fotografy: Ids Wiersma, Lapekoer

Oprop sprekkers foar workshop: De Lapekoer fan Gabe Skroar (1822-2022)

Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de De Lapekoer fan Gabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de Workshop Lapekoer wolle wy omtinken jaan oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Wy freegje lju om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (frisianhumanities.frl), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.

Wa’t ynteresse hat, kin in mailtsje stjoere oan: Meindert Reitsma, Meindert.Reitsma@tresoar.nl, of Eric Hoekstra, ehoekstra@fryske-akademy.nl.

Rimen & Teltsjes, Halbertsma's

Rimen & Teltsjes, Halbertsma’s

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.