fotografy: Marleen Annema

Noarden fan dekôr nei thúsbasis foar film

TSJOMME DIJKSTRA –

Wannear’t filmmakkers en studinten fan in media-oplieding yn it Noarden klear binne mei har oplieding, kieze se der yn ’e regel foar om har angel út te smiten yn de Rânestêd of ticht(er) dêrby yn de buert. It platfoarm New Noardic Wave besiket mear kânsen foar harren te kreëarjen, om har yn it Noarden trochûntwikkelje te kinnen. Op it Media Art Festival en it LUNA Festival yn Ljouwert hat it platfoarm trije eveneminten mei op poaten set. Dêroer fertelt Anton Felipa, produksjelieder fan New Noardic Wave.

 

We willen makers bij elkaar brengen en uiteindelijk het regenachtige filmklimaat naar een zomers klimaat toe brengen.

 

Anton Felipa (37) kaam sels fyftjin jier lyn fan Curaçao nei Ljouwert om de oplieding Media & Entertainment Management by de NHL te dwaan. It muoide him, doe’t oan de ein hast al syn stúdzjegenoaten oan de ein fan de oplieding ôfstutsen nei it Westen fan it lân. “Een paar jaar geleden kwam ik Bart Dokter (regisseur, red.) tegen op het Noordelijk Film Festival en toen kwam dat ook ter sprake.” Justjes letter wienen se beiden belutsen by it opsetten fan it Fryske 48 Hour Film Project.

Seis jier letter binne se dat noch en is it in fêst ûnderdiel fan it Noordelijk Film Festival. Filmmakkers wurde foar it projekt útdage om yn 48 oeren tiid mei in groepke in film te meitsjen – fan it betinken oant en mei it draaien. In moaie kâns om ûnderfining op te dwaan en ideeën yn de praktyk te bringen. Mar it is net genôch om ôfstudearre makkers yn it Noarden te hâlden. Mei jild fan de provinsje is dit jier New Noardic Wave úteinset.

 

‘Verhaalvertelklimaat’

“Fryslân heeft misschien geen filmklimaat, maar wel een klimaat dat aan de basis kan staan van films, games, webseries, podcasts, boeken, nieuwe mediaproducties. Dat is namelijk een ‘verhaalvertelklimaat’. Wij geloven in een brede (…) aanpak waarbij het ‘narratief’ centraal staat”, skreaunen Joris Hoebe en Anton Felipa 18 augustus yn in Te Gast yn de Leeuwarder Courant. Doel is net om yn Fryslân nije festivals of poadia út de grûn te stampen. “Die zijn er genoeg”, seit Felipa no oan de tillefoan. “We willen makers bij elkaar brengen en uiteindelijk het regenachtige filmklimaat naar een zomers klimaat toe brengen.”

Om dat te berikken, besiket de stifting makkers op ferskillende manieren te stimulearjen. Alderearst kinne makkers op de site fan New Noardic Wave in eigen profyl oanmeitsje, mei in portfolio en sa yn kontakt komme mei oare minsken yn de filmwrâld. Dêrneist is der bygelyks it New Noardic Wave-lab. “Daarbij koppelen we makers aan andere disciplines om een film van één minuut te maken.”

 

Makkers fan de takomst

“We hebben dat eerder dit jaar gedaan rond de Dag van het Wad. Toen hebben we filmmakers gekoppeld aan zangers, dichters, andere kunstenaars, om hun interpretatie van het Wad te geven. Dit weekend hebben we de tweede editie gehad. Makers werden gekoppeld aan mensen die geen directe link met de mediawereld hadden, om met andere ogen naar Culturele Hoofdstad te kijken. Het thema was ‘makers van de toekomst’. Hoe Friesland eruit zou zien als het in 2081 opnieuw Culturele Hoofdstad is, in de vorm van een serie portretten.”

New Noardic Wave lûkt op mei ynstellingen, opliedingen en festivals yn it Noarden om makkers in poadium te jaan. De ynstek is úteinlik om wat opbloeie te litten dat ek nijsgjirrigens wekker roppe sil by produsinten en fûnsen.

Yn de binnentún fan boekhandel Van der Velde wurde kommend wykein op it LUNA festival trije dagen koarte films toand. It programma is mei troch New Noardic Wave gearstald. Felipa: “Het zijn films van zowel internationale als lokale makers. Denk aan filmhuisfilms, maar korte films.” Der is in kompilaasje fan ‘waadympresjes’ te sjen en ek wurdt in film of klip toand, dy’t in team fan filmmakkers, mediakeunstners en oare makkers op 21 novimber meitsje sil binnen it tema/projekt LinkedUp.

 

Tinkbyldich kampfjoer

In oare aktiviteit wurdt organisearre yn de mande mei de Academie voor Popcultuur. By it moanlikse evenemint Kampfjoer diele fiif troch New Noardic Wave selektearre film- en mediamakkers – om in tinkbyldich kampfjoer hinne – de ferhalen efter harren lêste wurk. Lokaasje is almeast de Academie voor Popcultuur. Yn ferbân mei de ynternasjonale wike fan de Academie voor Popcultuur is der kommende tongersdei oan de Snekerweg 1 in spesjale ‘iepen’ edysje mei in diskusje mei in panel fan minsken út it wurkfjild.

“Het thema is: hoe het medialandschap in deze tijd omgaat met ethiek”, seit Felipa. It panel bestiet út regisseur Dennis Overeem, produsint Hooman Nassimi en de Hongaarske filmdistributeur György Rétfalvi. De wyks dêrop, op woansdei 28 oktober is der noch in edysje fan Kampfjoer, dy’t lykas de diskusjejûn ek ûnderdiel is fan it Media Art Festival. In oantal filmmakkers út it Noarden fertelt oer it foltôgjen fan har nijste wurk, oer de komplikaasjes dy’t se yn it proses tsjinkamen en har manieren om dêr mei om te gean, om de film te meitsjen dy’t se foar eagen hienen.


It Media Art Festival duorret fan 15 novimber oant en mei 2 desimber. It LUNA festival is fan 22 novimber oant en mei 24 novimber.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.