Net alles is yn nullen en ienen te fangen

Publisearre op 6 oktober 2017

LOLKJE BOUMA –

Yn 2016 ferskynde by útjouwerij Grotesk de novelle Ho Wu en Misty Mac fan skriuwster Aggie van der Meer. Mei dizze novelle jout de skriuwster har kommentaar op de hjoeddeiske maatskippij. Yn in tal koarte haadstikken komt de lêzer yn’e kunde mei Ho Wu en Misty Mac, twa sakelju dy’t libje yn in wrâld fan nullen en ienen. It yndividualisme behearsket harren wrâld en alles draait om meidwaan mei de grutte jonges.

 

Tinzen en gefoelens, dêr kinne beide mannen neat mei. Dan komt de wylde man yn jo nei boppe en dat kin fansels net.

 

Yn it earste haadstik wurde de personaazjes koart foarsteld. Mei-ien wurdt dúdlik dat Mac de gefoelichste fan de twa is. Hy fergeliket himsels mei in gnoe dy’t losrekke is fan de keppel. Hy oertinkt graach ‘alles wat er net begrypt’ – omen est nomen: Misty, mystyk. Wu is in stik saakliker, hy hat de saak fan syn mem oernommen en sels foar syn eigen rykdom soarge. Hy is in ‘selfmade man’. Jild fertsjinje is foar him it wichtichste wat der is want ‘sûnder jild ferdwynt it teater dêr’t de stikken op spile wurde moatte. Komme der gjin robots om it wurk oer te nimmen, de bearen fan ’e dyk te hâlden en ús by de tiid.’ Sûnder jild is de minske neat, hat er te folle tiid, en as men tiid oer hat dan komme de tinzen.

Tinzen en gefoelens, dêr kinne beide mannen neat mei. Dan komt de wylde man yn jo nei boppe en dat kin fansels net. Mar dochs ûntkomme hja der net oan. Der binne fragen yn it libben, dêr ha jo gjin antwurd op. Miskien witte de âlde goaden it har te fertellen, dy sitte no ommers dochs mar wat te tomkemeallen, dêr boppe op de Olympus. Mac beslút in draak op te litten om harren te freegjen oft se de dei noch wat om krije. Dit draakje oplitten – synonym foar bidden – foarmet in reade tried yn it ferhaal. Mar ek hjir lit de skriuwster har maatskippijkrityk klinke. Want Mac stjoert allinnich de meast banale fragen omheech. De minske fan hjoeddeis siket allinnich noch nei goaden as er it antwurd sels net betinke kin. De minske wol alles ferklearje, tsjerken rinne leech en spiritualiteit is eat wêr’t jo jin hast foar skamje moatte. ‘Ek sakelju moatte soms tajaan dat net alles yn nullen en ienen te fangen is. Neat op tsjin salang’t it net in gewoante wurdt, in aardichheidsje bliuwt’.

Uterlik fertoan is wichtich, meidwaan en mei prate kinne. Van der Meer hikkelet dit mear as ien kear. De mannen wurde achte regelmjittich kulturele útstapkes te meitsjen. Net om de kultuer, dêr hawwe de se gjin ferstân fan – de skilders Rothko en Pollock hâlde se net út elkoar – mar jo kinne allinnich suksesfol wêze as jo sjoen wurde. ‘It waard tiid, hie Mac al faker sein, dat se har wer ris yn it útgeanslibben presintearren. Smid fan Smid & Co hie him der alris op oansprutsen. Smid wie net de iennichste dy’t har mist hie op de plakken wêr’t se har as ûndernimmers ris yn in kulturele setting moetsje koenen. Wichtich, Mac, hie Smid sein.’

Van der Meer fertelt benammen yn dialooch. Dit soarget der foar dat it ferhaal him foar in grut part ôfspilet yn de hollen fan Mac en Wu. Omjouwing en dekôr wurde frijwol net beskreaun. Ek de skiednis fan de personaazjes wurdt krapoan taljochte. De lêzer krijt dêrom ek net rjocht hichte fan hokfoar relaasje de mannen no eins hawwe. Se wurkje op it selde kantoar, mar lykje ek byelkoar te wenjen. As Wu mei syn heit bellet, mingt Mac him yn it petear as wiene sy in troud stel. No en dan liket it as hawwe de manlju in relaasje, bygelyks as Wu oan Mac freget hoe’t er eins yn syn libben kaam is, antwurdet Mac: ‘It wie jim mem, in prinses foar dy hie se opjûn. Dus wêrom dan mar gjin prins?’ Mar op in oar stuit geane de mannen mei de dames Vonk op stap en lykje de se dochs ynteressearre te wêzen yn froulju. Mar ek hjir jildt: ‘it moat wol in aardichheidsje bliuwe.’ In fêste relaasje is net de bedoeling.

Mei Ho Wu en Misty Mac wit Van der Meer in krêftige novelle del te setten. It is lykwols net ienfâldich te lêzen. De lêzer moat der hieltyd de kop by hâlde om út de dialogen te filterjen wat der eins bart. Mar foar de opmerksume lêzer stiet it grôtfol ferwizings nei de aktualiteit en krityk op it hjoeddeisk libben. Klimaatakkoart, multinasjonals, Van der Meer faget de flier der mei oan. De minske is los rekke fan syn natoer, fan it hegere plan en hat dêrtroch gjin oar doel mear as jild en macht. De minke is al syn bining kwyt en doarmet no doelleas om.

 

Ho Wu en Misty Mac. Utjouwerij Grotesk, € 10,00.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels