Nina Hiddema: ‘Ferhalen fertelle sit yn it DNA fan Fryslân’

Publisearre op 20 juli 2020

BAUKJE ZIJLSTRA – 

Nina Hiddema is sûnt jannewaris 2019 direkteur fan Omrop Fryslân, neidat se dêr al trijekwart jier wurke hie as ynterim-direkteur. Heech tiid dus foar in ynterview mei de frou dy’t lieding jout oan ien fan de byldbepalende ynstituten fan Fryslân. Oer kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen.

‘We willen die verhalen zo goed maken, dat het mensen verleidt om ook eens iets te lezen, luisteren of kijken wat hen normaal gesproken minder zou interesseren.’

De keunstakademy yn Rotterdam wie it begjinpunt fan it beropslibben fan Nina Hiddema, dat in karriêre as makker yn stee fan bestjoerder hie miskien mear foar de hân lein. Fan it begjin ôf oan hie se lykwols sawol ynteresse foar it meitsjen fan dingen en de ynhâldlike kant, as foar de organisatoaryske en strategyske kant. Se hie har ynskreaun foar fotografy, mar op de akademy kaam se derachter dat se audiofisuele media ek hiel ynteressant fûn, benammen de mooglikheden fan bewegend byld en langere ferhalen. Sa kaam se yn har earste baan telâne, by telefyzjemakker en regisseur Jop Pannekoek. Nei in jier gie se fierder as freelancer en wurke se ûnder oaren as producer, einredakteur, regisseur en dokumintêremakker mei oan in grut tal produksjes.

 

Een van de keuzes die we gemaakt hebben, is dat we ons weer primair richten op onze eigen kanalen: radio, tv en online.

 

Om it jier 2000 hinne kaam der in omslach by de publike omrop, wêrby’t sjochsifers belangriker waarden as wurdearringssifers, oftewol: kwantiteit gie hieltyd faker boppe kwaliteit. Dêr fielde Hiddema har úteinlik net mear by thús, en yn 2007 ferliet se Hilversum om foar RTV Drenthe as haad faria oan de slach te gean. Op dat stuit wienen dêr it managementteam en de direkteur/haadredakteur krekt ûntslein, en it fertrouwen yn de organisaasje moast werombrocht wurde. Nei jierrenlang as freelancer wurke te hawwen, fielde Hiddema no de behoefte om ris ergens wat langer oan te bouwen. Se konsintrearre har op keunst en kultuer, in reade tried yn har karriêre. Yn in tiid dat der by de lanlike omroppen fanwegen de klam op sjochsifers fuortendaliks besunige waard op programma’s mei legere oantallen sjoggers, faak kulturele programma’s, hie se by RTV Drenthe noch de frijheid om it beskikbere budzjet nei eigen ynsjoch te besteegjen.

In folgjende stap brocht Hiddema as direkteur fan Theater Geert Teis nei Stadskanaal. De omslach fan in publyk dat fia in byldskerm de ynhâld ta him nimt nei in publyk dat yn de seal sit, learde har hoe belangryk it is om werklik nei te tinken oer de fraach foar wa’tsto dyn programma makkest, en om de dialooch mei dyn publyk oan te gean, sawol fysyk as online. De omrop is fan oarsprong in ‘stjoerdersorganisaasje’, en moat om bestean te bliuwen no feitlik de omslach meitsje nei in ‘dialoochorganisaasje’. Dêrby moatst net alle kearen mei deselde groep yn dialooch gean, mar hieltyd mei oare groepen, sawol wat ynteresses as wat leeftiid oangiet.

 

Verdiepen, vooroplopen, verbinden
Der moat dus in kar makke wurde yn wat de omrop meitsje wol oangeande foar wa’t en hoe’t dat dien wurde moat. Dêrom wurdt der by Omrop Fryslân no earst wurke oan it formulearjen fan in nij strategysk plan, op basis wêrfan’t besluten naam wurde kinne. Hiddema: ‘Drie punten zijn daarbij leidend: verdiepen, niet alleen kaal nieuws maar ook achtergrond brengen, vooroplopen: mee de thematiek die in de samenleving speelt bepalen, en verbinden: de omroep moet er zijn voor iedereen, ook omdat wij voor een belangrijk deel met publiek geld gefinancierd worden.

De taak van een publieke omroep is niet alleen het brengen van kort nieuws en amusement, maar ook van wat ik maar met een ouderwets woord Bildung noem, brede algemene ontwikkeling. Dat nieuws bijvoorbeeld “klikbaar” moet zijn, is veel te oppervlakkig gedacht. Uit publieksonderzoek blijkt juist dat mensen verdieping zoeken. Wij zitten nu in het proces van keuzes maken daarin: dit doen we wel, dat doen we niet. Een van de keuzes die we gemaakt hebben, is dat we ons weer primair richten op onze eigen kanalen: radio, tv en online. Social media zien we veel meer als een aanjager van onze kanalen.

Het verhaal moet leidend worden: wat willen we vertellen in welke vorm. Een onderwerp als skûtsjesilen bijvoorbeeld hoef je niet te beperken tot wedstrijdverslaggeving in de zomer. In de rest van het jaar kun je het hebben over hoe skûtsjes gebouwd en aangepast worden of over verhalen van schippers, het gaat over veel meer dan sport alleen. Natuurlijk zullen we altijd sport- en nieuwsprogramma’s op radio en televisie blijven brengen, maar daarnaast willen we met langere verhalen aan de slag en met thema’s die spelen in de samenleving.

We willen die verhalen zo goed maken, dat het mensen verleidt om ook eens iets te lezen, luisteren of kijken wat hen normaal gesproken minder zou interesseren. Mensen hebben altijd een bredere interesse dan je op het eerste gezicht zou denken. Ik geloof dan ook niet in de huidige marketingtrend van persona’s, profielen die mensen en hun interesses vereenvoudigen, dat werkt gewoon niet. Hoe mensen kiezen is een veel gelaagder en complexer proces dan de huidige marketingtechnieken ons willen doen geloven.’

 

Taal en kultuer
Hiddema har heit prate Frysk, mar har mem net, en mei dat se bûten Fryslân opgroeid is, hearde se it Frysk yn har jeugd eins allinnich noch by har pake en beppe yn Ternaard. Dêr learde se de taal, dy’t se goed ferstean en lêze kin, mar nei eigen sizzen aktyf ‘nog maar op AVI-3-niveau’ behearsket. Se hat no Fryske les en wurket deroan om dat nivo omheech te bringen, mar dat falt net altyd ta.

‘Ik dacht altijd dat taalgevoel en houden van taal het makkelijker maken om een taal te leren, maar nu merk ik dat dat het juist moeilijker maakt. In het Fries mis ik de nuances en de taalgrapjes waar ik in het Nederlands nauwelijks over hoef na te denken. Juist omdat ik taal belangrijk vind, ben ik me daar voortdurend van bewust. Dat zit het vloeiend denken in de weg.’

Wat Omrop Fryslân oars makket as oare regionale omroppen is dat de Fryske taal it makliker makket om jin te ûnderskieden en dat it oanbod folle breder is as gemiddeld, just tanksij de kombinaasje fan dy taal en in dúdlike eigen kultuer, de tradysjes dêryn en hoe grutsk men dêrop is. Ek it grutte tal Freonen fan de Omrop is unyk. Hiddema neamt Omrop Fryslân dêrom ek wol de twadde publike omrop fan it lân.

It is wol hieltyd lestiger om sjoernalisten te finen dy’t de taal goed genôch behearskje. Der wurdt in soad ynvestearre yn it oplieden fan nije sjoernalisten troch harren bygelyks op in kursus Frysk te stjoeren en ek binnen it bedriuw wurdt dêroan wurke. Fraach is wol hoe geef it Frysk krekt wêze moat en oft farianten yn taalgebrûk tastien wurde moatte of net. Meiwurkers komme allegear út ferskillende parten fan de provinsje en brûke oare wurden en útdrukkingen. Foar Hiddema sels makket dat it net makliker om de taal te learen, mar it is fansels wol de realiteit.

Soms spilet foar de bûtenwrâld ek de kwestje dat de Omrop minsken yn it Nederlânsk antwurdzje lit. Dêr krije se sa no en dan krityk op. Hiddema kin dat wol begripe, der giet wat ferlern as de taal minder brûkt wurdt, en it giet der just om dy taal libben te hâlden. Fan de oare kant: it is ek de realiteit datsto yn in twatalige provinsje libbest, en úteinlik wurde minsken yn it foarste plak frege om de ynhâldlike bydrage dy’t se leverje kinne oan in programma.

 

Iepen doar
Doe’t Hiddema yn maaie 2018 as ynterim-direkteur by Omrop Fryslân begûn, trof se in skansearre organisaasje oan. It earste wat se die wie harkje nei de minsken, safolle mooglik besykje in goed petear mei-inoar te fieren. It is wat in klisjee, mar as sy seit: ‘Mijn deur staat altijd open’, bedoelt se dat ek werklik.

De Omrop siet doe yn swier waar, der wie in soad gedoch en meiwurkers waarden beskuldige fan lekken nei de bûtenwrâld. Hiddema seit dêroer: ‘Op zo’n moment gaat het mij er niet zozeer om of er gelekt is en wie dat heeft gedaan, maar vraag ik me eerder af: waarom is dat gebeurd? Wat is het verlangen dat daaronder zit? Ik denk dat het een verlangen is om gehoord te worden, om serieus genomen te worden. Werk is een belangrijk deel van je leven. Als je dan het gevoel hebt dat je niet meer kunt zeggen wat je wilt zeggen, dat dat alleen nog maar via een omweg kan, dan kunnen mensen hun toevlucht nemen tot bijvoorbeeld lekken.

Vandaar dat ik direct begonnen ben met het uitnodigen van medewerkers om hun verhaal met mij te delen. Het is ongelooflijk belangrijk om je prettig te voelen in de organisatie waar je werkt, om zelfstandig, onafhankelijk en kritisch je werk te kunnen doen, en tegelijkertijd te weten dat je opgevangen en niet meteen afgebrand wordt als je fouten maakt. Iedereen maakt fouten, ik ook, maar als je in de media werkt, ben je extra kwetsbaar, omdat je iets maakt wat de wereld in gaat, dus ook je fouten zijn vaak direct zichtbaar. Op zulke momenten moet je ervan op aan kunnen dat je opgevangen wordt binnen het bedrijf, je moet durven zeggen: ik weet het niet, zonder dat je daar direct op wordt afgerekend. Dat is een kwestie van openheid en vertrouwen. Ik geloof ook niet in top-down geleide organisaties, in een strakke hiërarchie. Vertrouwen moet je verdienen, niet afdwingen.’

De ûnrêst by de omrop kaam ein 2018 ta in klimaks yn in rjochtsaak dy’t in soad oandacht krige yn de media en dy’t einige yn it ûntslach fan de haadredakteur. It wie doe noch de bedoeling dat Hiddema ein desimber stopje soe mei har wurk as ynterim, en as se op dat stuit net droegen wie troch it personiel, dan wie se yndied fuortgien. Mar der kaam just in fraach fan it personiel oft sy dan net bliuwe woe as direkteur. Dat hat se ûnderfûn as in grutte eare, en as in komplimint oan it harmonymodel dat se foarstiet.

 

Ferhalestrategy
Wilens is de rêst weromkeard. Hiddema hat bewûndering foar de fearkrêft dy’t de meiwurkers dêrby sjen litten hawwe. De organisaasje moast om sa te sizzen wer rinnen leare, in proses dat neffens har wol wat wei hat fan ‘de Processie van Echternach: drie stappen vooruit en twee stappen achteruit’. In organisaasje makket as gehiel ek fouten, mar ek dan mei dat net liede ta in ôfrekken. Minsken moatte de kâns krije om te learen fan harren fouten, yn in sfear fan fertrouwen.

De kommende moannen moat de fertaalslach makke wurde fan it strategysk plan nei de konkrete ynfolling fan de programma’s. De ferantwurdlikheid foar de programmatyske ynfolling leit yn it foarste plak by haadredakteur Ingrid Spijkers, mar it wurk dat yn it ôfrûne jier ferset is, foarmet wol de basis, en yn alle gefallen moat de Fryske kultuer in belangryk plak yn de programmearring krije. Hiddema is derfan oertsjûge dat yn de golfbeweging fan klam op kwaliteit en wurdearring nei klam op kwantiteit en sjochsifers, de wedstriid úteinlik wûn wurde sil mei kwaliteit. Want der is behoefte oan betrouber nijs en achtergrûnen, oan djipgong en tsjutting.

It hoecht net altyd swier te wêzen, ek de ferdivedaasje krijt en hâldt in belangryk plak by de Omrop. By alles wat se dogge, jildt dat it in bydrage leverje moat oan de Fryske kultuer en mienskip. Dêrby sil ek gearwurking socht wurde mei oare Fryske ynstellingen, dy’t elkoar neffens Hiddema fersterkje kinne. Foarbylden dêrfan binne de podcast Duizend dagen, oer it tsjerke-asyl fan De Rottefalle, en it projekt It weromkommen fan de Joadske bern, beide yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, en yn it lêste gefal ek mei Stichting De Verhalen.

Dat is úteinlik miskien wol de reade tried: it fertellen fan ferhalen, dat sit yn it DNA fan Fryslân, dêr giet it om en dêr kin de Omrop by oanslute. It is ek net foar neat dat de fertaling fan missy en fisy nei wat yn fakjargon ‘contentstrategie’ hjit, by Omrop Fryslân ‘ferhalestrategy’ neamd is en keppele is oan it byld fan in rivier dy’t streamt. Hiddema hopet dêrmei in foarbyld foar oare regionale omroppen te wurden, sadat der oer in pear jier minsken komme te freegjen: hoe hawwe jim dat dien? En dat se dan konkludearje kinne dat der in dúdlike kar makke is troch in omrop dy’t midden yn de mienskip stiet en dy’t der foar alle Friezen is.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels