Oade

(oan in black metal gitarist)

 

O jonge.

 

Jûn strykst del yn de stêd.

Oer âlde stiennen stapst troch fergriemd sied en ûnderkoarre strjitten.

Trêdest lâns antike gevels fan’t neaken liif  en oanklaaid fleis.

Troch leafde en dea strjitten. Betelle of fergees.

 

Backstage…

 

O jonge.

 

Dû sabeare goadesoan. Godheit hat dy makke mei godmem.

Ut thor’s heidensk sied, de bealch massyf in rige bergen.

Majestueus rikt dyn hier einleas it skeane stiente del.

Ut flinke pols jout swarte inket oer hiel dyn lea betocht en ynbylde oerkrêft stal.

 

On stage…

 

Sêftsedich strielst ark fan heidensk sederhout.

Unhillich hurd lierelûd bolderet oer it folk.

Boartest mei tiid smytst roazen nei de stjerliken.

Ferspilest benei 21 gram swit mige sied en siele.

 

Yn de kliber swimelje moaie famkes sûnder tonge.

Winkst se ûnferbidlik oan dyn side.

Se bûge net genôch.

Grime kâld slacht de swipe omwuolle  mei seis snaren skerp.

Godlikens sprekt nammers selden minsketaal.

 

O jonge.

 

Jûn draachst de kroan oant it lêste nûmer.

De proai, hast dea, leit opkrolle foar dyn fuotten.

Om ûnferhoeden it poadium te ferlitten litst it stjerren sels gewurde.

Oerémis pulsearret har hert 5 lêste slaggen.

 

 slach ien. sy ûntkent

 slach twa. sy is lilk

 slach trije. sy ûnderhannelt mei dy

 slach fjouwer.  de depresje slach ta

 slach fiif.  sy is dea

 

Ljocht út.

Doek falt.

De jacht is oer.

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.