De oare koperen tún

Publisearre op 15 januari 2018

JOSSE DE HAAN – 

‘Woman in Love’ – frij nei Barbara Streisand (s.239)

 

Simon Vestdijk hat yn 1950 De koperen tuin skreaun, neffens my ien fan syn moaiste romans. Ik haw dat boek op myn sechtjinde lêzen en de haadpersoan Trix Cuperus haw ik letter yn in pear fan myn gedichten opfierd. Ek yn in roman. Mei de koperen tún hat Vestdijk faaks de Prinsetún yn Ljouwert bedoeld. De kopermuzyk spilet yn dat boek in grutte rol.

 

Willem Schoorstra hat in sterke roman skreaun dy’t wat seit oer jongeren yn de Fryske maatskippij ein santiger jierren, begjin tachtiger. It is in sosjaal-kritysk ferhaal, dat libbet, útdaget en benammen autentyk is.

 

De roman fan Willem Schoorstra begjint mei muzyk yn deselde Prinsetún – in rockkonsert. Op 22 augustus 1978 organisearre de Vara in life konsert yn de Prinsetún fan Herman Brood en syn Wild Romance. It optreden waard direkt troch de Vara útstjoerd, wie gratis, sadat der in 6000 fans op ôfkamen. Ut heel Fryslân. Skriuwer Schoorstra wie 19 destiids, hat miskyn it konsert meimakke, en naam dit muzykbarren as ykpunt foar syn roman – De nacht fan Mare.

Ik haw Brood en syn maten yn dy tiid yn Schagen meimakke – se spilen in soad yn jeugdsintra, en heel wat fan myn learlingen op de RSG yn Schagen wiene wyld fan him. Doe’t myn dochter yn ’78 fjirtjin wie dweepte se mei Brood, en mei de bassist Freddy Cavalli. Folle letter waard se de partner fan Cavalli dy’t doe al lang fuort wie by Brood. In kollega tekenjen en muzyk op de RSG hie mei Brood yn Zwolle op deselde middelbere skoalle sitten. In roman dy’t begjint mei de Wild Romance fan Brood kin dan hast by definysje net mear tsjinfalle. En dat docht er yndied net.

 

Identifikaasje
De roman is opdield yn acht haadstikken fan ûnderskate lingte, en dy acht hawwe elk lytse haadstikjes fan 1 oant 6 siden of minder. It fertelperspektyf foar de lêzer leit by in frommeske fan santjin jier. Se groeit yn jierren en yn persoanlikheid yn de rin fan de roman. Se hyt Mare, en se sit op in middelbere skoalle.

 

It konfliktearjende yn dit boek is it ferskil tusken Mare en Thomas – Mare tinkt en tinkt nei, wylst Thomas noch tinkt, noch sicht hat op syn bestean. Hy drinkt. Dy konfrontaasje tusken twa fereale minsken is de essinsje fan dit boek.

 

De oare haadpersoan is Thomas dy’t wat âlder is – hy seit njoggentjin, mar it sil twa- of trije en tweintich wêze. Hy wie seeman yn it ferline. As je de lêste blêdside lêzen hawwe kinne je fêststelle dat Thomas yn feite de haadpersoan is, want hy bepaalt it libben fan Mare.

It konfliktearjende yn dit boek is it ferskil tusken Mare en Thomas – Mare tinkt en tinkt nei, wylst Thomas noch tinkt, noch sicht hat op syn bestean. Hy drinkt. Dy konfrontaasje tusken twa fereale minsken is de essinsje fan dit boek. Meidat de roman kronologysk en linéêr skreaun is sjogge je dit proses stadich foarm krijen. It begjint yn de Prinsetún, en it eindiget in tal jierren letter yn dyselde Prinsetún.

As de lêzer him identifisearje kin mei de protagonisten yn in roman spilet dat mei yn de wurdearring fan it boek. It makket dat it lêzen op in natuerlike wize ferrint, en it kin soargje dat je as lêzer reflektearje kinne op jins eigen libben – of op in winske libben. Sels haw ik dat mei heel wat generaasjegenoaten dy’t oer har en myn ‘no’ skriuwe, dêr’t soms fan autofiksje praten wurde kin. It kin ek in yndirekte identifikaasje wêze, as je de haadpersoanen ‘kenne’ fan de wrâld dêr’t je yn libje of libbe hawwe. Dat is mei dit boek fan Schoorstra it gefal.

It famke Mare fan santjin docht my tinken oan de learlingen dy’t ik op de RSG yn Schagen Nederlânsk joech – guon dy’t de foarskreaune paadsjes folgen, en oaren dy’t yn opstân kamen tsjin de maatskippij, tsjin de âldelju. Guon mei liberale heiten en memmen, oaren mei rigide heiten dy’t bygelyks by de marine wurken yn Den Helder.

Wy Neerlandisy hiene ôf en ta konflikten as we Wolkers en Cremer lêze lieten. Guon bern waarden fan skoalle nommen en op kristlike skoallen pleatst yn Alkmaar dy’t de moderne frije skriuwers net op de lêslisten hiene. Soms hie in konflikt te krijen mei in grutte leafde sa’t yn it boek fan Schoorstra stal krijt.

 

Sosjaal realistysk tiidsbyld
Ik heuch my bygelyks it famke R. ein santiger jierren – deselde tiid as de roman fan Schoorstra – dat ferkearing krige mei in jonge út sa’n strang marinemiljeu. Se smookten, se wennen op de hasjboat, sa’t wy it skip neamden yn de haven fan Schagen, dêr’t jongeren tahâlden fan ús skoalle en genoaten fan it libben en fan elkoar. Aldelju protestearren, skeakelen de plysje yn, mar koene gjin fûst meitsje. Yn Schoorstra’s roman is it in kraakpân yn L. Mare lûkt by Thomas yn dy’t dêr al wenne. De âldelju fan Mare hiene it leaver oars sjoen, mar litte har gean. Yn 1978! Ik haw it destiids oars meimakke.

 

Ik tink dat de skriuwer mei dit boek in tydsbyld sketst hat dat moai aardich lykop rint mei de realiteit fan dy jierren.

 

Yn Schagen ferdwûnen ôf en ta learlingen nei Amsterdam. We hellen sokken werom, besochten de problemen mei de âldelju op te lossen, en as dat net slagge kamen se op in fletsje, dat yn gearwurking mei de skoalle beskikber kaam. Yn De nacht fan Mare wurdt it probleem wenromte oplost as der in lytsen op komst is troch de heit fan Mare. Hy soarget foar in wenning, betellet de hier en de telefoan. Ut skuldgefoel? Meidat er bûter op de holle hat? Neffens my giet dit allegearre wat te maklik, omdat de âldelju fan Mare net by it alternatyf sirkwy hearre, dêr’t soks in normale geste wie.

Ik tink dat de skriuwer mei dit boek in tydsbyld sketst hat dat moai aardich lykop rint mei de realiteit fan dy jierren. It boek spilet earst yn Dokkum, en letter is Ljouwert de stêd fan hanneling. Mare is fan Dokkum, Thomas komt út P*, in doarpke noard-east fan Dokkum. Syn âldelju hawwe dêr in kroech. Syn mem is foar elkenien de mem.

Mare giet stikem nei it konsert fan Brood. Se doart dat thús net te freegjen. De sitewaasje dêre is dy fan de klisjeeboarger. Yn ’t earstoan wurdt der net sa’n soad oer ferteld, yn de rin fan it ferhaal wurdt dy sfear dêre dúdliker.

 

Kontrastearjende wrâlden
It kontrast tusken de wrâlden fan Mare en dy fan Thomas is fan it begjin ôf grut – de kroech yn P* fan de âldelju fan Thomas tsjinoer it middenklassegesin dêr’t de heit yn de keunst sit, en de mem tsjinstber is op alle fronten. En dan ferskynt dêre de iennige dochter op in stuit mei in eks-seeman dy’t yn de útkearing sit en fan pilskes hâldt. It liket klisjee, mar Schoorstra is boppe dat klisjee útstiigd, meidat er it kontrast tusken beide protagonisten skerp tekene hat.

 

It is gjin subtile leafde dy’t Schoorstra beskriuwt, want dy is fan in drinker by definysje net daalk te ferwachtsjen. It is wol in oertsjûgjende leafde, foaral yn it begjin fan de ferhâlding.

 

Foaral Mare, it famke fan santjin, dat mei it popkonsert op slach fereale wurdt op in jongeman dy’t se noch nea sjoen hat. De skriuwer is yn de hûd fan dy jongfaam krûpt, it is him slagge in oertsjûgjend frommeske te sketsen.

Mare ûntwikkelet har ta in sosjaal-kritysk persoan, mar nettsjinsteande dat sjocht se troch har ferealens net de fâle dêr’t se ynrinne kin, net de echte wrâld fan har partner. Faaks koe se dat ek net sjen troch har frij iensidich opgroeien yn dat boargerlike middenklassegesin. Dy tsjinstellings bliuwe yn wêzen bestean, hoe anargistysk se beide letter ek libje.

De blinens fan Mare hat sûnder mear te krijen mei dat wat Marguérite Duras yn in pear nijsgjirrige romans oan de oarder steld hat – de allesferneatigjende krêft fan de erotyk en de seks yn it algemien. Itselde wurdt beskreaun yn in roman fan Albert de Routisie (pseudonym fan Louis Aragon) – Le con d’Irène/De kut fan Irène – in roman dy’t prachtich oersetten is troch (wa oars?) Thérèse Cornips. It boek is fan 1928, en heart by de bloeiperioade (1925-1935) fan de eroatyske literatuer yn Frankryk, ferbean of net ferbean. Albert Camus fûn dizze roman fan Aragon ien fan de bêste op dat gebiet.

Dizze allesoerhearskjende (en ferneatigjende) krêft fan de erotyk komt yn dizze roman fan Schoorstra heel direkt op it aljemint. It is yn feite de krêftboarne foar Mare en Thomas, benammen foar Mare dy’t dêrfoar gjin ûnderfining hie op dit gebiet – ‘allinne wat fingerje’.

It is gjin subtile leafde dy’t Schoorstra beskriuwt, want dy is fan in drinker by definysje net daalk te ferwachtsjen. It is wol in oertsjûgjende leafde, foaral yn it begjin fan de ferhâlding.

 

Untheisterjende leafdessitewaasje
Mare is noch mar santjin as se folslein fan de kaart rekket. Se hat noch nea in eroatyske relaasje hân, mar dizze wat âldere man rekket har op ûnderskate wizen. Hy is it tsjinoerstelde fan de kâlde rasjonele heit dy’t mei har mem in frij artifisjele bestean libje. Letter lit Schoorstra in wat skerper ljocht op dit keppel skine. Foaral ek om sjen te litten dat Mare eins yn de spoaren fan har mem glidet – tsjinstber en meigeand.

 

Utgeande fan de titel en nei it lêzen fan de helte fan it boek tocht ik dat Mare de haadpersoan wie yn dizze roman. By neier ynsjoch en foaral nei de twadde kear lêzen tink ik dat Thomas de echte haadpersoan is.

 

Ik haw sels in tal kearen yn sa’n ûntheisterjende eroatyske sitewaasje sitten. Letter freegje je josels ôf hoe’t soks mooglik wie, en wêr’t dy drift ta in soarte fan selsferneatiging fuortkomt. Yn dit boek lêze je mei iepen eagen hoe’t sa’n ‘fâle’ setten wurdt, net iens bewust, want yn dit gefal set nimmen in echte fâle.

De leechte dy’t Mare yn it âlderlik hûs ûnderfûn wurdt folslein opfold mei de leafde, mei de erotyk, en de oandacht fan Thomas – dy’t op in stuit Mare (bewust?) begjint te manipulearjen. Schoorstra hat dy negative ûntwikkeling fan dizze leafde manjefyk beskreaun.

De froulike haadpersoan tinkt oer harsels nei, oer it libben, en foaral oer de ferhâlding fan har mei Thomas. Yn it kraakpân hâldt sij fan diskusjes oer de maatskippij, oer de wrâld, oer alles wat oars en better wêze moatte soe. Sij is belutsen, sij is engazjearre, op in stuit nimt se in baan, want der moat mear jild komme.

Thomas tinkt net – de skriuwer lit him net oer it libben, oer syn eigen bestean of oer de relaasje mei Mare neitinke. Thomas drinkt en neukt. En dat docht er al jierren.

Utgeande fan de titel en nei it lêzen fan de helte fan it boek tocht ik dat Mare de haadpersoan wie yn dizze roman. By neier ynsjoch en foaral nei de twadde kear lêzen tink ik dat Thomas de echte haadpersoan is. De fraach dy’t my mear en mear dwaande hâlde neidat ik fierder lies wie dizze: ‘Hâldt dizze man oprjocht fan dit frommeske, of brûkt er har foar syn eigen geniet, en hat er troch de drank syn gewisse en gefoel ferlern?’

Ik haw ditsoarte fan figueren meimakke en merkbiten dat se rücksichtslos allinne mei harsels dwaande binne – hoe kom ik yn ‘e goedichhheid oan drank. Ferslaafden oan oar spul toane deselde egosintrisiteit, en binne yn de grûn fan de saak ûnbetrouber. Se kinne in partner op in hast bewuste wize skansearje, soms ferneatigje.

 

Perverse eleminten
Yn Thomas de drinker merkbite je al frij gau in pear perverse trekjes. As Mare op in stuit by in bushalte hast reept wurdt stiet Thomas op in ôfstân te genietsjen, hy wurdt der geil fan. Dat bart noch in pear kear. De skriuwer hat dat knap yn de roman ferfrissele. It seit wat mear oer de persoan Thomas. Dat sadistysk-perverse kin net daalk keppele wurde oan de drank, want as ditsoarte saken barre is er frij nofteren. It falt in bytsje út de loft. De opmerking letter fan de heit fan Thomas dat er in ‘memmespopke’ wie en is, kin gjin ferklearring wêze.

Mare tinkt hjir oer nei sûnder it te beneamen, mar doart it net op it aljemint te bringen. Se fynt it frjemd dat har leafdesfreon net yngrypt. Fierder yn de roman krijt dit aspekt de oerhân, en soarget dat Mare har yn in grut dilemma fertizet – Thomas hat jild nedich foar syn drank, beslút fotograaf te wurden, en nimt syn freondinne as model.

Hy makket swart-wyt foto’s fan de neaken Mare. Se moat posearje yn alle geile posysjes dy’t er mar betinke kin. Sels as se swanger is moat se yn pornografyske hâldings lizze, stean, op knibbels sitte en wat fierder yn Thomas’ brein opkomt. Hy beart dat de foto’s grou jild opsmite sille, en hy hat yndied in skoft letter heel wat jild om hannen.

Op in stuit wol er har op ‘e Weaze stalle, sadat se sabeare klanten oansprekke moat, wat hy dan fotografearje kin. Hawar, yn feite is er ree har te ferkeapjen. Hy hat har earder doe’t se mei fakânsje wiene op de Feluwe, en se mei in aardige jongfeint prate, ‘myn lytse geile hoer’ neamd.

 

Ensor en Goya sketsten wrede wrâlden
Willem Schoorstra hat dizze haadpersoan as drinker perfekt skildere, hat ek besocht wat achtergrûn te jaan troch Mare en Thomas mei sinteklaas by syn âldelju mei famylje dat feest te fieren. Gedichten hawwe se gjin ferlet fan – Mare skuort har gedicht fan it kadootsje, want dat hat gjin doel. Yn de rin fan de jûn slane se elkoar hast de harsens yn. Yn in oar gefjocht dêr’t Thomas by belutsen is, hat er immen de punt fan in mes op ‘e strôt setten. Mei oare wurden, der sit agressiviteit yn dizze man – troch de drank of fan natuere. Mar dat ferklearret noch net dat perverse en sadistyske ferlet.

Ek Mare begrypt net hoe’t Thomas dy goare foto’s fan har meitsje kin, en sterker, ek noch ferkeapet. As it de spuigatten útrint, stjoert se him fuort, docht de doar op slot. Se skillet de heit fan Thomas en fertelt him dat er fuort is. De heit freget wêr’t er is, en dan lêze wy:

 

Ik betink my dat Ensor de echte weareld skildere. De achterkant fan de spegel. De ûnhuere en wrede werklikheid. As in wjerlûd hear ik mem sizzen: ‘minsken binne noait wa’tst tinkst dat se binne’.

Kâlde rillen rinne my oer de rêch. Ik sis dat ik it net wit.

 

De lêste twa wiken fan novimber l.l. sieten wy yn Cordoba en Malaga. Ik lies jûns de roman fan Schoorstra foar de twadde kear. En wat barde op in sneintemoarn: yn it Thyssen-museum fan Malaga seagen we in tentoanstelling mei wurk fan James Ensor en Francisco Goya – de beestachtichheden yn de wrâld foelen yn tekeningen oer ús hinne. Wat ik by Schoorstra lies seach ik dy middei yn in museum yn Malaga.

Hoewol’t Mare har heit in kâlde kikkert fûn, moat se dochs sa ôf en ta mei him praten hawwe oer keunst. De man siet ommers yn de keunst. Faaks oer James Ensor, dy’t se no ferbine koe mei har eigen libben en dat fan Thomas.

De roman begjint en eindiget yn de Prinsetún. De skriuwer hat op in hele teare wize beskreaun hoe’t Mare ôfskied nimt fan Thomas.

Nettsjinsteande alle wreedheden en fernederingen wit de skriuwer in jonge frou te sketsen dy’t oerlibje wol, dy’t bewiisd hat doe’t se in skoft sjongeres yn in band wie, dat se kreatyf is en wat oandoart. Mar tagelyk beskriuwt er ek hoe’t dit frommeske har mem yn harsels werkent, meidat se sa lang in man kritykleas folge hat sa’t har mem oant har skieding har heit slaafsk folge.

Willem Schoorstra hat in sterke roman skreaun dy’t wat seit oer jongeren yn de Fryske maatskippij ein santiger jierren, begjin tachtiger. It is in sosjaal-kritysk ferhaal, dat libbet, útdaget en benammen autentyk is.

 

 

 

Willem Schoorstra, De nacht fan Mare, 271 siden, útj. Het Nieuwe Kanaal, 2017. Priis €19,50

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels