Op Fryske les!

Publisearre op 26 augustus 2019

ANNE-GOAITSKE BRETELER – 

Skodholjend telt skriuwer en programmamakker Bart Kingma de jierren werom, om te berekkenjen hoelang’t er al foar Omrop Fryslân oan it wurk is. ‘Achttjinjier’, konkludearret er. Neist him sitsyn kompanjon: filmmakker Halbe Piter Claus. ‘Godsamme’, ropt dy ferheard, mar realisearret him dan dat er sels ek al alve jier ûnderweis is.

Se sitte tsjinoer my oan in fergadertafel fan de Omrop. Hiel wat oeren ha se al yn dit soarte keammerkes oan it sparren west yn harren gearwurking foar Skoaltelefyzje. Der sille wiidweidige diskusjes fierd wêze oer hoe’t se de jongerein fan Fryslân berikke moatte, hokker fertaalslach dêrfoar nedich is en hoe’t wy dêr – yn ’e wrâld fan de folwoeksenen – mei omgean moatte. No is it myn beurt om oan te skowen en út te finen at dizze mannen dêr in antwurd op klear hawwe.

 

Sex to the Max’
It duo Kingma en Claus stiet as in hûs. Dat mei ek wol nei hast tsien jier tegearre programma’s en searjes makke te hawwen. Wêr’t it betinken, skriuwen en regissearjen earder foaral in yndividueel proses wie, besochten Bart en Halbe Piter om dat ris mei syn twaen te dwaan. Dat slagge; harren debút, in dramasearje foar de earste en twadde klassen fan it fuortset ûnderwiis mei de namme ‘I.K.’, waard yn 2012 útstjoerd. Fiif jier lang gienen se op dy wize fierder. Hieltyd wikselen se de taken ôf. Dochs wie it skriuwen foaral Bart syn oandiel, wylst Halbe Piter him mear dwaande hold mei de regy.

It boek ‘Sex to the Max’ foarmet tegearre mei in floch-searje op YouTube, troch it Fryske famke Jennifer de Vries, de nijste oanwinst yn ’e rige fan produksjes dy’t de twa makke hawwe. It ferhaal draait om Max Wouda, in fyftjinjierrige puber dy’t ûndersyk docht nei seksualiteit yn it algemien en syn eigen ûntwikkeling dêryn yn it bysûnder. Max komt te ferstjerren en de hiele tadracht fan syn dea wurdt útsocht troch in floggende Jennifer. Neffens de makkers is it oerkoepeljende tema ‘groepsdruk’, en‘fanút dêr komme dan de pendanten “drankgebrûk” en “homoseksualiteit”’. Pittige ûnderwerpen dy’t hiel bewust sa útkeazen binne.

Neffens de makkers moat it ferhaal perfoarst oanslute by de belibbingswrâld fan de doelgroep, de tolve- oant fjirtjinjierrigen. Halbe Piter leit út oan hokker ûnderwerpen ik dan allegear tinke moat: ‘de pubertema’s: libben, dea, freonskip, dat soarte dingen’. Harren ynspiraasje helje se foaral út eigen ûnderfining en ‘research’. Se sjogge werom nei de eigen pubertiid, mar sykje ek nei uteringen fan hjoeddeiske jongeren. Dy fine se foaral yn ’e online-wrâld; en dus sitte Bart en Halbe Piter gauris foar de flochs fan YouTube-stjerren lykas Monica Geuze en Enzo Knol.

Ik freegje harren at se ek romte oerlitte foar de jongerein om mei te praten oer de opset fan nije produksjes. Se fertelle my dat se pas ûnder it filmjen en nei it ferskinen fan de projekten direkt kontakt lizze mei de doelgroep. Ik sjoch wat kritysk en dat sinniget Halbe Piter net: ‘De fraach suggerearret dat de doelgroep wit wat se sjen wolle. Mar de doelgroep wit allinnich wat se sjen wolle as se wat sjoen ha.’ It giet der dan ek om, sa stelle se, dat sy in autentyk ferhaal bringe. Dat is de betingst foar sukses by de Fryske pubers. Mei harren lêste projekt ha se dat dien troch in eigen Fryske ‘influencer’ te bouwen. Jennifer dus, dy’t neffens de mannen in gat yn ’e merk follet.

‘It wurket as in tierelier. Bern sjogge massaal’, seit Bart. In grutte feroaring yn fergeliking ta harren eardere wurk is dat se foar it earst it platfoarm wêrtroch’t se de ‘kontint’ by de pubers krije kinne, ferbrede hawwe: ‘We binne net mear ôfhinklik fan de poartewachter dy’t de dosint hjit’. Trochdat de doelgroep sels direkt tagong krije kin, fia YouTube, Instagram, WhatsApp of Facebook, binne de makkers net mear beheind ta de trije kertier Fryske les yn ’e wike om harren produksjes by de pubers út te setten. Drege technyske taal moat my oertsjûgje: se hawwe in ‘online’, ‘multymediale’ en ‘transmediale’ ‘storyworld’ makke. Mei as doel, sa formulearret Bart, ‘in wrâld foar de jongerein dêr’t se yn stappe meie wannear’t se wolle, hoe’t se wolle en mei de yntinsiteit dy’t se wolle’.

Foar it grutste part binne de pubers dêr posityf oer, fersekerje de makkers. Fan ’e oare kant, jout Bart ta, is krityk jaan ek lestich, want ‘se kenne ús fansels ek net. ’Hy bedoelt dêrmei dat de bern it team fan makkers en spesjalisten achter de protagonisten – sawol fanút de GGD as fanút it lêsbefoarderingsprojekt ‘Lês No!’ – net sjogge. Neffens Halbe Piter is dat presys de bedoeling; alle uteringen moatte yn prinsipe ‘character-driven’ bliuwe. Dat is in bewust keazen strategy. De echtheid fan bygelyks flochster Jennifer ropt op ta fragen, sawol online as offline, wêrtroch’t de pubers mei-inoar yn diskusje gean. ‘En kommunikaasje is no krekt datjinge wat in taal helpt. Dus asto Frysk ûnderwiist mei it idee fan “wy wolle dat se Frysk leare”, dan moatst wat mei aksje-reaksje.’

 

Folsleine Fryske wrâld
Yn ’e wrâld fan Max en Jennifer kinne lestige universele libbensfragen yn it Frysk besprutsen wurde. Korrekte grammatika of perfekte sinsbou binne, krekt as yn de echte puberwrâld, fan minder belang as de oerdracht fan it ferhaal. ‘It makket dy bern net in fuck út as Jennifer de tiidwurden omdraait,’ seit Bart, ‘dat ynteresseart se echt gjin reet,’ fult Halbe Piter oan, ‘dy fine it gewoan leuk as in famke wat spannends meimakket.’

De bern sjogge der thús nei, yn harren frije tiid, en prate der op skoalle oer. Dat is it hiele idee fan ‘flip-the-classroom’, wêrmei’t Bart en Halbe Piter de dosint romte biede wolle, sadat de beheinde tiid op skoalle foar oare Fryske lesdoelen brûkt wurde kin. Halbe Piter hat in dúdlik stribjen: ‘We moatte ôf fan it idee dat Skoaltv allinnich foar yn ’e skoalle is. Wêrom soe edukative kontint allinnich yn ’e skoalle moatte? Wat is dat foar ûnsin-idee? Dat is dochs hielendal net fan dizze tiid. Wêrom moatte wy dy dosint sa op ’e nekke sitte? Dy ha it al drok genôch mei fan alles en noch wat.’ Dochs binne der guon dosinten Frysk dy’t it materiaal fan de beide mannen net brûkber fine. Fanwegen de heftichheid fan de tematyk as fanwegen it gebrek oan geef Frysk taalgebrûk yn ’e flochs. Hieltyd fernim ik al in spanningsfjild tusken de ferskillende partijen dy’t harren bûge oer Fryske lesmetoaden en de ynhâld dêrfan.

Ik besykje reaksjes los te krijen by de twa mannen, mar wêr’t Bart sa no en dan laitsjend mei syn fingers op ’e tafel trommelet, as wachtet er op it geskikte momint, kapt Halbe Piter my fuortendaliks ôf: ‘It is heilleas om it tsjinoer inoar te setten’, byt er my ta. De Skoaltv-makkers meitsje dúdlik dat se de dosinten júst hiel goed begripe kinne. De boarne fan de diskusje giet nammentlik om de ferantwurdlikheid dêr’t de bûtenwrâld de dosinten Frysk mei opskipet.

Bart en Halbe Piter wolle graach de dosinten fasilitearje en ferrykje mei harren materiaal, ‘mar’, seit Bart, ‘op it momint dat it tinkkader binnen dat healoerke en dy fjouwer muorren fan it klasselokaal bliuwt, ja, dan wurdt it hiel lestich om mei sa’n boek om te gean. En dêr leit de prinsipiële diskusje eins, want moat dy learaar dan yn dat healoerke bern de hiele Fryske wrâld bybringe? Dat is in ûnmooglike opdracht.’ Halbe Piter is it mei syn kollega iens, mar jout ta benaud te wêzen dat minsken tinke kinne dat sy mei syn twaen it ûnderwiis wol efkes feroarje sille. ‘Dat is hielendal net de bedoeling. En dêrmei slachst alles kapot en alles dea, en dat is net yn it belang fan it Frysk. Net yn it belang fan ús bern.’Hy laket: ‘Ik klink no echt as in dûmny of politikus hè?’

Yn ’e alderlêste minuten fan ús petear komme we út by it adagium fan de makkers: it moat in ferriking wêze om in Fryske identiteit te hawwen. ‘Net omdat dy neist wat oars stiet of better as wat oars is, mar gewoan omdat dat in bepaald identiteitsgefoel jout wêrtroch’t je witte wêr’t je weikomme, wa’t je binne, dingen wat better dêryn definiearje kinne’, seit Bart. ‘En dêrom is it belangryk dat der safolle kontint komt, want dy wrâld moat in folsleine en moderne wrâld wêze. En net in folkloristyske pylder. Dat is it.’

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels