Meiwurkje oan teater as in spin yn it web

INEKE RIENKS – 

Diel útmeitsje fan in kreatyf proses en mei-inoar moaie dingen meitsje, dat fynt Grietje Deinum, publisiteitsmeiwurker by Tryater, it moaiste oan wurkje by it Frysk teaterselskip. De foarstelling Medea wie de earste foarstelling fan Tryater dy’t Grietje seach. “Ik wist doe fuort: dit wol ik ek.” De sfear om de foarstelling hinne en alles wat der by komt sjen sprutsen Grietje tige oan. “Ik woe meiwurkje oan alles wat der komt sjen by teater, as in spin yn it web.”

Dochs wist se net fuortdaalk wat se nei de middelbere skoalle studearje soe. It waard úteinlik kommunikaasje en sa kaam se as staazjerinner by Tryater telâne. De staazje befoel tige goed en nei har ôfstudearjen yn 2008 koe se fuort by Tryater oan ‘e gong as publisiteitsmeiwurker. Nei twa jier wie it wurk by Tryater dien, mar sûnt 2013 is se wer by Tryater oan it wurk, no as freelancer.

 

“Ik woe meiwurkje oan alles wat der komt sjen by teater, as in spin yn it web.”

 

Tryater as teaterselskip stiet har nei. “It is krekt ien grutte famylje. Je kinne net oars as hielendal yn it wurk en it selskip meigean.” Mei-inoar wurdt der wurke oan projekten en foarstellingen. “It is moai dat je mei elkoar wurkje oan in bysûndere ûnderfining fan minsken.”

Yn har funksje by Tryater is foaral it sichtber meitsjen fan Tryater en de foarstellings in wichtich doel. By alle foarstellings wurde der spesifike doelgroepen oansprutsen en nijsgjirrige gearwurkings betocht. Sa waard der yn de wiken dat Tryater mei De IIsfoarstin yn de Ljouwerter binnenstêd spile in unike Iisfoarstin-smaak ferkocht by iissalon Min12 en wiene tsientallen froulju yn it spier om te haken foar de iisblommen op de mantels fan it koar fan de iisfoarstin. “It jout in mienskipsgefoel dat ek oaren bûten Tryater meiwurkje oan in projekt”.

Yn it deistige publisiteitswurk siket Grietje nei nije fynsten dy’t minsken oansprekke. Lykas it programmaboekje, dit moat net standert wêze neffens Grietje. “Ik wol dat it programmaboekje by de minsken thús op it prikboerd of op de skoarstienmantel komt te stean. It moat net in boekje wêze dat minsken sa mar wer oan de kant lizze”. Lytse dingen hawwe faaks net drekt in grut effekt, mar hawwe wol wearde en meitsje Tryater bysûnder, sa fynt Grietje. “Ik wol graach dat minsken stil steane by it moaie”.

Neist it wurk by Tryater is Grietje ek wurksum by it Iepenloftspul Jorwert en by de Slachtemarathon. Se docht hjir net allinnich publisiteitswurk, mar hâldt har ek dwaande mei oare saken lykas programmaynhâld en rekwisiten. Foar de takomst soe Grietje har rol yn it kreative proses fan teater wol útwreidzje wolle, faaks as oersetter of skriuwer, mar op it stuit is dat noch net oan de oarder. “Ik ha it tige nei myn sin mei it wurk dat ik no doch.”

 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.