fotografy: Marc Queré

Nij elan foar Fryske kultuer

BERT DE JONG – 

Safolle minsken dy’t op De Reuzen ôfkaam binne doe’t se de strjitten fan Ljouwert lyts makken. Safolle oare minsken dy’t yn ’e kunde kaam binne mei wat Fryslân en de Friezen te bieden hawwe. It Fryske boechbyld fan kultuer, deputearre Sietske Poepjes, is út ’e skroeven.

 

Fryslan hat goud yn hannen, fynt deputearre Sietske Poepjes. Noch mear wurdt der ynset op kultuertoerisme. Kulturele Haadstêd 2018 is it begjin.

 

It falt har maklik om optein te wêzen, ‘optimisme sit yn it karakter’. Dêr is alle reden ta, want Kulturele Haadstêd 2018 is ta in moai sukses wurden. ‘Wat kinne wy hjir grutsk op wêze! Wy ha it wiermakke dit jier.’ Fryslân hat yn oansjen wûn, ek ynternasjonaal. De wrâld wit fan Fryslân. In tredde plak op de list fan Lonely Planet is yn lingte fan jierren fan wearde.

It jier 2018 is noch net iens foarby en it giet oer hoe fierder. ‘Wy ha goud yn hannen’, seit Poepjes. Der is nij elan ûnder de Friezen, der binne bysûndere gearwurkingen ûntstien. De provinsje hat 2 miljoen euro oan kant lein om hjirmei troch te gean. ‘It mei net as in skomtaart yninoar ploffe. Wy moatte dizze enerzjy fêsthâlde.’

It joechei oer Kulturele Haadstêd 2018 wie yn de earste jierren nei de útferkiezing yn 2013 sa grut dat net folle minsken neitochten oer ‘legacy’, de neilittenskip fan wat de Friezen no yn sa’n 150 projekten opbrocht ha. Elkenien wie folop dwaande mei 2018, tiid foar pypskoft is der net. Yn de jierren oant 2028 ta wurdt tocht oan in saneamde Biënnale of Triënnale, in periodike pyk yn de programmearring mei in wikseljend haadtema. ‘Wy moatte keihurd oan ’e gong. Yn novimber is der in re-opening om foarút te sjen, want it feest moat trochgean.’

 

Kultuertoerisme
‘De stip op de hoarizon is dat wy ynvestearje yn it kultuertoerisme’, seit Poepjes. ‘Dêr lizze foar Fryslân kânsen. It kin noch grutter as it no al is. Der is ek romte foar eksperiminten.’ It is oan Provinsjale Steaten om dêr dit neijier rjochting oan te jaan. Yn eardere ynstânsje ha dy al oanjûn dat fan grut belang te finen en is dêr troch de provinsje 2 miljoen euro foar útlutsen. ‘It is nei de ferkiezingen oan de nije steaten om dêrmei fierder te gean. Wy kinne dêr net op foarútrinne.’ Har ferwachting is dat der dan nochris 2 miljoen euro bykomt.

De deputearre sjocht it as fersterking fan it regulier kultuerbelied fan de provinsje, dêr’t yn 2018 15,6 miljoen euro foar útlutsen wurdt. Dêroerhinne is der oanfoljend hast 6,7 miljoen euro beskikber, wêrfan 5,5 miljoen euro as bydrage oan Kulturele Haadstêd 2018. De krêft foar de takomst moat komme út de dwersferbannen. It giet om it ferbinen fan kultuer oan oare maatskiplike fraachstikken, lykas natuer, krimp, ynnovaasje en duorsumens.

It projekt Kening fan ’e Greide is dêrfan in moai foarbyld, wêrby’t muzyk en natuer inoar fûn ha yn de Conference of the Birds, in spektakel mei tûzen muzikanten. ‘De winst fan Kulturele Haadstêd is dat der folle mear gearwurke wurdt. It wurdt multydissiplinêr. Dat is moai, wy libje yn in nije tiid.’

 

Fryske taal
It projekt Lân fan Taal yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 is neffens har ek in wichtige ympuls. Se wol ynvestearje yn eksperiminten en yn better en meartalich taalûnderwiis. ‘En minder frijbliuwend’, seit se driigjend. Op guon skoallen hat it ferplichte oere Frysk yn ’e wike in hiel lytse prioriteit of stelt it ynhâldlik neat foar, of binne der gjin masters of juffen dy’t it Frysk machtich binne.

De Fryske taal is in wichtich ûnderdiel as it giet om wat Fryslân en de Friezen bysûnder makket, fynt de deputearre fan kultuer. ‘It hat mei ús identiteit te krijen.’ It rekket Poepjes as it troch minsken net mear gewoan fûn wurdt om it Frysk te brûken. ‘Ik soe it ferskriklik fine as it Frysk útstjerre soe. Wy moatte der fol foar gean om dat foar te kommen.’

It giet om de sosjale status fan it Frysk. Dêryn sit de grutste bedriging foar de Fryske taal. Op it skoalplein praat de jongerein minder faak Frysk as yn it ferline. ‘Dêrtsjinoer wurdt it Frysk in protte brûkt op social media.’ Soks fynt Poepjes in opstekker, ‘mar ik lit my de eagen net tichtgrieme, wy moatte oan ’e slach.’

 

Subsydzjes
‘It is in allesbepalend jier’, fynt Poepjes. ‘It bringt partijen byinoar, it makket kreatyf, der komme ûnferwachte nije saken op tafel.’ It blykt boppedat hiel ferfrissend te wêzen foar it kulturele klimaat yn Fryslân. Nettsjinsteande dat der mear provinsjaal jild beskikber is, is der dochs eangst dat dat foar de takomst minder wurdt. Ein 2017 wie de kulturele sektor breinroer.

‘It is in grut misferstân dat der minder jild beskikber komt’, reagearret de deputearre. ‘It doel is om it opnij te hifkjen en ek nijkommers yn de kulturele sektor kânsen te jaan.’ De provinsjale polityk sil fan ’t hjerst opnij te set oer dy hifking. ‘Miskien hat de polityk noch mear jild oer foar kultuer. Grutte winst is dat de sektor sels mei-inoar yn petear is oer de takomst.’

 

Fries Museum
It Fries Museum kriget it measte fan de provinsje. Alle jierren stiet der 2,8 miljoen euro oan subsydzje op de begrutting. Poepjes sjocht ek dat it museum goede saken dien hat troch him mei blockbusters oer Mata Hari en Escher yn it ljocht te setten. Mata Hari hat 90.000 besikers lutsen, Escher sit al boppe de 100.000. Yn de oanrin nei 2018 hie it museum al in grut sukses mei de tentoanstelling fan wurken fan de skilder Sir Lawrence Alma-Tadema. Mei 158.000 besikers liet it museum doe al sjen dat de minsken wol nei Ljouwert komme wolle. Twa tredde komt fan bûten de provinsje.

It is in meifaller foar it Fries Museum, want it levert allegear ekstra ynkomsten op. Dat kin it museum brûke. It is noch mar foar minder as de helte ôfhinklik fan subsydzje. Poepjes is dêr net ûngelokkich mei. ‘Dêrmei wurdt it fûnemint folle steviger. Dat is better foar de takomst.’

 

Ekonomy
Wichtich is de betsjutting foar de Fryske ekonomy, benammen foar de hoareka. It Fries Museum hat it trochrekkene foar it jier 2017. De 143.035 museumbesikers fan 2017 binne goed foar in kapitaalynjeksje fan 4,1 miljoen euro yn de regionale ekonomy en it hat sa’n 25.000 oernachtingen opsmiten. Elk kin fan tinken wol hawwe dat yn 2018 de bûter jild jilde sil.

De Fryslân-faktor lit him yn it jier fan Kulturele Haadstêd 2018 dûbel en dwers útbetelje, al is it opnij de hoarekasektor dy’t dêr it measte fan profitearret. De brette einfûgels waaie de kastleins en hotelbazen om samar te sizzen yn ’e bek. It stribjen yn it bidbook is om 4 miljoen besikers by de eveneminten te krijen en sa’n 79 miljoen euro oan bestegingen binnen te heljen.

 

Op syn moaist
Deputearre Sietske Poepjes hat har twifels oan kant sette moatten. Ek sy moast oertsjûge wurde troch har foargonger en gongmakker Jannewietske de Vries oer de wearde fan Kulturele Haadstêd 2018. No sjocht se dat der in nij elan yn de provinsje is. ‘Dit is Fryslân op syn moaist.’

In grutske Poepjes rint oer fan de jubel oer de grutte rige fan slagge aktiviteiten en eveneminten dy’t yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 ta stân kommen binne. ‘Wy ha sjen litten dat wy in iepen mienskip binne.’

Ek de deputearre is optein oer De Reuzen. Likernôch 425.000 taskôgers stienen yn Ljouwert om dêr in glimp fan op te fangen. ‘Fansels ha ik wolris tocht: hoe sil dit útpakke? Dan is it moai om te sjen dat Fryslân him hjirmei op ’e kaart set hat.’

De marketing om Kulturele Haadstêd hinne brocht it omtinken foaral nei de grutte manifestaasjes, lykas it wrâldferneamde strjitteäter fan Royal de Luxe mei de reuseftige marionetten. It hat Poepjes deugd dien dat regisseur Jean-Luc Courcoult de ferbining makke hat mei Fryslân. De striid tsjin it wetter en it riden op it wetter mei de Alvestêdetocht hat by him fassinaasje oproppen en him ynspirearre.

 

Stormruiter
It spektakelstik De Stormruiter hat al krekt sa’n soad omtinken lutsen. Mar leafst 100.000 kaarten binne derfan ferkocht. It is eins de ôfsluting fan it jubeljier mei in lange rige foarstellingen oer de striid fan minsken tsjin it wetter. Hûndert Fryske hynders ha in bysûndere rol yn de rezjy fan Jos Thie.

De Stormruiter is yllustratyf foar hoe’t de opmaat foar Kulturele Haadstêd 2018 ferrûn is. De Friezen sjogge earst de kat út de beam. It wie foar produsint Aswin Laheij lang wrakseljen om de skepsis te oerwinnen en de 2,7 miljoen euro byinoar te krijen. Doe’t de kûgel troch de tsjerke wie, gong it dat it slydjage. Sân ekstra foarstellingen binne oan de oarspronklike fyftjin tafoege. It opboude garânsjefûns wurdt no brûkt foar de takomst, om sa nije produksjes mooglik te meitsjen.

 

Foar de Friezen
It doel wie om mei it spektakelstik ek ynternasjonaal oan de wei te timmerjen en tûzenen besikers út it Dútske Noard- en East-Fryslân nei Ljouwert te krijen, om se sjen te litten hokker ferbylding oft der makke is fan de novelle Der Schimmelreiter fan Theodor Storm. Der wie mar in bytsje flecht op ’e koai. Mear as 10.000 kaarten wienen der beskikber foar de reisburo’s en foar relaasjes fan bedriuwen. Se binne foar de simmer yn de gewoane ferkeap gien, de Friezen sels woenen se mar al te graach ha.

It is in feestjier, mar foaral foar de Friezen sels, ek Poepjes moat dat tajaan. Mear as ea binne der lykwols gasten út oare dielen fan it lân en it bûtenlân nei Fryslân kommen. Op it gehiel fan de ferwachte 4 miljoen besikers bliuwt it mar in fraksje. As referinsje jildt it jier 2017, doe’t fan de 1,8 miljoen toeristyske besikers der 315.000 fan oer de grins kamen, foaral Dútske fakânsjegongers. Sil dat fanôf 2018 oars wêze? ‘De grutte wearde is dat Fryslân him sjen lit. Der is elan. Wy slaan mear op ’e trommel.’

 

Ferslingere oan polityk en woartele yn Fryslân

It libben fan Sietske Poepjes (1979) is dat fan polityk en iepenbier bestjoer wurden. Nei har stúdzje steats- en bestjoersrjocht yn de stêd Grins wie der wurk op it gemeentehûs fan Lemsterlân. Polityk aktyf waard se yn 2004, foar it CDA. ‘Ik die myn wurk, mar der moast wat by, fûn ik.’

‘Polityk is prachtich wurk’, fynt Poepjes. De provinsjale polityk yn Fryslân is net te fergelykjen mei oare provinsjes. It bestjoer stiet folle tichter by de minsken. Tsjin har sin stiet de polityk oer it generaal op te grutte ôfstân. ‘Ik wol benaderbaar wêze. Ik sykje de minsken op. Ik wol net hingjen bliuwe yn it Provinsjehûs.’

Thús waard der altyd in protte oer polityk praten. ‘Mei in iepen blik, ek nei oare partijen.’ Har âlden leinen yn 2004 1000 euro op tafel foar in CDA-simmerkamp foar politike foarming by it Piet Steenkamp Instituut. ‘Ik fûn it geweldich.’

Dêrnei krige Poepjes yn 2007 in sit yn Provinsjale Steaten en yn 2011 waard se mei har 31 jierren de jongste deputearre fan Nederlân. ‘Ik fyn it moai om oan de knoppen te sitten.’

Sietske Poepjes fielt har ferbûn mei Fryslân en de Friezen. De dochter fan in Makkumer fiskerman reizget nei oare lannen om de kultuer en de mienskipssin te priuwen, mar fielt har noch hieltyd it beste thús yn it doarp dêr’t se opgroeid is en wennet. It is neffens har ‘the best of both worlds’.

Kin de deputearre gewoan Sietske Poepjes wêze?
‘Je hawwe in ferantwurdlikheid. Moatst altyd op dyn wurden passe. Yn Makkum bin ik Makkumer ûnder de Makkumers. Ik kin dêr gewoan Sietske Poepjes wêze, yn myn âldste spikerbroek rinne. Dan bin ik net de deputearre. Ik hâld fan Makkum. De minsken binne autonoom, mei de noas yn de wyn. Mei-inoar rêde se harren sels. Tagelyk binne se nei bûten rjochte, soks hat grif te krijen mei in plak oan see, it wetter.’

Wol se in powerfrou wêze?
‘Net as it giet om dwers troch alles hinne in doel te berikken. Wol om saken foarinoar te krijen, inisjativen te nimmen.’ Se fynt it wichtich dat froulju deputearre binne en ferantwurdlikheid hawwe – salang is it noch net lyn dat it Fryske bestjoerlike bolwurk fan manlju trochbrutsen is. Mei achting sjocht se werom op Hannie Bruinsma-Kleijwegt, dy’t yn 1981 de earste froulike deputearre fan Fryslân waard, en op oare foargongers lykas Johanneke Liemburg, Anita Andriesen en Akke Brandenburg-Vogelzang. Dy wie ek dochter fan in fiskerman. It set har ta neitinken: ‘De rol fan de frou yn fiskersfamyljes is selsstanniger. Dy nimme besluten, de mannen binne meast op see.’

Hoe wichtich is imago foar har?
‘Fansels hâldst dat wol yn ’e gaten. It soe raar wêze as ik sis dat dat net sa is. Do wolst datst posityf by minsken oerkomst. Ik wol ek entûsjast wêze, en fierders in deputearre dy’t tagonklik is en in frou mei empaty.’

Is der in libben bûten Fryslân foar har tinkber?
‘Dan soe it om myn wurk wêze. Mar leaver net, ik ha it hjir nei it sin. Ik fiel my hjir woartele.’ Foar har wurk as deputearre is se geregeldwei yn de Rânestêd. Se is dan bliid om werom te kommen yn it Heitelân, dêr’t de sosjale en kulturele mienskipssin sa dúdlik oanwêzich is. ‘It is my dêr te drok en it is dêr rauwer en opperflakkiger.’ Makkum is har thús, de wenning út 1670 har plak fan weromkommen. ‘It siicht oan alle kanten, mar ik hâld derfan, ik hâld fan skiednis. Dan sjoch ik it âlde bonkerak fan it hûs, it set my ta neitinken. It bepaalt dy by dyn eigen einichheid.’

Comments
2 reaksjes oan “Nij elan foar Fryske kultuer”
  1. josse de haan schreef:

    In ‘fraachpetear’ sûnder ien krityske fraach = in reklamespot foar de deputearre.
    Advys oan dizze mefrou fan in Fryske skriuwer om utens, sa’t er ek op Omrop Fryslân bepleite hat:

    lis jild klear foar op syn minst twa oersettings literatuer (proaza) it jier ut it Frysk yn it Ingelsk, it Dutsk en it Spaansk,
    en eksportearje dy orizjinele Fryske kultuer de wrâld oer. Dy boeken sizze wat oer Fryslân!

    Reuzen besteane al 200 jier yn Baskelân en rinne dêr noch elk jier om by feesten oan beide siden fan de grins.
    Imitaasjes sitte de lju net op te wachtsjen – autentyk materiaal docht it better. Fryslân sûnder literatuer en taal = Hollân mei in eigen flachje.

    (wie tekene: josse de haan, skriuwer yn hendaye – frânsk baskelân)

  2. Abe de Vries schreef:

    De priis foar de slimste antysjoernalistyk yn 2019 kin no al nei Bert de Jong. Dy krijt werklik gjin konkurrinsje mear fan ’t jier. In blêd dat sokke teksten publisearret soe net inkeld ferbean wurde moatte, de redaksje en de saaklike lieding moatte foar straf alle jiergongen fan Trotwaer opite en de ,,sjoernalist” dy’t it optekene moat in Berufsverbot krije.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.