Nimmen ûntsnapt oan de realiteit

SJOUKJE WERKMAN –  

‘De Nix’ fertelt in fiktyf ferhaal oer de wize wêrop‘t elkenien fan ús foarme wurdt troch ús eigen skiednis. Mar ek oer de wize werop’t langstme de mins ta wûnderlike beslissingen driuwt. De romte dy’t we sels as mins hawwe om dy skiednis yn it deistiche libben krekt in lyts triuwke de oare kant op te jaan. It ferline stiet fêst, mar nim sels de rezjy oer de takomst.

 

Each foar elts detail, wûnderlike sydspoaren en geweldige dialogen.

 

Dit psychologyske drama draait foar in grut part om Samuel Anderson, in jonge leraar en skriuwer mei in writers block. Syn mem – benammen har aksjes ut it ferline – bepaalt foar in grut part syn fyzje op ‘e wrâld. Mar wat wit hy eins fan har? Wat makket dat sy út lulkens en frustraasje in politkus besmyt mei stiennen?

Tweintich jier nei’t Faye har soan ferlitten hat, is hy fan doel om eksakt te achterheljen wat der bart is. Hy besiket har te begripen, mar hat muoite om syn fertekende byld fan har los te litten. Mei de druk fan syn útjouwer dy’t him op ‘e hûd sit, beslút Samuel om in biografy oer syn mem te skriuwen. ‘Hoe meedogenlozer, hoe beter’, sa klinkt it boadskip. Om it ferhaal te achterheljen, dûkt hy yn de skiednis fan de jonge Faye. In reis troch de tiid nimt de lêzer mei nei it radikale mar ek conservatieve Amerika (1988), lâns rellen en protesten yn Chicago (1968), fia it meast noardlike puntsje fan Noorwegen (1968) nei de oarloch yn Irak (2004) en werom nei it heden fan dit boek (2011).

Famyljetrauma’s driuwe as in donkere wolk boppe it geheel. “Dat was het moment dat haar leven voorgoed in tweeën zou delen, dat haar op het pad zou brengen waarna alles wat er op volgde […] zou voelen als iets onontkoombaars. Elk leven heeft een dergelijk moment, een trauma, waardoor je in gloednieuwe stukken breekt. Dit was dat van haar.”

Mei in treffende symboalyk knopet de skriuwer dit momint oan it ferskinen fan in kweade geast, in nix. Misledigje him net, want hy kwelt krekt sa lang as nedich is. Flechtsje hat gjin sin, hy kriget pas rêst as de skea werstelt is. Dat is tagelyk ek de konkluzje fan it ferhaal: flechtsje hat gjin sin. Foaral net wannear’tst fuortdraafst foar dyn eigen wêzen. In minsk hat net ien autentike ferzy fan himsels, júst al dy ferskate foarmen foarmje wa’tst bist. Rin der net foar wei, gryp al dy stikken by de kladden en meitsje der wat fan. Bliuw dysels klinkt dan yniens in stik makliker.

‘De Nix’ lêst as in trein, mei each foar elts detail, wûnderlike sydspoaren en geweldige dialogen. It ferhaal is fol treflike byldspraak, wêrby’t de wrakseling fan de haadpersonaazjes hast fielber is en it triengas fan de protesten by it lêzen yn de eagen prikt.

 

De Nix (oktober 2016), Nathan Hill. Utjouwerij: De Bezige Bij

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.