“Ofwikseljend en wikselfallich slot Fryske Hard ’n Heavy Trilogy”

ARJAN HUT – 

Diel trije koe wolris it lêste diel yn de rige Frisian Hard ’n Heavy wurde. Krekt as op de earste twa cd’s, stiet op de tredde in smite Fryske metalbands yn de breedste betsjutting fan it wurd: fan punk oant death, fan doom oant trash, mei meastentiids Ingelske, mar ek wolris Frysktalige teksten. De albums wurde útbrocht troch de stifting Metalization, dy’t earder ek al twa elpees (Frisian Metal Massacre) mei Fryske metalbands de wrâld oer stjoerde. Mei safolle útjeften en inisjativen yn sa’n koarte tiid, liket it derop dat men no suver troch de heavy, Fryske groepen hinne rekke is!

Dat men de bak mei artysten wat oan it leechskraabjen is, is op Frisian Hard ’n Heavy 3 wol te fernimmen. Net alle bands binne kwa spul of komposysje hielendal oan opnames ta, wylst ek it lûd út en troch by de bisten omt ôf is! Dit sil gjin probleem wêze trouwens foar lju dy’t de tiid fan de demo-kassette bandsjes noch meimakke ha: dit hiele album asemt de sfear fan stikem rûge muzyk ûntdekke op magyske tapes mei sels tekene hoeskes en op in typemachine typte teksten fol typ-ex flekken.

De band makket lykwols alles goed troch yn de tekst keihurd tsjin in soad hillige, Fryske húskes oan te skoppen.

De Gorredykster punkers fan Ald Sear knalle der fuortendaliks yn mei Lyke Min. Lykas oan de titel te sjen is, sjongt de band yn it Frysk, mar bekroadet him net sa bot om stavering en geef Frysk. De band makket lykwols alles goed troch yn de tekst keihurd tsjin in soad hillige, Fryske húskes oan te skoppen. ‘Wy binne krekt as alle oaren’, klinkt it, ‘Krekt like goed / Mar foaral like min’. Keatsen, fierljeppe, skûtsesilen en ‘dy kut-Pompeblêden’ docht harren allegear neat, se kinne it ek wol ‘sûnder rêde’. Net geskikt foar gefoelige nasjonalisten!

In lekker begjin en mei Art of Pain wurdt dêrnei fuortendaliks in hichtepunt berikt. De band operearret fan út Ljouwert. Sjonger Hans Kuypers en gitarist Tjaard Walstra sieten earden yn Leaper’s Path en litte mei dizze nije groep in lûd hearre dat dúdlik mei ien skonk yn de trash-metal stiet, mar dan krekt wat moderner en melodieuzer. Kuypers hat in lekkere, noflike stimme en it nûmer (dat ek Art of Pain hjit) stekt prima ynmekoar. Oan alles is te hearren dat dit gjin begjinners binne. No al ien fan de bêste metalbands dy’t hjir ombeuke. De manlju binne dwaande mei in EP en sykje om in nije drummer.

Frysktalige, krêftige, stompe metal mei nimmen oars as de Fryske skriuwer Geart Tigchelaar op de trommels.

Dimaeon stie ferline wike noch op Freeze en brocht earder fan’t jier it sterke album Collapse of the Anthropocene út. De bydrage oan dizze sammeler komt fan dat album en hjit ‘The Ruins of Mankind’. Foar de kenners neat nijs fansels, mar wa’t Dimaeon oant no ta fersitten hat, kin lekker los op de kleurrike, sfearfolle staaltsje deathmetal fan brulboei Ferdinand Wanders en co.

Kramtried brocht in jiermennich lyn alris in EP út en giet mei ‘Nammeleas’ fierder dêr’t men doe ophâlde. Frysktalige, krêftige, stompe metal mei nimmen oars as de Fryske skriuwer Geart Tigchelaar op de trommels. Hy is ûnderwilens leau’k by de band wei, om in nij libben te begjinnen yn Denemarken. Hooplik fergiet it him dêr better as de yllegalen dêr’t yn Nammeleas oer songen wurde. Hawar, ek Kramtried siket in nije drummer.

Maycingers is in speedrock ’n roll trio út Warkum dat in tige spartaanske opname fan it ferske ‘Backstabbing S.O.B.’. Rûch as tou! It begjint mei in monolooch (‘Dicks, Pussies and Assholes’) út de film Team America. Koart, aggressyf, entûsjast, dat binne trije kaaiwurden om wat dêrnei komt te omskriuwen. In rûge diamant? In rûge bakstien! Tsjin dyn harsens!

It klinkt as in dizige Hawkwind-bootleg, droant dan dochs wol lekker troch en der knettert in flymskerpe gitaarsolo foarby.

Relative Awareness stiet wer oan de oare kant fan it metalspektrum: in band dy’t de djippere lagen net út it paad giet en tige bewust dwaande is mei it hoe en het fan it minsklik brein. Men set komplekse gefoelens om yn eksplosive muzikale konsepten. Dizze band bestiet út eks-leden fan Insidiae, mei Ferdinand Wanders fan Dimaeon achter de mikrofoan. De Ljouwerters kombinearje yn ‘The Illusion Of Control’ blastbeats mei guon sleepjende passaazjes, ôfwiksele mei stúnkopjende fragminten en hjir en dêr in eksoatysk synthesizer-lûd. Knap spul.

Wat Sackback (moaie namme!) hearre lit is in nachtmerje foar minsken dy’t steane op in optimale lûdskwaliteit. ‘Deathtone’ begjint goed mei gefoelich streake akkoarden en in eastersk lamentearjende snaremelodij, mar as it geweld ien kear losberst, is amper te hearren wat der bard. It klinkt as in dizige Hawkwind-bootleg, droant dan dochs wol lekker troch en der knettert in flymskerpe gitaarsolo foarby. Ik bin benijd hoe’t dizze (tige jonge) band klinke sil, oer in jier ofsa, mei in knapper lûd.

Spacejunk is in punk-trio út it Hearrefean dat him ynspirearje lit troch de Ingelske punk fan om 1980 hinne. It ferske ‘Trashed’ blinkt net út yn orzjinaliteit, mar klinkt lekker nonsjalant en yndied, fanwege it effect op de gitaren ek wer wat ‘spacey’.

De eks-leden fan DrDoom en Greyline litte har ynpirearje troch alle geweld en ellinde yn de wrâld, dat om ideeën sil dizze groep net gau ferlegen sitte.

Wat dêrnei komt is wer gâns ekstremer. Teethgrinder stie ek op Freeze. De band bestiet sûnt begjin 2013 en is fan doel om alle trommefluezzen fan de wrâld kapot te spyljen. De eks-leden fan DrDoom en Greyline litte har ynpirearje troch alle geweld en ellinde yn de wrâld, dat om ideeën sil dizze groep net gau ferlegen sitte. De link mei Fryslân is net alhiel dúdlik (Swol, Utert en Amsterdam wurde oanjûn as berteplakken) mar de destruktive death/grind mei yslike skreau-sang fan ‘187’ is der fansels net in bloedflek minder om.

‘O.M.G.W.T.F.’ fan Timbertoe lit in funky lûd hearre, mei in ‘sleppende’ bas en soepel brommend gitaarwurk. It trio neamt de eigen styl ‘Neanderfunk’ en mei dat lûd binne se in nuvere ein yn dizze izeren byt. Bytsje yn de styl fan 24-7 Spyz, Fishbone en sokke groepen. Bliuwt noch net hingjen, dat is wol skande.

Frisian Hard ’n Heavy 3 wurdt ôfsluten troch Wickedly Cores, rockers út de wâlden dy’t live in mjuks fan covers en eigen nûmers spylje. ‘Day After’ is dúdlik in punkferske, mar dan wol stikem mei in gitaarsolo. Koart, krêftich, net hiel bysûnder trouwens, mar koe minder. De band (mei de bruorren Ate en Wieger van der Meer op drums en gitaar) bestiet al hast seis jier en brûkt in rotsjend klokkehûs as symboal. Dêr mei ik wol oer.

Oft der in diel 4 yn dizze rige komt, liket my sterk. Alteast net yn de kommende jierren. Metalization sil him warskynlik rjochtsje op metal-acts út hiel Nederlân en faaks ek fan bûten de lânsgrinzen. Oant dy tiid leit der in aardige steapel cd’s en lp’s mei Frysk metaal dat jins omtinken fertsjinnet.

Frisian Hard ’n Heavy Volume 3, Metalization.nl, te besetten by Big Bad Wolf Records oan it Vliet yn Ljouwert.

Comments
2 reaksjes oan ““Ofwikseljend en wikselfallich slot Fryske Hard ’n Heavy Trilogy””
  1. Geart Tigchelaar schreef:

    Goeie,

    Efkes foar de goede oarder, de perkusjonist (Theun Hofman) fan Kramtried follet de lakune op dy’t mei it fuortgean fan Geart Tigchelaar ûntstien is. Hja sykje dus foar earst gjin nije drummer.
    (en ‘Tigchelaar’ is mei ‘gch’)

    Groet,
    Geart
    âld-drummer Kramtried

  2. Ernst Bruinsma schreef:

    Tanke Geart, dyn namme is oanpast.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.