Oprop KFFB
Publisearre op 9 februari 2012
It bestjoer fan de KFFB De Fryske boekeklub skriuwt alle jierren in priisfraach út foar romanhânskriften. Wat frege wurdt is in ienfâldich, mei fakmanskip skreaun ferhaal, gaadlik foar in breed publyk. In karkommisje beoardielet de ynkommen manuskripten.
Komt it manuskript foar útjefte yn de beneaming en wurdt it yn de abonneminte-rige foar de likernôch 1500 leden fan de KFFB opnommen, dan stiet dêr in priis fan € 2500,00 foar oer. De priis wurdt yn ien kear útbetelle en is belêstingfrij.
De KFFB De Fryske boekeklub jout net allinnich romans út; in besite oan ús hiemside www.kffb.nl makket jo dat wol dúdlik.
It bestjoer fan de KFFB De Fryske boekeklub wol skriuwers hjirby útnoegje om (in) manuskript(en) op te stjoeren nei it adres dat yn it logo neamd wurdt. Jo binne – as it yn de abonneminte-rige útjûn wurdt – wis fan in grutte oplage fan jo boek! De boeken geane net allinnich nei de 1500 leden ta, ek yn boekhannels en bibleteken binne se te krijen.
Telefoan: 0519 32 12 62 en e-mail: boekeklub@kffb.nl
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]