fotografy: Reyer Boxem

Lokwinske Tryntsje!

Tryntsje Nauta kriget de Gerrit Bennerpriis foar, sa’t de sjuery it neamde, ‘har oandrift ta fernijing, de kwaliteit fan it wurk dy’t oerein bliuwt by elk nij konsept en har ûntwikkeling yn de lêste jierren’.

Ek de Moanne hat de lêste jierren in tal kearen mei Tryntsje Nauta wurke. Dat wie altyd spannend en waarm tagelyk. Dêrom hawwe wy fjouwer fotografen frege, Reyer Boxem, Linus HarmsLaurens Aaij en Maartje Roos, om in moaie taart foar Tryntsje te fotograferen. Om dizze dei te markearen en om har te lokwinskjen mei dizze prachtige priis.

 

redaksje de Moanne

 

Comments
2 reaksjes oan “Lokwinske Tryntsje!”
  1. Tryntsje schreef:

    WAUW!! Dit fyn ik echt geweldich moai en leaf! Dankewol waarde kollega-fotografen!

  2. sibe jan schreef:

    “spannend en waarm tagelyk”, mei dy wurden oer Tryntsje kin ik it wol iens wêze ;)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.