Nynke Laverman, fotograaf Marleen Annema
fotografy: Nynke Laverman, fotograaf Marleen Annema

Nynke Laverman: dat leafde net stikken kin

TIALDA HOOGEVEEN –

Mei har debút Sielesâlt sette Nynke Laverman harsels yn 2004 yn ien kear op de kaart. Yn de sechtjin jier dêrnei bleau se ferrassen troch harsels telkens opnij út te finen. Ek no wer mei har album Plant, wêr se de harker in finster biedt op ús plak op ierde wêr leafde in konstante is.

It is foar it earst dat Laverman har betsjinnet fan it Ingelsk. ‘Dat begûn mei de gedachte dat ik my mear útsprekke woe. Wylst ik begûn te skriuwen yn it Frysk, kamen de sterkste sinnen binnen yn it Ingelsk. Blykber de taal wêryn’t ik my it bêst útsprekke kin. Elke taal hat syn eigen kwaliteit. De mear poëtyske en emosjonele teksten fan Plant binne yn it Frysk. Wat echt tichtby komt, lit him dochs it bêste fange yn de memmetaal.’

In grutte wite reager fleant oer it greidelân. Nynke har wurkplak biedt like goed in blik op de fierte as in kyk yn it brein fan in keunstner. Oan de muorre sitte quotes, yllustraasjes en foto’s fan de earste sykjende stappen nei wat Plant wurde soe, der ûnder in rige dichtbondels. ‘In nij projekt oangean, is in wrâld bouwe wêr’t je ynkomme. En dat is eltse kear in oare wrâld, in hiel nij undersyk, in ûndersyk nei it libben.’

It sykjen nei it ferhaal dat der no leit, begûn yn maart 2019 mei in reis nei de woastyn fan Jordanië. ‘Ik wie noch nea yn de woestyn west. Der wie leegte, yn sawol de woastyn as myn plannen. Wêr sil ik it oer hawwe? Ik wist it net, mar woe alles loslitte om dat te ûntdekken. Tegearre mei de gids rûn ik troch de woastyn, beide mei in kamiel oan de hân. Eltse dei sochten wy ein fan ’e middei in plak om te sliepen, yn in kloof, wat út de wyn, by it fjoer. En eltse kloof lei fol mei plestik… De mins is oeral en lit oeral syn spoaren achter. Ik wie net fan doel it dêr oer te hawwen, eskapisme miskien, mar ik koe der gewoanwei net omhinne.’

Oer generaasjes
Mei de earste single Your Ancestor set se har ûnderwerp stevich del. Wa binne wy as mins en hoe gean wy mei de ierde om? Yn de tekst sprekt in foarâlder, sprekke wy, de homo economicus, ús bernsbernsbernsbern ta. Freegje we ferjouwing oan har foar ús libbenswiize dy’t giet oer ekspansive ekonomyske groei? You say growth was my Holy Grail, yes it was, and it failed. ‘It giet my om de fraach oft wy ússels yn de spegel oan doarre te sjen, as persoan en as minskheid. Oer it algemien tinke wy net fierder as ús eigen libben en dat fan ús bern, mar wat sizze we tsjin ús bernsbernsbernsbern? Binne wy in goeie foarâlder?’

And it may sound absurd to you, but we loved our children too, in strofe út Your Ancestor, is in brêchje nei it like teare as leave Sabearelân dat klinkt as in treastryk widzeliet, mar dat like goed in spegel is. Hjiryn werhellet Nynke de beswarjende wurden Alles komt goed, alles komt goed. ‘De wurden dy’t ik as mem tsjin myn bern sizze wol. Mar ik wit soms net wat ik sizze moat. Wy binne as mins yn steat ús gedrach te feroarjen, mar komme faak pas yn beweging as it gefaar letterlik foar de doar stiet. Klimaatferoaring en útstjerrende plante- en diersoarten liket fier fuort, liket ús net te reitsjen. Myn eangst sit him net yn it byld fan in apokalyps, mar presys yn dat gedrach, yn dy eachkleppen. En yn wat we mekoar úteinlik oandwaan sille as de ierde net mear sa’n fijn plak is om te libjen. Tagelyk krij ik hoop út myn bern, út de jongere generaasje. It bewustwêzen by harren oer it eigen gedrach en de needsaaklike feroarings is grut.’ En hoopfol is Sabearelân ek. De wurden yn it refrein

en alles wat ik sizze kin
is dat leafde net stikken kin

meitsje datst dy realisearrest dat leafde der altyd wie, is en wêze sil, lykas in elemint of molekuul, en him allinnich mar hieltyd oars manifesteart.
In part fan de nûmers lykas Your Ancestor binne yndringend, oaren as Sabearelân binne brekber. En sa lit Nynke de harker hin en wer pindelje. ‘Ik wurd hin en wer slingere tusken allegear emoasjes as it om ús takomst giet. Tusken lilkens en ûntroering, tusken hope en machteleazens. Tusken in gefoel fan ûnfermogen ta de krêft om te feroarjen. Ik tink dat dat werkenber is.’

Net-witte
De foarming fan Plant rûn parallel mei in persoanlike ûntwikkeling dy’t begûn doe’t sy en har man Sytze Pruiksma – komponist, lûdkeunstner en fûgeler – besletten hiel 2019 in pauze yn de laskjen. It joech romte yn it tinken, kreatyf en privee. ‘Hiel weardefol. It hat bygelyks soarge foar in húshâldlike revolúsje: hast gjin ôffal mear, gjin plestik, útfine wat wy sels meitsje kinne, sa folle mooglik biologysk en lokaal ite en alle fleis fan it menu. Net dat ik tink dat ik de wrâld dêrmei rêde sil, mar it fielt in stik better om te libjen nei myn wearden. Us rûtines en automatismen koene wy allinnich ferlizze trochdat wy dêr romte foar kreëert hiene. Tiid. Ast drok bist, giest soks net oan. In the middle of the hustle you cannot really see, siteart sy harsels út Your Ancestor. ‘It is sa wichtich om sa no en dan op dy pauzeknop te drukken.’

En sa groeide Plant. It ferhaal manifestearret him yn lietteksten, spoken word, muzyk én byld. ‘De foarstelling krijt in dekor fan fideo. Fideokeunstner Douwe Dijkstra, hy makke al de klip by Your Ancestor, is te gek om mei te wurkjen. Ik bin gjin byldzjend tinker, bin ien fan tekst en taal. De foarstellingen – dy’t troch de sitewaasje rûnom koroana ferskood binne nei oktober 2021 – bestean foar in part út ymprovisaasje. ‘Ik kaam derachter dat de kearn fan de foarstelling úteinlik is dat we it even net witte. Dat we foar gigantyske útdagingen stean mei syn allen, dy’t in folslein nije blik op it libben fan ús freegje. Dat is net samar wat. Dêr ha we net even tusken de bedriuwen troch de oplossings foar fûn. We witte it even net en ik tink dat we júst doarre moatte om dat gefoel ta te litten. Allinne as we echt nei binnen keare, yn ’e spegel doarre te sjen en doarre te fielen wêr’t it wurklik om giet, sil der in iepening ûnstean nei in nij ferhaal, in nij wereldbyld. Dat net-witten wol ik fielber meitsje en ek sels oangean. Oan ’e ein fan Plant, nei alle lieten spile te hawwen, komme we út yn in stik dat we net witte. In hiel spannend en ferstild stik wêr’t ik dingen yn doch mei myn stim dy’t ik noch noait dien haw en wat alle kearen oars wêze sil. In pear jier lyn hie ik dat noait oandoard. No wol. Seker mei Sytze. Ik bin hiel benijd wat it mei mysels dwaan sil. En mei it publyk fansels.’

It rekket in tema fan Nynke, loslitte. In loslitten dat sy oangiet by elts nij projekt, wat sy privee oangong yn har frije jier en wat de hjoeddeiske tiid fan ús easket. ‘Koroana twingt ús al om nei ús eigen gewoantes en rûtines te sjen en dy miskien wol te ferlizzen.’

Bertrouwen
As keunster is Nynke wend om alles iepen te litten, wit se dat it ûnwis is wat der gebeure sil. Se wol net oars. ‘Minsken freegje my wol, wêrom bist net fierder gien mei de fado? Mar it ûndersyk giet fierder. It begjint mei it ûnderwerp, dat tsjinnet him oan. Dan begjint in reis nei binnen, sykje ik nei it ferhaal dat ik fertelle wol en komt der in muzikale taal. Ergens yn it proses wurdt it lestich en muoilik en freegje ik my ôf: wêr is de útgong? Mar krekt dy wjerstân is nedich om ergens te kommen dêrst noch net west hast. Plant is in pleidoai foar it sykjen, it net witten en de tiid nimme. Wa binne wy as minsk en wa wolle wy wêze? Wy moatte doare te sykjen, it net te witten en betrouwen hawwe.’ Nynke neamt it foarbyld fan hoe’t sy Your Ancestor skreau. ‘Dan sit ik te skriuwen en komme der yntusken losse sinnen binnen, de krabbels yn de kantline. Mar as ik dy letter lês, blike dy it ferhaal te fertellen. Wêr komme dy wei? It ûnderbewuste miskien, in witten dat yn elkenien sit. We moatte betrouwen hawwe dat dat lûkje iepengiet as we it de romte jouwe.’

Nynke Laverman, fotograaf Marleen Annema

Nynke Laverman, fotograaf Marleen Annema

Slow album release
It album Plant komt hielendal neffens de ynhâldlike gedachte fan it projekt út yn in ‘slow release’. Oer de perioade fan in jier komme de nûmers ien foar ien út fia podcasts dy’t Nynke Laverman makket mei radiomakker Lex Bohlmeijer. Yn eltse útstjoering praat se mei in gast dy’t har ynspirearre hat tidens it makproses. Nynke: ‘It is geweldich om sa ek de woartels fan Plant sjen te litten. En it is ontsettend wichtich om yn gesprek te gean en bliuwen. Oer wêr’t we foar stean en wêr’t we hinne wolle. Dat kinne wy net mear parkeare.’

De earste trije gasten fan Nynke’s podcastserie binne:
Matthijs Schouten (natoerfilosoof)
Eva Rovers (skriuwster/klimaataktiviste)
Damiaan Denys (psychiater/filosoof)

De foarstelling Plant giet yn premiêre sadree de ûntwikkelings rûn Koroana dat talitte. Check foar it lêste nijs de webside nynkelaverman.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.