fotografy: Pexels.com

Oprop noardlike filmargiven

ARJAN HUT –

De trije noardlike filmargiven ha yn ‘e mande mei Lân fan Taal in oprop dien oan kreativelingen om in plan yn te tsjinjen foar in optreden op it Noordelijk Film Festival. It doel is dat ‘performers’ har útdaagje litte troch it byldmateriaal yn it Fries Film Archief (FFA) en har Drintske en Grinslanner wjergaders.

Wy stjoere oan op in middei mei optredens út safolle mooglik ferskillende dissiplines. Dichters, muzikanten, kabaretiers, it kin alle kanten út.

“It is gjin wedstriid”, ferdúdliket Syds Wiersma fan it FFA. De dichter is ien fan de sjueryleden dy’t de ynstjoerde ideeën hifkje sille.

“Wy stjoere oan op in middei mei optredens út safolle mooglik ferskillende dissiplines. Dichters, muzikanten, kabaretiers, it kin alle kanten út. In pear jier lyn, yn 2013, ha wy mei de oare argiven alris in dichtersbattle organisearre, ek op it NFF. Dichters treden doe op mei wurk oan de hân fan histoaryske filmbylden. Melvin van Eldik wie de presintator, en der wiene ûnder oaren foardrachten fan Sannemaj Betten, Sieger Geerdsma út Grins en Ria Westerhuis út Drinte.”

“Yn oanrin nei dit Kulturele Haadstedjier woene wy ek graach wat dwaan yn ‘e mande mei Lân fan Taal. Byldtaal is ek in taal fansels, mar wat in dichter of spoken word-artyst docht ynspirearre op byldmateriaal jout dêr wer in ekstra diminsje oan. It moat yn alle gefallen net in praatsje by in plaatsje wurde.”

De middei sil op sneon 10 novimber ûnder it filmfestival wêze yn Neushoorn. De dielnimmers krije in fergoeding fan 300 euro foar harren ynspannings.

Foar hoefolle artysten is der plak? “Wy stjoere oan op trije kandidaten út alle trije noardlike provinsjes, in stik as njoggen dus.”

En rint it wat mei de ynstjoeringen? “Op dit stuit binne der út Fryslân al trije plannen ynstjoerd, en ik wit fan guon dat se mei in útstel dwaande binne. Fan wat ik dêrfan hear, binne it tige útienrinnende plannen.”

En as dyn plan útsocht wurdt? “Dan geane wy earst ris om tafel sitte mei de ynstjoerder. Wat wolsto dwaan, watfoar byldmateriaal sikesto dêrby? Miskien hat ien al in bepaalde film of in byldop it each, mar dat hoecht dus net.”

Hiest sels net meidwaan wollen ynstee fan yn de sjuery? “Haha, ja, men betinkt soks net om de nocht fansels, ik fyn it wol leuk. Miskien as der net genôch ynstjoerings komme en der in plakje oerbliuwt. Mar safier sil it tinkt my net komme.”

Wa’t noch in plan ynstjoere wol, kin dat dwaan oant kommende tongersdei 20 septimber by it Fries Film Archief.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.