Wrâldfernijende minor NHL

FROUKJE SIJTSMA – 

“Foar safier’t ik neigean kin, wurdt dit de earste minor trainingsaktearjen yn ‘e wrâld”, fertelt Froukje van Houten. We sitte oan de keukenstafel fan har moaie wenbuorkerij yn Wergea. Van Houten rint de keuken út nei de oangrinzjende wenkeamer ta, om dêr in steapel boeken út de kast te heljen. “Sa ast sjen kinst, is der genôch skreaun oer wat trainingsaktearjen krekt ynhâldt, mar it is noch gjin stúdzjerjochting yn it ûnderwiis dêr’t in studint him spesifyk yn spesjalisearje kin.”

Mar dêr komt ynkoarten feroaring yn. Yn febrewaris 2015 set de NHL útein mei de troch Van Houten útwurke minor Trainingsaktearjen. Bysûndere is dat dy minor net allinnich tagonklik is foar studinten fan de NHL, mar ek dy fan oare hegeskoallen en opliedings. “In trainingsakteur is in akteur dy’t in rollespul spilet. It wurdt in soad yn it bedriuwslibben en op de wurkflier brûkt om minsken mei har eigen karakter en wize fan kommunikaasje te konfrontearjen”, leit Van Houten út. “In trainingsakteur kin helpe om struktueren binnen in team sichtber te meitsjen troch teater yn te setten. Rollespullen kinne hiel ferhelderjend wurkje om minsken yn sjen te litten wêrom’t in team net optimaal funksjonearret of wêrom’t minsken op it wurk net hielendal goed út ‘e farve komme”, leit Van Houten út. “Neist it ien-op-ien rollespul is der in skala oan teatrale wurkfoarmen dy’t trainingsakteurs ynsette kinne. Yn it koart: in trainingsakteur stelt it teaterfak yn tsjinst fan it learen fan oaren.”

Froukje van Houten is sûnt 1998 oan de NHL ferbûn as dosint fan de oplieding Teater. Se sit al mear as tritich jier yn it fak. “Ik haw earst de learare-oplieding trochrûn en letter haw ik yn dieltiid noch de toanielskoalle yn Amsterdam dien. Foar my lizze dy fakken eins hiel tichtby inoar. Ik wol minsken kennis, mar foaral ek kunde bybringe. Dat kin fia it ûnderwiis, mar dat kin ek hiel goed mei teater.” Van Houten is sels benammen aktyf as trainingsakteur yn de soarchsektor.

“Der is genôch skreaun oer wat trainingsaktearjen krekt ynhâldt, mar it is noch gjin stúdzjerjochting yn it ûnderwiis dêr’t in studint him spesifyk yn spesjalisearje kin.”

“In trainingsakteur kin mei ferskillende oanpakken wurkje, mar lit it my gearfetsjend simpel hâlde. Mei teater kinst minsken ynsjen litte wat harren gedrach opropt by oare minsken. “Stel dat ien hiel passyf en ôfwachtsjend is, dan sil sa’n persoan flotter oer de holle sjoen wurde en sil syn ynbring minder gau opfalle, makket Van Houten dúdlik. “In trainingsakteur kin dat gedrach mei in rollespul besykje te feroarjen. Nammentlik troch it gedrach earst te besprekken en oanwizings te jaan hoe’t ien assertiver reagearje kin. Deselde situaasje wurdt dan noch in kearke neispile.” Mar net allinnich gedrach, ek hâlding is hiel wichtich. Dat kinst ek oefenje foar in spegel. Ast ien foar in spegel stean litst, kinst dúdlik meitsje wat je lichemshâlding foar ynfloed hat op hoe’t oare minsken je sjogge. Rêch rjocht en boarst foarút, dat sjocht der dochs folle ymposanter út as in persoan dy’t mei kromme rêch stiet en dy’t mei de eagen nei de grûn sjocht.”

Trainingsakteurs wurde net allinnich yn it bedriuwslibben, mar ek yn it ûnderwiis brûkt, bygelyks foar kolleezjes genêskunde of psychology. “De trainingsakteur spilet dan in pasjint of in kliïnt. En de studint moat op de stoel fan de dokter of de psycholooch sitte en dy rol sa profesjoneel mooglik opfiere. Ferfolgens kin in kommunikaasjetrainer – mei wa’t in trainingsakteur altiten gearwurket – yn it rollespul oanjaan hokker gedrach de studint better ynsette kin, om effektiver te wêzen.”

De basisgedachte dy’t ûnder it trainingsaktearjen leit, is dat gedrach oar gedrach opropt. “En gedrach kinst feroarje, benammen troch te oefenjen mei in trainingsakteur”. Ien fan de teoryen dy’t in trainingsakteur brûkt om gedrach te kiezen en te spyljen is de teory fan Belbin. “Yn in groep hast altyd in fêst patroan fan hoe’t minsken yn groepsferbân mei inoar gearhingje. De Ingelske professor Belbin stelt dat der njoggen ferskillende rollen yn in team binne.” Belbin ûnderskiedt de rollen fan bedriuwsman, boarne-ûndersiker, monitor, plant, foarmer, foarsitter, groepswurker, soarchdrager en spesjalist. Alle persoanen hawwe harren eigen skaaimerken. Sa kinne minsken ekstravert of yntrovert wêze, struktuerarre of gaoatysk, dominant of ûnderdanich, behâldend of progressyf. “Dyn rol yn in groep wurdt útmakke troch de oanwêzichheid fan dy skaaimerken yn in groep. Elts minsk hat ferskillende rollen. Sa kin it bygelyks wêze datsto fan nature in lieder of in foarsitter bist. Mar op it momint datst in sterker persoan neist dy stean hast yn de groep, dan pasto dyn rol oan dy persoan oan. Troch de fokus op de groep en op it individu te lizzen, kinne minsken betinke hoe’t se binne en hoe’t se leaver wêze wolle. In trainingsakteur brûkt de ferskillende rollen fan Belbin om tsjinspul te bieden oan de kursist.”

De nije minor bestiet út 30 (EC’s) stúdzjepunten en kin folge wurde troch studinten fan dosint-teater opliedings en akteursopliedings yn Nederlân. Studinten Dramaterapy, Kreative terapy of wolwêzenstúdzjes meie har ek oanmelde, mar moatte dan wol earst troch de audysjes komme. “It is fansels wol in fereaske dat in studint ek wat mei aktearjen en teater hat”, leit Van Houten út. De minor is opdield yn trije dielen. “Yn it earste diel fan 10 EC’S leart de studint de teory en basisfeardichheden fan it teateraktearjen. Dêrneist wurde 10 EC’S bestege oan in staazje yn de praktyk, dêr’t de studint it teateraktearjen oefenjen leart. Eintsjebeslút moat der foar 10 EC’S ûndersyk dien wurde en krijt de studint de romte om sels in kasus, wurkfoarm of teateryntervinsje te ûntwerpen.”

Neffens Van Houten past de nije minor hiel goed yn it kurrikulum fan de teateroplieding fan de NHL. “Us teateroplieding yn Fryslân hat altyd al de namme hiel pragmatysk ynsteld te wêzen. By ús leit de klam op wat in ôfstudearre studint úteinlik kin at er fan de teateroplieding ôfkomt.” Van Houten is it der mei iens dat teater ek keunst is en wêze moat. “Mar dochs moatte je ek realistysk wêze, hielendal yn it noarden dêr’t minder wurk yn dizze bransj is. Je moatte jesels ek as kultureel ûndernimmer profilearje kinne.” Neffens Van Houten is der genôch takomst yn it trainingsaktearjen. “It docht bliken dat dizze oanpak fan learen effektyf is. Dit wurket goed en wy fertelle ús studinten ek dat se hjir letter harren wurk fan meitsje kinne.”

En yn it ferlingde dêrfan is de nije minor ek fan belang, leit Van Houten út. “De status fan ús fak stiet faai. Eltsenien mei himsels trainingsakteur neame, want it is gjin beskerme berop lykas dy fan dokter of advokaat. Wat je dêrtroch krije is dat eltsenien dy’t mient dat er aktearje kin, himsels trainingsakteur neame kin. It probleem is dat mei in minne trainingsakteur ek de trainings fan minne kwaliteit binne. De minne ûnderfinings mei net goede trainingsakteurs, taastet dan ek it imago fan de goeie akteurs oan.” Van Houten is der dêrom fan oertsjûge dat dizze nije minor bydrage kin om de kwaliteit fan it berop fan de trainingsakteur te ûnderstreekjen. “At ien op syn cv sjen litte kin dat er in oplieding ta trainingsakteur folge hat, sil dat seker yn syn foardiel sprekke. Je kinne jesels ûnderskiede.”

It fakgebiet fan de trainingsakteur moat ek mei syn tiid meigean, fynt Van Houten. “Minsken meitsje in soad gebrûk fan nije, sosjale media. Wy wolle by de NHL dêrom ek besykje om brêgen te bouwen mei oare stúdzjegebieten, bygelyks de oplieding Communication & Multimedia Design. Studinten dy’t de ôfstudearrjochting Game Development kieze, kinne dan bygelyks in kompjûterspul ûntwikkelje dat in trainingsakteur wer brûke kin yn syn wurk. Mar dat is earst noch takomstmuzyk. Earst mar ris fokusje op de kolleezjes yn 2015. “

Comments
Ien reaksje oan “Wrâldfernijende minor NHL”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.