fotografy: Ruben van Vliet

Oanbieding foar Moanne-abonnees

Kultureel moanneblêd de Moanne en teaterselskip Tryater biede alle abonnees fan de Moanne in seizoen lang fergees in proeflidmaatskip fan de ‘Freonen fan Tryater’ oan. As jo in mail stjoere nei freonen@tryater.nl û.f.f. proeflidmaatskip de Moanne, dan binne jo yn it seizoen 2013-2014 fergees ‘Freon fan Tryater’.

Dat leveret in soad op:

•          Freonen krije de programmabrosjueres tastjoerd
•          Freonen krije de Freonenijsbrief tastjoerd
•          Freonen ha rjocht op koarting op alle foarstellingen
•          Freonen krije útnoegingen foar aktiviteiten dy’t spesjaal foar har organisearre wurde
•          Freonen wurde frege om – as sy dat wolle – mei te wurkjen oan it ta stân kommen fan in produksje
•          Freonen stypje Tryater om troch te gean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teater

As jo jo oanmelde foar it proeflidmaatskip, dan krije jo in paske tastjoerd. As it proeflidmaatskip goed foldocht, dan kinne jo yn it nije seizoen lid wurde fan de Freonen fan Tryater. It lidmaatskip kostet € 20,- foar in duopas (jildich foar twa minsken), in solopas kostet € 14,-.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.