Mind games

Publisearre op 1 april 2007

SJOERD BOTTEMA –

De lêste sin is in daalder wurdich

– (…) Dou Bist De Haedpersoan.
– Wêrfan?
– Fan Dit Boekewikegeskink.

‘Ik ha wolris wat lêzen oer úttredingen, oer minsken dy’t harsels op de operaasjetafel lizzen sjogge en dêr letter ferslach fan dogge,’ seit Koos Tiemersma yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2007). ‘It binne faak prachtige, mar ûnkontrolearbere ferhalen: dan kinst as skriuwer dyn gong mar gean.’

Dêrmei jout Tiemersma ek daliks it swakke punt oan fan syn ferhaal Mind games – en alle oare ‘fantastyske’ ferhalen, ynklusyf de wrâldferneamde Harry Potter syklus: alles kin, alles is mooglik, it is in wrâld fan hokuspokuspas en alles is weer net zo of juist heel anders als het was. Dat wurket al rillegau, by my alteast, ferfeelsum. In ferrassing is pas in ferrassing as men it net foar mooglik hâlden hie, as men derfan opsjocht. En dat is no krekt it probleem yn ditsoarte ferhalen: dêryn sjocht men nergens fan op, alles is mooglik. Behalven in echte ferrassing dus.

Dat manko is allinne foar te kommen as de skriuwer net yn alle opsichten de frijheid nimt dy’t him yn teory tastien is, mar dochs in soarte fan konsistinsje neistribbet, in gearhing, in min ofte mear logysk yninoar gripen fan oarsaken en gefolgen dy’t beheinings oplizze en derfoar soargje dat de skriuwer net samar yn alles ‘syn gong’ mar gean kin. In der Beschränkung zeigt sich erst der Meister.

‘It boekje hinget fan de ynfallen en ideetsjes oan elkoar,’skriuwt ynterviewer Sietse de Vries yn it earderneamde fraachpetear. En Tiemersma sels seit dêroer: ‘Dy krij je yn je kop en dy skriuw je op. By eardere boeken moast ik my faak ynhâlde, mei dit tema hoegde dat net.’ Sokke kwalifikaasjes en útspraken meitsje jin op it slimste klear. Dêrneffens falt it allegear wol wat ta. Tiemersma is gelokkich net hielendal mei syn ferhaal op ’e rin gien.

Ta de ‘ynfallen en ideetsjes’ rekkenje ik de nûmering fan de haadstikken. Elk haadstik is nûmere mei it getal ien, in ‘ideetsje’ dat grif gearhinget mei de gedachte dat der parallelle universums besteane. Age Roda krijt, as er syn lichem op de operaasjetafel foar eagen hellet, it idee dat er himsels ferdûbele hat of miskien noch slimmer: ‘Yn wêzen hie ’k mysels ferheft ta de tredde, miskien sels ta de fjirde macht, foar minder die ik it net.’ No smyt al dat ferheffen yn dit gefal wiskundich besjoen neat op, want 14 is noch altyd 1, mar goed, een kniesoor die daarop let, Age sil bedoele dat er himsels fermannichfâldige hat mei in faktor 4 of noch heger miskien: ‘Hoefolle duplikaten fan in minske swalkje om yn diminsjes dêr’t wy gjin weet fan hawwe, parallel oan it bestean? En dogge se eksakt itselde as it orizjineel? Of wike se ôf fan it wenstich patroan en siket elk in eigen paad?’

In ideetsje is grif ek it geregeld wikseljende fertellersperspektyf – vice versa fan ‘ik’ nei ‘hy’ – dêr’t ik my yn it begjin nochal oan steurde omdat de sin fan dy wikseling my ûntgong, mar dy’t nei alle gedachten gearhinget mei de fraach dy’t Age Roda himsels op in stuit stelt, de fraach oft er eins wol echt bestiet en net in personaazje is yn in oar syn ferhaal: ‘Wie it Age Roda dy’t dit allegear tocht, of wie ik in stik op it spylboerd fan in oar (…)?’ Dy gedachte wurdt Age ynskúnd yn ien fan de petearkes dy’t er hat mei De Stim (= God = de skriuwer = ynfal! ideetsje!) En dat ferhaal is it boekewikegeskink. Dêr is gjin spjelde tusken te krijen.

En dochs fyn ik dat ideetsje in bytsje de flauwe kant neist. Lykas ek it feit dat God praat yn âlde stavering en mei haadletters. It hiele petear mei God ferrint yn in kabareteske sfear; dêrmei wurdt it ferhaal eksplisyt presintearre as in grap fan Koos Tiemersma, mar dêr wurdt it absolút net leuker fan en al hielendal net spannender. Sterker noch: de goedwollende lêzer dy’t tige syn bêst docht om it allegear wakker spannend / nijsgjirrich / yntrigearjend ensf. te finen, wurdt troch dy dialoochjes hyltyd wer op de fingers tikke: ei toe ju, sokses, stel dy net sa oan, lit dy net sa meislepe, it is allegear mar flauwekul. Kabaret. Mar kabaret is der bûten dy kursivearre dialoochjes tusken Age Roda en De Stim amper te finen. En dus binne dy petearkes, wêryn’t it flauwekul-elemint sa dúdlik boppe-op leit, hinderlik, steurend. Se dogge ûnderstek oan de rest fan it ferhaal. De skriuwer hie dy petearkes better weilitte kinnen of der in oare foarm oan jaan moatten.

Werklikheid of yllúzje? De iepeningssinnen fan Mind games lykje al daliks it antwurd te jaan op dy fraach: ‘Ron Ferry?’ Hol keatsten de wurden troch de dream.’ In dream. Yllúzje, dus. De allerlêste sin fan it boekje – dy’t ik hjir net sitearje om’t ik it ferrassingseffekt net bedjerre wol – set alles lykwols yn ien klap yn in oar perspektyf.

It is trouwens de fraach oft de haadfiguer, Age Roda, ûntfanger fan in donorhert, dat boadskip sels ek noch trochkrijt. De operaasje hat plakfûn yn Amearika. De donor is in Amerikaan, Ron Ferry, dy’t himsels ophongen hat yn in sel fan The State Prison of Masachusetts. Age Roda en Ron Ferry treffe elkoar yn de operaasjekeamer. Roda is ûnder de operaasje út syn lichem stapt en Ferry hat blykber itselde dien.

Ron Ferry nimt Age Roda op sleeptou troch in dreamwrâld dêr’t tiid en plak algeduerigen wikselje. Age is in ferwoeden berchbeklimmer en it sil dan ek gjin tafal wêze dat de reis úteinlik nei Switserlân fiert. Dêr bedarje se yn in hotel oan de foet fan de Eiger. De dream, of wat it dan ek mar is dêr’t Age yn omswalket, jout him de kâns om ôf te meitsjen wat destiids mislearre: it beklimmen fan de Eiger. Fan it momint ôf dat dy beklimming úteinset, ferliest it ferhaal syn dreamkarakter – in jachtich gehiel fan oer elkoar hinne rûgeljende tafrielen yn in soms abrupt feroarjende wrâld mei yn it werklike libben ûnmooglike sitewaasjes – en wurdt it in realistysk ferslach fan in drege beklimming dy’t 16 siden lang meter foar meter beskreaun wurdt. Dat realisme kaam ynearsten op my oer as in tongerslach by heldere himel. Ik fûn it ferslach fan de berchbeklimming in miskien wol moai mar dochs dissonearjend fremdkörper yn it gehiel. By de twadde lêzing foel it my lykwols op dat dy feroaring yn fertelwize korrespondearret mei in belofte dy’t Ron Ferry earder dien hat: de beklimming fan de Eiger sil ‘echt’ wêze. De earste oankundiging fan dy oergong fan ‘dream’ nei ‘realiteit’ docht Ron al op side 30: ‘Moatst mar rekkenje dat de dingen om ús hinne hieltyd normaler wurde. Strak gjin trúkjes mear lykas yn de State Prison of by de oare tafrieltsjes dy’t ik dy toand ha. Wy meitsje diel út fan it deistich libben, sille omgong hawwe mei de echte minsken.’

Tiemersma, sa docht hjir dus bliken, is yn tsjinstelling ta wat er suggerearret yn it fraachpetear mei De Vries, hielendal net ‘syn gong mar gien’. En gelokkich mar. Sa is der al mei al dochs in min ofte mear ‘kontrolearber’ en oer it generaal ûnderhâldend ‘mystery’-ferhaal ûntstien. Mei op ’e lêste side, yn ’e lêste sin, ynienen in ferrassend klapstik.

Oan de ein fan syn klimtocht stiet Age fan it iene op it oare momint wer yn in ûnwerklike dreamwrâld: ‘Dêr stie ik, middenyn in iispaleis, en oeral dat ljocht (…).’ De yn psychedelyske kleuren beskildere Rolls Royce fan John Lennon stiet earne parkeard oan ’e sydkant. ‘Oer de sniewolken trêdzjend berûn ik de himel.’ Ron Ferry is dan fan it toaniel ferdwûn en John Lennon nimt it plak fan Ferry yn.

Neffens it fraachpetear mei de Ljouwerter Krante tilt it yn Mind games, behalven fan de ynfallen en ideetsjes, ek op fan de ‘knypeagen’. In foarbyld fan sa’n knypeach, yn dit gefal nei it ferneamde Orpheusferhaal út de Grykse mytology, is de nije opdracht dy’t Age foar him sjocht: John Lennon út it ryk fan de deaden helje en werombringe nei de ierde. De ôfrin fan dy twadde ekspedysje is dus foarsisber en de wize dêr’t Tiemersma dat op ynklaaid hat, is ek net echt ferrassend.
Mar dy hâlde we dus noch yn petto, dy echte ferrassing.

Werklikheid of yllúzje?
Age Roda mient, as er alles achter de rêch hat, it antwurd op dy fraach wol te witten, al set de eachopslach fan syn buorfrou him dochs noch even oan it tinken…
En dan komt de lêste sin.
Dy allerlêste sin.
De echte ferrassing, einlings.

Koos Tiemersma, Mind games. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2007. 80 siden. (Boekewikegeskink)

Earder ferskynd yn de Moanne 6 (2007) 3 (april), s. 52-53.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels