Malbetrieb, DJ Niels Schilder

MARIEKE VINCKERS  – 

‘Van het slechtste geluid iets moois maken, dat is de essentie van mijn muziek’
In boppewenning yn Lemmer, wêrwei’t troch it sydrút yn de fierte de skipswerf te sjen is dêr’t it destiids allegear begûn, dêr wennet Niels Schilder, alias Malbetrieb. In dj dy’t muzyk makket mei minne lûden. Minne lûden? Dêr is neat fan te fernimmen ast der nei harkest. ‘Ik wil dat geluid in iets moois en warms vertalen. Een speeldoos zou de track moeten kunnen spelen.’

It is in bysûndere oanpak fan muzykmeitsjen, mar de jonge Schilder (30) komt der aardich mei wei. En dat is in understatement: Niels hat ynternasjonaal oansjen yn de technowrâld, al neamt er syn eigen wurk gewoan elektroanyske muzyk: alles is mei de kompjûter makke en it is net yn in hokje te pleatsen. Grûnslach foar dy elektroanyske sound is in muzikaal brein, dat de lûden werklik oeral wei hellet. Moat er optrede yn Berlyn, dan giet Niels by it Bahnhof lâns de rails stean en nimt it lûd fan in foarbyrazende trein op. Sit er op it fleanfjild yn Napels te wachtsjen op syn fleantúch nei hûs, dan wit er mei syn tillefoan krekt dat kuchje fan in man op te fangen. Dat brûkt er yn syn muzyk. Thús, yn in spesjaal ynrjochte hoekje fan syn keamer, dêr bart it allegearre. In ducktapeke op de toetsen fan in âld oargeltsje ferriedt de toanen wêrmei’t er syn lêste track opnaam. F leech en de sintrale C.

‘Ik ben geen primetime DJ. Mensen die mijn muziek horen, moeten zin krijgen in een feest’

‘Ik heb altijd een beetje tegen de dance scene aangeschopt. De eerste keer dat je het beluistert is het mooi, maar je hoort algauw dat het kwalitatief veel beter kan.’ Boppedat is Niels der de man net nei om kommersjele muzyk te meitsjen. Syn muzyk is eksperiminteler fan aard. Hy neamt himsels dan ek de ‘opwarmer’, gjin primetime dj. ‘Ik vind het veel mooier om ervoor te zorgen dat mensen zin krijgen om te gaan dansen, dan een hele meute aan de gang te houden.’ Yn ’e mande mei fjouwer kollega-dj’s dy’t binnen it Fryske platelabel Klopfgeist wurkje, wit er dy spanningsbôge presys goed op te bouwen. DJ Hesz, Andreas Bergmann en Neo Young wurkje in soad meielkoar. ‘We vullen elkaar zowel zakelijk als muzikaal heel goed aan. Het hangt van het publiek en de tent af in welke volgorde we draaien, maar het blijkt telkens weer dat we een gouden combi zijn.’

Gjin konsesjes
De dj, berne yn Tollebeek (Noardeastpolder) en tein yn De Lemmer, is bliid mei syn Frysk poadium. Yn Fryslân moatst dy bewize, der is mar in lyts publyk foar dizze muzyk. Giest nei Amsterdam, dan witst dat der altyd wol in plakje is dêr’t minsken nei dyn muzyk harkje. ‘In het Noorden is dat lastiger en dat past eigenlijk wel bij de muziek die ik maak. Mensen zijn vaak verrast als ze het horen, dat bevalt me. Ik weet dat mensen die terugkomen om te luisteren, ook echt komen omdat ze mijn muziek waarderen. Niet omdat ze een avondje op de dansvloer willen staan en geëntertaind willen worden. Daar ben ik niet voor.’ Wêr’t Niels eartiids noch wolris konsesjes die om it publyk te ‘pleasen’, docht er dat no seker net mear. ‘Ik maak muziek die heel dicht bij mijzelf ligt. Als ik daarvan afstap, is het mijn muziek niet meer.’

Tiid te min
Muzyk meitsje docht Niels yn de nachtlike oerkes. Net om’t er dan kreatyf op syn bêst is, mar om’t er noch in baan hat njonken syn wurk as dj. Oare top-dj’s leauwe harren earen net as er dat fertelt. ‘Je werkt erbij en je maakt vier tracks per week? Dat is onmogelijk.’ Niels fertelt dat er op in punt yn syn libben stiet dêr’t er him hiel bewust is fan de kar dy’t er meitsje moat. ‘Ik zit met zoveel creatieve ideeën in mijn hoofd, maar ik moet de tijd bij elkaar schrapen om ze bestaansrecht te geven.’ Dat betsjut sliepeleaze nachten. Niels fynt it dan ek hiel spitich dat der yn Nederlân net in platfoarm bestiet dat muzikanten stipet dy’t op it punt steane om ynternasjonaal troch te brekken. ‘Je zou moeten kunnen aantonen dat je dat punt bereikt. De overheid zou dat moeten omarmen en ondersteunen. Maar goed, waar praat ik over in deze tijden.’

‘Ik heb altijd al aan knoppen willen draaien’

Niels wie as bern al muzikaal, mar pas op syn fjirtjinde begûn it knoppesyndroom. Doe’t er in kear op MTV The Orb optreden seach, ferbaasde er him oer dy gasten dy’t allinnich mar oan in pear knoppen stienen te draaien en dêrmei muzyk makken. It idee dat immen mei allinnich in pear knoppen in hiele track meitsje koe, makke him sljocht. ‘Toen wist ik dat ik dat ook wilde.’ Syn earste track wie elektroanyske muzyk dy’t er út in spyldoaske helle. ‘Dat muziekdoosje heb ik van mijn oma geërfd.’ Hy giet stean. ‘Wacht even!’ ropt er, wylst er yn in hoeke ûnder in planke wei in prachtich autentyk houten taffeltsje te foarskyn hellet.

As er de kleppe iepenet, komt der in melodytsje út. Dan is it stil. Dy melody fan syn beppe brûkte Niels foar syn earste houseplaat. ‘Oma’s klokkie’ hjitte de track. Hy sette it online en sân jier letter skille in platelabel dat se syn muzyk graach útbringe woenen. ‘Ik stond versteld. Ze hadden “Oma’s klokkie” gehoord en wilden met me aan het werk!’ Dat Niels no dus seit dat sels in spyldoaske syn muzyk spylje kinne moat, komt net samar út ’e loft fallen.

Yn 2008 belâne er by it Fryske label Klopfgeist, dêr’t er no ek de A&R (Artists&Releases) docht. De nammebekendheid fan dat platelabel nimt foaral yn it bûtenlân in hege flecht. It ôfrûne jier reizgen Niels en syn kollega’s, behalve nei Ljouwert, nei Berlyn en Napels. Wenen wachtet noch op harren komst ein fan dit jier. ‘We staan er eigenlijk zelf telkens van te kijken wat er allemaal op ons afkomt. In Berlijn trad ik om half zeven ’s ochtends op en toen stond er buiten nog een hele rij mensen te wachten tot ze die club binnenkonden. Ja. Dan glimlach ik wel even.’

Dreamen
Niels neamt Berlyn dan ek syn ynspiraasjestêd. It leafste soe hy dêr in jier nei ta gean om rûmte te jaan oan al dy kreative ideeën dy’t yn syn holle omspoekje. It moat derút, der moat wat mei dien wurde. ‘Berlijn is het Mekka van de muziek. Als ik daar voet aan de grond zou kunnen krijgen en naam kan maken, dan komt echt een droom uit.’ Hy stiet op in mooglik kearpunt, mar is der noch net wis fan oft er de knoop doart troch te hakken. Niels iepent syn souderraam en wiist nei de âlde skipswerf yn De Lemmer, dêr’t er ea mei fjirtjin freonen syn earste houseparty organisearre. ‘Die werf wordt binnenkort gesloopt.’ Wa wit is dat it momint.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.