fotografy: Sibe Jan Kramer

Meubelûntwerper Sibe Jan Kramer

Sito Wijngaarden – 

Tegearre mei fotograaf Tryntsje Nauta ferhuze Sibe Jan Kramer ein ferline jier nei Berlyn. De Moanne wie benijd nei syn earste erfaringen as Fryske ûntwerper om utens.

Wa bist?
Ik bin Sibe Jan en ik bin in ûntwerper. Benammen meubelûntwerper. Mar ek ynterieurarsjitekt. Boppedat haw ik in grutte fassinaasje foar grafyske foarmjouwing en keunst yn de iepenbiere romte. Of bin ik no dochs keunstner?

Fier foardat it tema duorsumheid modieus waard, wosken wy thús op de buorkerij al ôf mei op de houtkachel sean reinwetter. En ús heit geat dan ek noch in stik as fjouwer termosflessen fol mei siedend wetter. Wy reparearren ús eigen fyts, mem werbrûkte alle âlde bûterbakjes en bôlepûdsjes en fansels moasten wy ek ús itenspantsje skjin leech ite. In board dat stikken foel, waard lime. Der waard neat fuortsmiten.

Myn ûntwerpfisy is dêr behoarlik troch foarme: earst sjen wat wy hawwe en dêrwei fierder ûntwerpe. At it nijste der fan ôf is, krekt dan wurde gebrûksfoarwerpen yn myn eagen nijsgjirrich. Dan begjinne se te libjen. Slitaazje en reparaasjes boeie my.


Wat dochst no?

Op it stuit wenje ik tegearre mei myn freondinne yn Berlyn, yn in wengroep yn de wyk Prenzlauer Berg. In Alltag begjint moarns mei in Milchkaffee yn de wengroep, in praatsje mei in húsgenoat en dêrnei gean ik oan it wurk. In wichtich diel fan dat wurk bestiet ynearsten út it útwreidzjen fan myn netwurk. Berlyn ûntdekke dus, nije freonen meitsje, winkels, kafees, parken en ûnbestimde plakken fine. Koartlyn liet ik bygelyks myn wurk sjen oan in ynteressearre eigner fan in designwinkel. Of ik praat oer de ynrjochting fan in kofjetintsje en fernim dat de man in twadde kafee iepenje wol. Ek sykje ik “konkollega’s” op om mei gear te wurkjen, produksjebedriuwen, gruthannels. En meikoarten begjin ik oan myn earste opdracht yn it hûs fan in partikulier.
Jûns stiet it iten klear, dan ite we mei sa’n 10-15 man. En lekker! Want at je mar ien kear yn de twa wiken itensiede hoege, dan meitsje je der wat bysûnders fan.

 

Fia it ynternet hast de wrâld binnen hânberik en dochs sikest it ergens oars. Wêrom?
Ynternet makket sa’n ferhuzing foaral makliker. Kontakt mei freonen en klanten is ienfâldich mei Facebook, Skype en Teamviewer. Doe’t ik hjir yn 2003 foar it earst kaam tocht ik al dat it nijsgjirrich wêze soe om hjir te wenjen. Sûnt dy tiid kaam ik hjir praktysk elk jier en alle kearen murk ik wer: “Wat krij ik hjir in enerzjy!”. Ein 2009 besleaten Tryntsje en ik, sy wie like sjarmeard rekke fan Berlyn, dat we it wolris besykje koenen. Ik kin my hielendal fine yn de wurden fan Hella Jongerius, ek ferhuze nei Berlyn: “Ik hou ervan een beginner te zijn, te pionieren, mezelf en mijn werk opnieuw uit te vinden.” Ik fyn it in grutte útdaging myn klantekring út te wreidzjen nei de kulturele haadstêd fan Europa. En neist Hella Jongerius binne der mear dy’t nei Berlyn ferhuze binne: Olafur Eliasson, Ai Weiwei, Anne Feddema, Daniel Richter en Erwin Olaf wurkje hjir ek….

Yn it begjin fan de foarige ieu skreau Karl Scheffer al dizze wurden: “Berlin ist dazu verdammt: immerfort zu werden und niemals zu sein.” Dat is noch altyd wier, al soe ik net sizze “dazu verdammt”, mar earder “damit gesegnet”. Der feroaret konstant fan alles, de stêd is in konstante bouput, it Saailân is der neat by. Dat fyn ik spannend, it is altiten wer oars.

Der is hjir ek in protte romte, sawol yn public space as yn Lebensraum. No wie ik dat fansels wol wend yn Fryslân, mar dy romte moatst net allinnich mar letterlik besjen, seker ek figuerlik. Troch de enoarme romte dy’t sûnt de fal fan de muorre frijkaam is en de stadige beslútfoarming (it konsensusmodel) binne der in protte braaklizzende terreinen te finen en leechsteande gebouwen. Noch altyd. Dat jout romte foar Zwischennutzung fan dy romtes.

Sa kinst hjir restaurants fine dy’t itensiede fan wat mei Guerilla Gardening produsearre wurdt; yn de wyk Mitte fine je in fuotbalfjild – midden yn ’e binnenstêd! Kom dêr marris om yn in oare metropoal. En sûnt 2010 is der “ynienen” it nije stedspark Tempelhof, grutter noch as Central Park. In kwart fan it stedsopperflak bestiet út natuer. Lekker hear! En ferline wike klommen we yn it ferlitten Amerikaanske ôflústerstasjon op de Teufelsberg. Oankommen yn de boppeste radar dome, in perfekte koepel, oefene dêr samar in fioelist. In prachtich, spontaan konsert mei útsicht oer de stêd en in fantastyske akoestyk.

 

Is it kreatyf klimaat yn Fryslân net goed genôch?
Sa soe ik it net sizze wolle, mar fansels bart der minder as yn Berlyn. Der wenje ek minder minsken. Oan de oare kant haw ik it idee dat it sûnt in pear jier hyltiten mear buorrelt yn Fryslân, mei in Akademy foar Popkultuer en inisjativen lykas Fryslân 2018 – wat je der ek fan tinke wolle – liket der mear reuring te kommen. Der wurdt mear oer kultuer praat en der wurdt fan alles organisearre. Ek dingen wêrfan’t ik tink: shit, no soe ik wol yn Fryslân wêze wolle.

Wat hjir neffens my troch de polityk al mear dien wurdt is: nét dwaan, dingen op syn beloop litte. Leit der in stik grûn braak, prima foar in skoftsje, net direkt in stek deromhinne sette, net direkt dingen ferbiede. Sa ûntstiet dan ynienen in crossparkje foar fytsen. Dy Zwischennutzung, dat kreëarret in klimaat dat as in magneet wurkje kin.

 

Wat betsjut it wurkjen en wenjen yn it bûtenlân foar dyn wurk?
De earste moannen bestienen foaral út in protte geheister mei ferhúzjen nei tydlike apparteminten. Wol superynteressant trouwens, om te wenjen yn huzen fan oaren. Sa krige ik de kâns om hiel ticht op de hûd fan minsken te krûpen en te erfaren hoe’t sy har ynterieur brûkten. Itensiede op keramyk, in lits-jumeaux, hoe befalt dat no écht. Eigen ûnderfining dy’t ik by myn wurk as ynterieurarsjitekt goed brûke kin en wêr’t ik dy freonen tige tankber foar bin.

In oare, ûnferwachte, bykomstichheid wie de kennis dy’t we opdienen yn de taalkursus. En dan haw ik it net oer it Dútsk, nee, oer oare kultueren. Je hearre dat in Rus yn Moskou syn hier cash betellet, dat elke Súd-Koreaan syn jierdei hat op 1 jannewaris en it skynt dat foar in Nederlânske ûntwerper de opdrachten foar it opskeppen lizze yn Japan. Boppedat hâlde je dêr ek allegear ynternasjonale kontakten oan oer, wa wit gean wy nei Berlyn mar nei Kyoto, haha.

 

Hoe sterk is de ynfloed fan Berlyn op dyn wurk?
Dat fyn ik dreech om no al wat fan te sizzen. Yn it wurk dat ik meitsje sil der grif ynfloed wêze, mar at ik by wize fan sprekken yn Wânswert bin, is de ynfloed fan de omjouwing like sterk. Kontekst is yn myn wurk altiten tige wichtich. Ik sjoch om my hinne, stel fragen en dy ynput meal ik troch in soart Sibejanapparaat. Sa ûntsteane produkten dy’t hiel ferskillend fan materiaal, uterlik of funksje wêze kinne, mar dy’t altiten in reaksje binne tusken myn omjouwing en my.

En foarút, ien konkreet ding dy’t dizze stêd yn my oanwakkere hat is it neitinken oer Open Design. It is it meubelekwivalint fan Open Source software (lykas Linux en Firefox). Tink oan meubelûntwerpen wêrfan’t de tekeningen fergees te downloaden binne, te ferbetterjen en wer te uploaden binne. Lokale produksje en crowdsourcing binne dêr prachtige foardielen fan. Dit is in tema dêr’t ik al langer mei dwaande bin, mar at der ien stêd is dêr’t dit yn ’e loft hinget, dan is it Berlyn wol.

 

Watfoar ynfloed hat dyn Fryske achtergrûn as keunstner yn it bûtenlân?
Wat wol aardich is om op te merken, foarsafier’t ik binnen in pear moanne antwurd jaan kin op dizze fraach, is dat ik benammen merk dat ik Nederlanner bin. In kultureel ferskil is bygelyks dat Nederlanners faak in stik direkter binne as Dútsers. Ek yn beslútfoarming is men tige foarsichtich, it leafste wol men dat elk it iens is mei in feroaring. Soe it mei de relatyf jonge naasje te meitsjen hawwe (foar 1871 bestie Dútslân út allegearre losse steatsjes)? En fansels hat it ek mei de Krieg te meitsjen, flotte beslútfoarming kin tige gefaarlik wêze, hat men murken. Ik fiel my dus benammen mear Nederlanner, Fries wie ik altiten al.

 

Wannear komst werom?
Haha, yn 2018? Nee, gekkichheid! Gjin idee, ik hoef dat no net al fêst te lizzen, leaver net sels.

It idee wie om hjir in skoftke om te rinnen, dat kin by wize fan sprekken in healjier wêze, mar ek 20 jier. De konneksje mei Fryslân is lykwols sterk, dat it soe my net fernuverje dat we in kear weromkomme. Mar salang’t  Tryntsje en ik ús hjir fermeitsje, bliuwe wy hjir. Oer Berlyn wurdt al sûnt healwei de jierren njoggentich sein dat it syn spannendste tiid hân hat, en dat wurdt noch altiten sein. Mar elke dei komme hjir mear keunstners hinne. Der binne noch safolle dingen út te finen, te ûntdekken. Ik haw ek in soad sin oan de maaitiid en simmer hjir, fanút ‘meine Stadt’.

Sjoch ek: www.sibejan.de | interieur etc.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.