‘Myn komposysjes sloegen yn as in bom’

Publisearre op 24 december 2018

Op strjitte sil er net gau werkend wurde, ek al is komponist Jacob de Haan (1959) ien fan de ferneamdste komponisten fan Nederlân. De wurken fan de yn It Hearrenfean berne Fries wurde oer de hiele wrâld spile troch brassbands, harmony- en fanfarekorpsen. Hy wûn ûnder mear yn 2003 de MuzykMaskelyn Trofee fan Omrop Fryslân en dit jier krige er sawol de Buma Classical Award as de Buma Blaasmuzyk Award. ‘It wie noait myn dream om as profesjoneel komponist troch it libben te gean, mar myn komposysjes sloegen yn as in bom.’

 

It dirigearjen is hurd wurkjen, mar op in gegeven momint komt der in omslach en sjochst dat it wurket, watst besikest út te lizzen oan it orkest.

 

Yn ’e gong fan syn hûs yn it Grinslânske Sellingen stiet in noch net útpakte reiskoffer. De Haan is koartlyn weromkommen fan in reis nei Spanje, dêr’t er in orkest dirigearre. Syn eigen muzyk wol te ferstean, want der binne oer de hiele wrâld in protte orkesten dy’t it ferneamde wurk graach troch de master sels útfierd sjen wolle. Dat barde al sûnt de trochbraak fan de komponist ein jierren tachtich, mar nei de opkomst fan it ynternet en de lêste jierren Facebook is it oantal oanfragen eksplosyf tanommen.

Hoewol’t it soms lestich is om it komponearjen en dirigearjen meielkoar te kombinearjen, seker fanwege al it reizgjen, leveret it De Haan dochs in soad foldwaning op. Net allinnich om’t er fan reizgjen hâldt. ‘It dirigearjen is hurd wurkjen, mar op in gegeven momint komt der in omslach en sjochst dat it wurket, watst besikest út te lizzen oan it orkest.’ Sa’n momint is yn ’e regel needsaaklik, om’t de komponist altyd in hiel dúdlik byld hat oer hoe’t syn eigen wurk útfierd wurde moat.

Faak hawwe de, meastal amateur-, orkesten wikenlang dwaande west mei it repetearjen fan de muzyk ûnder lieding fan harren eigen dirigint. En dan komt De Haan, dy’t meastal in pear dagen hat om mei it orkest te wurkjen. ‘Ik druk behoarlik myn eigen stimpel op it stik, wêrtroch’t it totaal oars klinkt.’ Hast altyd is de kearn fan de feroaringsdrift deselde: ‘Ik haw in symfoanyske benadering. Ik wol dat de blazers de noat trochlûke. By strikers giet dat faak fansels, mar dat fielt foar blazers net logysk.’

De Haan imitearret in tuba. Hy set oan en lit de noat stadich ferfleane. ‘Dat wol ik dus net. Ik wol dat de noat just tanimt. De noat moat trochlutsen wurde nei de folgjende noat. Dêr bin ik hieltyd mei oan ’e gong.’ As dat slagget, dan is it de perfekte ienwurding fan it skriuwen fan de muzyk en it lieden fan de útfierders. Krektlyn noch, yn Spanje, kaam nei ôfrin fan in konsert ien fan de muzikanten nei De Haan ta. ‘Hy sei dat it net folle skeelde of hy wie begûn te gûlen. Dat fyn ik it moaiste om te hearren.’

 

Trochsneed muzikantebestean
Komponearjen en dirigearjen; hoewol’t De Haan fan jongs ôf oan wist dat er wat mei muzyk dwaan woe, wienen dy twa rjochtingen net spesjaal de dingen dêr’t er fan dreamde. Einliks stelde er him in mear trochsneed muzikantebestean foar. De jongste fan trije jonges kaam al betiid yn oanrekking mei muzyk. Syn heit spile tromboane by brassband Pro Rege yn It Hearrenfean en wurke as ynstrumintebouwer by Van der Glas yn itselde doarp. Mar foaral syn acht jier âldere broer Jan waard syn muzikale foarbyld.

‘Hy learde my de earste kneepkes fan de muzyk.’ Earst op ’e kornet, letter op ’e flugelhorn en trompet. Mei de kornet kaam De Haan ek by Pro Rege te spyljen, dêr’t syn broer him letter sels dirigearre. Mar ek de toetsen hienen in behoarlike oanlûkingskrêft op De Haan. Fan syn sande ôf spile er piano. ‘En twa omkes fan my oargelspilen. Dat makke echt in grutte yndruk. Doe’t ik sechstjin wie, seach ik dat se by in tsjerke yn It Hearrenfean in organist sochten. Ik tocht: ik probearje it gewoan.’

It slagget him om it ynstrument sadanich ûnder de knibbel te krijen dat er in pear jier letter nei syn oplieding skoalmuzyk oan it konservatoarium yn Ljouwert ek noch oargel as haadstúdzje kiest.

De toanen fan de oargelpipen blike, lang nei’t er se bespile hat, noch fan grut belang foar it komponearjen. ‘Ik ha dêr in soad fan leard. De registers fan in oargel, dat binne einliks de ferskillende ynstrumintegroepen fan in orkest. Dat brûk ik om kombinaasjes fan klankkleuren meitsje te kinnen. Ik bin dêr by it komponearjen net bewust mei dwaande, mar it wurket dêr wol yn troch.’

Dat komponearjen begjint by hast elk stik op ’e fleugel yn de wenkeamer fan it Grinslânske plattelânshûs. ‘Ik begjin faak op ’e fleugel mei it spyljen fan flarden muzyk, dy’t ik dan opnim mei de iPhone. Bepaalde ideeën nim ik dêrnei mei nei de studio, dêr’t ik se útwurkje op in keyboard mei in kompjûterprogramma.’

 

Frij ienfâldige melodyen
Fan hûs út krige De Haan uteraard in soad muzyk mei. ‘De kast stie fol mei lp’s fan Beethoven, Tsjaikovski en Bruckner.’ Benammen harren grutte symfonyen hawwe ynfloed op it wurk fan de komponist, mar ek de opera’s fan Wagner, Puccini en Verdi klinke dêryn troch. Wa’t De Haan syn muzyk beharket, kin ek ynfloeden fan filmkomponisten ûntdekke. Lykas fan John Williams, stimt er mei. ‘En miskien noch wol mear Ennio Morricone. Sy hawwe frij ienfâldige melodyen wêrfan’tst tinkst: dat kin elkenien wol. Mar dat is dus net sa.’

‘Op it earste gesicht klinkt it frij ienfâldich en logysk en dochs kin net elkenien se meitsje.’ De Haan núnderet it bekende deuntsje fan John Williams syn Indiana Jones-muzyk. ‘Sjoch, dat klinkt dus maklik betocht, mar sa’n melody fine falt net ta. Op himsels is it meloadyske finen net hiel hurd wurkjen, mar je moatte it wol sjen te finen.’

Yn ’e regel wurde de troch De Haan betochte melodyen oaninoar reaun. ‘Faak ûntsteane der meardere melodyen dy’t je meielkoar yn ferbân bringe.’ Ien kear slagge it De Haan om de melodyen oerelkoar hinne te lizzen. As er dêroer begjint, fearret er monter oerein en pakt er syn laptop derby om it hearre te litten: de Dakota – Indian Sketches. ‘Ik hie twa melodyen betocht foar dat stik, mar it wie seker net de bedoeling om se tagelyk klinke te litten. Dat kin ek einliks noait. Mar, ik wit net mear hoe’t it presys gong, ynienen betocht ik dat it hjir wol koe. Dat bliuwt foar my hiel bysûnder.’

 

Muzykútjouwerij
Noch wylst er mei syn konservatoariumstúdzje dwaande wie, naam it komponearjen fan De Haan al serieuzere proporsjes oan as skriuwen foar de pleatslike brassband. Nei’t syn broer yn 1983 in muzykútjouwerij opsette en De Haan frege om foar him te komponearjen, late dat der in pear jier letter ta dat De Haan it beslút naam om syn banen as dosint by it konservatoarium yn Ljouwert en by de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns stop te setten. Want it wurkjen op de middelbere skoalle bliek dochs net te wêzen wat er dêrfan hope hie. ‘Ik fûn it behoarlik dreech.’

It momint wie feilich keazen. ‘Ik wie doe troud en myn doetiidske frou hie ek in karriêre. Boppedat siet der aardich groei yn myn komponearjen.’ Troch de útjouwerij fan broer Jan sipele de blêdmuzyk de grins oer. ‘En fanôf it momint dat dy distribúsje wrâldwiid gong, sloech it yn as in bom: Singapore, Amearika, Japan, Europa, oeral. Ik krige dêr in geweldich noflik gefoel fan, want wat kin der no leuker wêze as komponearjen en dêr dyn jild mei te fertsjinjen?’

Dat wûnder wie miskien net bard as broer Jan net healwei de jierren tachtich syn útjouwerij begûn wie. ‘Hy hat in geweldige kombinaasje fan muzikale knowhow en in sakeynstinkt.’ Boppedat siet de harmony-, fanfare- en brassbandwrâld te wachtsjen op ‘wat nijs’. ‘Utjouwerij Molenaar hie doe op dat gebiet it allinnerjocht. Sy hienen in uterst suksesfolle generaasje komponisten, mar dat wienen al jierrenlang deselden. Myn broer is doe yn dat gat sprongen.’

 

Reprodusearje
Behalve in nije namme wist De Haan ek noch wat oars nijs oan te bieden. Net allinnich de grutte komponisten fan eartiids hienen him fanút de lp-kast fan syn heit beynfloede, ek de moderne popmuzyk wie ta it muzikale brein fan de komponist trochkrongen. ‘Fan Bob Dylan learde ik bygelyks in soad oer ienfâld en styl.’ En yn funkband Gaddafunk út Ljouwert spile De Haan covers fan James Brown en Prince. Dat besoarge de komponist in breed palet oan noatekombinaasjes. ‘Komponearjen is net allinnich produsearjen, mar ek reprodusearjen. Je moatte ynfloeden fan bûten ôf meinimme nei je eigen muzyk.’

Dat makket de muzyk foar sommige minsken sa’t it liket ‘tagonklik’. ‘Te’n ûnrjochte tinke se dat dat de reden is dat myn muzyk harren oansprekt. Mar dat kin noait de reden wêze. It kin seker meispylje, mar ik tink dat it minsken foaral emosjonearret.’

Wyls fernimt De Haan dat it lestiger wurden is om syn nije muzyk oan ’e man te bringen. It wurdt wol goed ferkocht, mar it binne dochs foaral syn grutte wurken fan jierren ferlyn dy’t him de wrâld oer fleane litte om te dirigearjen: syn trochbraakstik Oregon (1989), Ammerland (2001) en it meast ferkochte wurk, Concerto d’Amore (1995). Dat dy noch altyd sa frekwint útfierd wurde, docht De Haan goed. ‘It is moai dat je evergreens – stikken dy’t bliuwe – skreaun blike te hawwen.’

De Haan wol it no wat rêstiger oan dwaan, benammen op it mêd fan komposysje-opdrachten, want op syn reizen oer de wrâld leveret er net yn. In bekroaning soe noch wol passe op syn wurk, jout er ta as him dêrnei frege wurdt: de muzyk foar in film. ‘Mar filmmuzyk komt net samar op je ôf. Dêr moatte je echt yn sitte. Je moatte echt kontakten ûnderhâlde. Ik ha dêr net safolle sin oan, mar filmmuzyk meitsje soe wol echt wolkom wêze, ja.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels