Lyonite lit Ljouwert daverje
Publisearre op 19 februari 2013
ARJAN HUT –
Sneontejûn yn in smûk drok City Theater Schaaf presintearre de jonge band Lyonite syn earste langspiler, Disguised in Darkness. Progmetal mei in pop-rântsje, oftewol flink stevige en knap spile muzyk mei in dochs tige tagonklik karakter, sa mei men de styl fan dizze izerbewurkers omskriuwe. De gitarist hat de prachtige namme Wolf van Weezel, en de toetsenist (Michael Pang Atjok) is in tsjoender yn de tradysje fan Keith Emerson en Anthony Banks (Genesis). Eachlûker lykwols is sjongeres Claudia Edwards van Muijen.
Foarôfgeand oan de presintaasje, wyls bûten de snie oer de âlde binnenstêd tommele, stie sy al koartsich hantekeningen út te dielen. Letter, op it poadium, klom sy – lyts fan stik, grut fan útstrieling – wûnderlik behindich boppe de gitaarmuorren en ritmetuorren út. It folsleine album waard spile, mei folky publyksfavoryt Pride, en ek it visitekaartsje My Disguise, dêr’t in klip by makke is.
It earstkommende optreden is yn Cafetaria De Terp, Drachster Kompenije, op 16 febrewaris. De cd Disguised in Darkness kostet 10 euro en is ûnder oaren fia it webstek fan de band te besetten. Sjoch ek: www.lyonite.com.
Kategory
Tags
Anthony Banks, Arjan Hut, Cafetaria De Terp, City Theater Schaaf, Claudia Edwards van Muijen, Disguised in Darkness, Drachster Kompenije, Genesis, Keith Emerson, Lyonite, metal, Pride, progmetal, Wolf van Weezel
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
KARIN DE MIK - De enige Academie voor Popcultuur in ons land staat in Leeuwarden. De vierjarige hbo-opleiding stoomt studenten klaar tot zelfstandig ‘pop artiest’. [...]
HARMEN WIND - Noch ien kear dyn siken efkes fiele. Dyn waarme fel noch ien kear tsjin myn hûd. Noch ien kear de himel [...]