Metalklassiker yn de dop opnommen te Ljouwert en Westereen

Publisearre op 25 oktober 2019

ARJAN HUT – 

It fernuvere my fan’t simmer dat der op it grutte metalfestival Into the Grave gjin Fryske bands stiene. Ommers, metal is in populêr sjenre ûnder Fryske muzikanten en mei Big Bad Wolf Records is der ek in aktyf label dat sawol lokaal as ynternasjonaal talint útbringt. Insurrection, bygelyks, hat fan’t jier mei de cd Circles of Despair ien fan de knapste platen fan’t jier útbrocht en hie sûnder mis in soad fan de bands dy’t wol op it Aldehouster Tsjerkhôf spilen fan it poadium blazen.

 

In man dy’t syn fak ferstiet, want ek kwa produksje stiet Insurrection yn ien klap oan de Europeeske top.

 

De partijen binne fêstlein yn ferskillende studio’s yn Ljouwert en De Westereen. In plaat fol melodieuze death-metal fan de heechste kwaliteit, dat wurdt al gau dúdlik. By elk nûmer tinkst, dit is it bêste wat in band út Fryslân ea fêstlein hat, en dan komt it folgjende nûmer, en tinkst itselde! De hege skreau- en djippe gruntsang soargje foar in brute, rûge râne, de ritmes binne ûnwierskynlik krêftich. De komposysjes, lykwols, hawwe in kop en in sturt en it uterst sfearfolle gitaarwurk -dêr’t regelmjittich ûnmeilydsume gitaarmuorren oplutsen wurde, rynsk ôfwiksele mei gefoelige solo’s en  melodieuze harmonyen – ropt sawol herinnerings op oan it bettere Sweedske metalwurk, mar ek oan de klassikers út de jierren tachtich (Queensrÿche, King Diamond, Iron Maiden).

By Non-existent fall is in klip makke, mar harkje ek ris nei it ferpletterjende Futile existence of it furieuze Dawn of defeat! Ien en oar is ‘mjukst en mastere’ troch de Sweed Fredrick Nordström (In Flames, Arch Enemy, Opeth). In man dy’t syn fak ferstiet, want ek kwa produksje stiet Insurrection yn ien klap oan de Europeeske top.

 

 

Insurrection, Circles of Despair, Big Bad Wolf/Headbangers Records

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels