch, yn ‘e groun, op ‘t dak of yn in sleat.

Mar nou en dan falt ien yn fijâns wrede hannen,

En ’t freegjen om wer frij to kommen jowt him neat.

Wreed lit men har foar ‘t driigjend wapen rinne,

En bringt se meiinoar nei ’t lytse doarpskafé –

Soldaten laitsje as guon dy’t gjin gefoel mear kenne;

De dyk lâns wurd’ se drifke lyk as ’t stomme fé!

De mannen sitte byinoar – ûnskuldich finzen;

Hja meij’ gjin ôfskie nimme sels fan âlden, wiif en bern …

En treastleas stiet  it each – elk hat syn eigen tinzen;

Sill’ hja har leafsten, sibben, ‘t eigen doarp wer sjen?

’t Is tiid. Kommando klinkt. De autobossen geane,

Wylst rou en lûd in felle felle flok de loft trochskuort.

En froulju en berntsjes stil oan ’t paed to skriemen steane …

Hwant man en soan en heit en greate broer geane fuort.

v/d L.

 

 

 

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels