Moannejûn 17 maaie

Publisearre op 2 mei 2011

Op tiisdei 17 maaie wurdt om 20.00 oere de sechde Moannejûn holden yn ‘e Gysbert Japicx-seal yn Tresoar, Ljouwert. De redaksje fan ‘de Moanne’ en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út in foardracht fan de folgjende sprekkers:

Han Steenbruggen
Syds Wiersma
Jan Veninga
Yke Reeder
Tryntsje Nauta

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Ernst Bruinsma. Dizze jun is de sechde yn de rige dy’t ‘de Moanne’ organisearret, om net allinnich op papier mar ek op tal fan oare wiezen in poadium te jaan oan al wa’t goed skriuwe en skerp tinke kin.

Graach drinke wy nei ôfrin in glês mei jim. Wy sjogge út nei jim komst! Opjefte graach foar 12 maaie by Hilda Top: h.top@tresoar.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels