Midsimmerjûn Rie

Fertellers, sjongers en muzikanten nimme ús mei yn de wrâld fan harren ferhalen en muzyk. Dat dogge se op ferskate plakken yn Rie – yn de bosk, oan it wetter en midden yn it doarp. De jûn einicht mei in moai konsert op de iisbaan, dêr’t wy it greidelân oereagje kinne oan de kime ta. Sa kinne wy it ûndergean fan de sinne fiere. Oan de Midsimmerjûn dogge mei:

Douwe Kootstra
Freark Smink
Marius de Boer
Gurbe Douwstra
Gerbrich van Dekken
Roel Slofstra
Frank Belt
Mariusz & Muzikanten
Muzykkorps LB-band

De Midsimmerjûn giet los om 20.00 oere, op trije smûke plakjes yn Rie, dêr’t in ferteller ferhalen fertelt en tagelyk in sjonger/muzikant muzyk makket. It publyk kin oanskowe, harkje nei de moaie fertellingen en muzyk en tagelyk in drankje en hapke krije. In optreden duorret 30 minuten. Dêrnei kin it publyk in oare lokaasje opsykje, dêr’t itselde bart, mar dan mei in oare ferteller en sjonger/ muzikant. Sa rouleart it barren troch it doarp hinne.

Boppesteand programma sil duorje fan likernôch 20.00 – 22.00 oere. Dêrnei giet it publyk nei it sintrale plak ta: de iisbaan. Dêr jout de Riester fanfare LB Band in konsert. It wurdt in optreden dêr’t ek de fertellers en muzikanten oan meidogge – ek hjir wurde dus ferhalen ferteld en wurdt songen. Dit sil duorje oant likernôch 23.00 oere ta. De Midsimmerjûn wurdt ôfsletten mei in konsert fan Mariusz en de Muzikanten. Marius de Boer (foarhinne frontman fan Reboelje) bringt yn de foarsimmer syn nije cd út, dy’t er mei syn band makke hat. Foar publyk wurdt dit ien fan de earste kearen dat se dit live hearre kinne. Om 24.00 oere hinne sil it hiele programma dien wêze.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.