fotografy: Geart Tigchelaar

Masters fan it Proazagedicht treffe mekoar yn Ljouwert

ARJAN HUT – 

“Ik skriuw noait gedichten dy’t oer dingen geane,” seit de Deen Carsten René Nielsen (1966) yn De Basuin op in flinke stienwurp fan it stasjon yn Ljouwert. It petear giet oer dichters yn tsjinst, Nielsen fynt it in bysûnder fenomeen dat der yn Nederlân stedsdichters binne en in Dichter des Vaderlands. Hy soe soks sels net dwaan, yn opdracht wurkje.

 

Dochs binne it de masters fan it proazagedicht, Nielsen en De Vries, dy’t de jûn nei harren talûke.

 

It is drok yn it ytkafee en waarm. Guon besikers komme foar de proazagedichtejûn, oaren om te iten. Nielsen krijt in stoel en besjocht fan in ôfstân hoe’t Geart Tigchelaar en Nyk de Vries mei de lûdsynstallassje omnifelje. Mei dukteep wurdt de mikrofoan fêstset. “Moai, kin dy ek net ôfsakje,” konstatearret Nielsen. Hy is benammen nijsgjirrich nei it optreden fan Nyk de Vries, dy syn teksten mei er graach oer. Om it wurk fan De Vries lêze te kinnen, is er ferline jier úteinset mei in kursus Nederlânsk. Foarearst praat er it noch net, hy kommunisearret yn it Ingelsk. “Al kin ik Nyk op papier aardich neikomme.”

Ferline jier kaam Nielsen ek alris nei Ljouwert, hy lies doe yn it MeM-paviljoen. Doe foelen de omstannichheden net ta: in drege akoestyk, in suver absurd folume oan omlûden, út en troch klonk it as sloech ien mei in honkbalkneppel de koelkast of espressomasine ynmekoar. Jûn yn De Basuin is it net folle makliker. In mikrofoan dy’t sawat tsjin de hûch oan moat, petearen oan de yttafels, ringtones … út en troch kiperet in keukenhulp in amer mei knikkerts yn waskbak. Of sa klinkt it teminste!

Gysbert Japickspriis-nominearre skriuwer Hein Jaap Hilarides mei as earste, en lêst in lange tekst oer de ramp mei MSC Zoë, wylst hjir en dêr neigesetsjes (iis mei slachrjemme) servearre wurde. Hilarides wikselet Biltsk en Ingelsk ôf, besiket Nielsen derby te belûken, jout him ien fan syn gedichten yn it Ingelsk, ‘Light the sea air’, sadat er meilêze kin.

De jûn wurdt organisearre troch Reade Runen (Tigchelaar, Syds Wiersma, Cornelis van der Wal en Elmar Kuiper). Behalve de Runen, stappe der mear Fryske skriuwers en dichters om, lykas Baukje Zijlstra en Martsje de Jong. Ek romanfiguer De Kesanova is der, krekt as reporter Henk te Biesebeek. Tigchelaar hifket oft de oanwêzigen witte wat in ‘proazagedicht’ is, ommers dat is it tema fan de jûn. Ek termen as flash fiction en ultrakoart ferhaal komme foarby. Gelokkich rint it net út op in kolleezje en meie de dichters wer oan it wurd.

Foar de grutte Elmar Kuiper moat de dukteepte mikrofoan ferhege wurde troch de standert op in koffer te setten. Cornelis van der Wal lêst oersettings foar fan Rimbaud en Baudelaire en Syds Wiersma traktearret it publyk op farsk wurk dat er fan’t simmer yn Ierlân skreau. In moai ynternasjonaal programma sa, en dat allegear op Fryske grûn.

Dochs binne it de masters fan it proazagedicht, Nielsen en De Vries, dy’t de jûn nei harren talûke. De Vries begjint as Fries-om-Utens skruten troch earst mar ris te hifkjen oft wy yn Fryslân wol Frysk fersteane en wikselt dan Nederlânsk en Frysk ôf. Hy makket gebrûk fan tapes, fideo en gitaar. De Piter Jellespriiswinner (èk Gysbert-nominearre) makket fan de lampepit njonken syn gesicht en it brune gerdyn achter him, in lyts, ferfrjemdzjend Wâld-teater. Hy skriuwt oer systemen dy’t yn harsels opsluten sitte, seit er, oer persoanlike dingen. Syn personaazjes lykje op Nyk de Vries. It ytkafee fielt as in nutedop. “Goed zo, goed zo!” ropt in jonkje fan in jier as trije.

Yn ferliking mei De Vries is de foardracht fan Nielsen tradisjoneel. In man mei in boekje, en dy lêst foar. Hy freget oft der minsken binne dy’t it Deensk fersteane. Ta syn fernuvering stekke trije lju de earm omheech. Friezen fersteane alles. Hy lêst syn teksten yn it Deensk foar, en dêrnei komt Tigchelaar mei in oersetting yn it Nederlânsk of Frysk. Hoewol’t de gedichten fan Nielsen net oer ‘dingen’ geane, sit der in soad humor yn. Earst laitsje de minsken dy’t Deensk fersteane, in minút letter folge troch de rest. “I’m translating Nyk de Vries in Danish,” seit er, en slokt dan de mikrofoan op foar in folgende tekst.

Yn it skoft komt de Vries nei Nielsen ta om him in hân te jaan. “Very good,” glimket de Wâldpyk, dy’t de Deen even sekuer observearret, mar him dan rjochting lûdsynstallaasje beweecht om oan de lûdsboks te nifeljen. Bin benijd wa’t as earste de oar yn in proazagedicht ferwurket.

Comments
Ien reaksje oan “Masters fan it Proazagedicht treffe mekoar yn Ljouwert”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.