Laudatio foar Josse de Haan by de útrikking fan de Gysbert Japicxspriis 2007

Publisearre op 3 september 2007

BABS GEZELLE MEERBURG – 

 

‘Dêr’t allinne in sânflakte leit, kin gjin stoarm hearskje’[1]

 

De laureaat
In oantal fan de hjir oanwêzigen komt foar yn de romans fan Josse de Haan. It is in hiele eare om in rol te spyljen yn in roman en it komt jo net alle dagen oer. Dochs sil net elk it as in eare beskôgje: de iene komt der nammentlik stikken better ôf as de oare yn de kaairomans fan Josse de Haan.

Josse de Haan berne te Peins yn 1941, stienbok / wetterman – sa’t er op it omslach fan Forneukte stêd (1972) skriuwt – fan 1962 oant 1964 redaksjelid fan Quatrebras, dêrnei fan A-wyt en Trotwaer, besitter fan it eigen literêr-polemyske tydskrift iP2r90, tsjintwurdich meiwurker fan de Moanne. Hy is skepper fan in omfangryk oeuvre, dat bestiet út romans, gedichten, toanielteksten, essays en boekbesprekken. Meiinoar om de 30 – 40 titels hinne en lykwichtich ferdield oer de sjenres. Josse de Haan wie mei Trinus Riemersma en Meindert Bylsma yn 1970 oprjochter fan de KU en dêrnei, yn 2003, fan Venus, de útjouwerij dy’t stiet foar autensiteit, kwaliteit en ynnovaasje, sa’t op de website fan Venus te lêzen is.

Op in ôfstân dogge de begripen ‘autensiteit’, ‘kwaliteit’ en ‘ynnovaasje’ miskien wat leech en neatsizzend oan. Yn myn laudatio foar de laureaat sil ik yn oansluting op it sjueryrapport yngean op de literatueropfetting fan Josse. Ik lit dêrby de teksten sprekke. Jim sille sjen dat dyselde begripen – ‘autensiteit’, ‘kwaliteit’ en ‘ynnovaasje’ – mear en mear kleur krije. Wat jim ek sjen sille, is dat it oeuvre fan Josse de Haan in gearhingjend gehiel is mei alderhanne triedsjes oer en wer. En yn de rin fan myn taspraak sil bliken dwaan dat de priistakenning fan de sjuery oan it oeuvre fan Josse de Haan ferrassend, alhiel op syn plak en in lokwinsk oan Josse èn de sjuery wurdich is.

 

Hjoed en juster
It literêre wurk fan de priiswinner wurdt tekene troch tsjinstellingen of krekter sein: wurdpearen dy’t dat op it earste gesicht lykje.

De earste fan trije dy’t ik hjir koart útwurkje wol, is de tsjinstelling tusken it ferline en it no. Yn de roman Piksjitten op Snyp (1999) – yn it NL oerset Kikkerjaren (2001) – wurdt it ferhaal ferteld fan it doarpsjonkje De Lytsk. Syn alter ego is De Grutsk, de fletbewenner fan tolve heech yn de Grutstêd. It binne twa ferskillende personaazjes, dy’t tagelyk oaninoar klonken binne as in Siameeske twilling. Wêrom wurdt ien persoan útsplitst oer twa personaazjes, freegje jo jo as lêzer ôf. Yn Piksjitten op Snyp, mar ek yn it lytse boek Fyts mei wynflessen (1995) wurdt dêr in antwurd op jûn: ‘Skriuwen is yn wêzen yn earste oanlis in dialooch mei jinsels, mei ûnderskate ikken yn jinsels, dy’t soms hielendal op ‘e nij ûntdutsen wurde’[2]. Blykber binne De Lytsk en De Grutsk útwurkingen fan ferskillende ikken en kinne ferline en hjoed op dy manier goed meiinoar konfrontearre wurde.

By it wurd ‘fernijing’ wurde nammers ek fragen steld en antwurden jûn. Ik sitearje: ‘It ferline sit altiten yn it no, en wat hjoed bart liket wol nij, mar bestiet fansels al jierrenlang. Neffens De Grutsk kin it wurd fernijing ferfongen wurde troch reparaasje of opskodzjen, lykas bart mei bêden yn de maitiid. De wurden moatte útklaaid wurde, sadat se wer betsjutte wat se oait bedoeld hawwe nei foaren te bringen’[3]. De konstruksje fan in ferhaal mei ferskillende ikken en fertellers soarget foar dynamyk. In roman kin neffens de priiswinner ‘in wurdboek yn beweging neamd wurde.’[4]

 

Foarm en ynhâld
De twadde tsjinstelling is foarm versus ynhâld. ‘In foarm fine… soene paskleare foarmen bestean?’. Dat betwifelet de aforist yn Fyts mei wynflessen[5].

Yn in fraachpetear yn De Moanne fan 2004 fertelt Josse de Haan: ‘Wy libje hjoed de dei yn in supersurrealistyske wrâld, dy’t bestiet út ien grutte kollaazje fan tafallichheden en ûnferwachte barrens. It libben liket hast ien ‘écriture automatique’. Fansels, alles is moai regele, soms dea-organisearre; mar men hoecht mar ien wike nei de sjoernaals fan wat lannen te sjen, of ûnderskate kranten te lêzen, en jo merkbite de grutste gaos. Realiteit, teater, wierheden, boeken, films, feiten, mieningen, ferbylding en konkrete barrens rinne trochinoar. Wy libje no, juster en moarn.’

Feitliken komme wy dan telâne by de folgjende skriuwersfraach fan Josse. Hoe sit it: ‘De wrâld beneame yn wurden of de wurden beneame de wrâld’[6]. It universum is neffens de skriuwer ûneinich folle riker as jo fan it twadde prinsipe útgean. Dat idee wurdt dichterlik werjûn yn de earste miniatuer: ‘Je kinne in fisk net prate litte yn sâltsoer, It is al slim / genôch de fisk yn syn eigen wrâld fan libjen (it wetter) op ‘e side te kommen’[7].Oftewol: ‘In fers skriuwe is yn in foarm jitte wat al los yn ’t liif omtoarke.’[8]

Foarm en ynhâld rinne yn de literatuerfizy fan de Gysbert-Japicxpriiswinner lykop. Wa’t de struktuer fan Piksjitten op Snyp bestudearret en skematysk úttekenet, lykas Huub Mous docht op syn weblog, sjocht dat de foarm, al hoe yngewikkeld ek, in dragend elemint yn dizze roman is. Yn Nanette (2003) wurdt de relaasje fan David en Nanette achterút beskreaun. Foar de skriuwer en foar de lêzer hat dat in tige apart effekt. De roman Elja (1996) is in hichtepunt kwa yntertekstualiteit. Krekt sa is it mei it oeuvre: tema’s, metafoaren, personaazjes, wurdkar, styleleminten, fertelfoarmen, ferfrisseling fan sjenres komme yn ien of oare foarm hieltiten werom. Yn it debút, it lettere wurk en it lêste wurk is in patroan te ûntdekken en dêrmei kinne wy prate fan in oeuvre.

 

Gjin hâldfêst

It tredde en lêste wurdpear: Literatuer en hâldfêst slute inoar út.

‘De skriuwer is foar de kosmysken de plakferfanger op ierde, in soarte fan Paus dus. It lege gat dêr’t de kosmysken ynienen foar stiene, neidat se harren fêste stjer fuortsketten hiene, wurdt opfold mei liturgy, mei de skriuwer fan de sekte en mei in aap. Dat boek is dus de nije liturgy, it nije grutte hillige boek. It tsjinoerstelde fan literatuer, want literatuer makket de leechte faak noch leger, ropt twifel op, en kreëarret in wrâld dy’t ek bestiet. Literatuer en hâldfêst flokke.’[9] En yn oansluting dêrop it folgjende sitaat: ‘Kunst heeft te maken met divergerend denken waar zekerheden en wetten nauwelijks een rol spelen, De zogenaamde zekerheden van vierkant en cirkel worden door de ANARKY (BGM: een anarchistisch kiekje, in fisueel gedicht), die deze twee belangrijkste geometrische figuren als uitgangspunt gebruikt, op losse schroeven gezet. De vierkante cirkel, en het ronde vierkant worden in wezen door de ANARKY gerealiseerd… Waar het gewone denken al maar dieper wil graven – en vaak blijft men levenslang in die steeds gladder gepolijste tunnel zonder uitgang – daar begint het ander denken steeds opnieuw aan een nieuw gat. Wat bestaat, afgelikt is, gladgeschuurd, is uiteindelijk dodelijk voor de geest.’[10] It heechste goed foar de surrealist, dy’t de priiswinder is, is frijheid. It giet him om de frijheid fan tinken en frijheid fan ferbylding, dy’t ta utering komt yn it yrrasjonele fan ferbylding sûnder grinzen.

Cees Nooteboom, yn 2004 winner fan de P.C.-Hooftpriis brocht dy skriuwersyntinsje moai ûnder wurden: ‘Schrijvers zijn mensen, die het, in mijn opvatting tenminste, over landen hebben die niet echt bestaan, of die aan landen die wel echt bestaan bergen geven die niet echt bestaan, kortom mensen die de zogenaamde werkelijkheid niet volgens verkeerd begrepen aristotelisch recept glanzend imiteren, maar integendeel van de oneindige mogelijkheden van kunst gebruik maken en haar geweld aandoen, ondergraven, omkeren, onderuit halen of verhevigen, omdat het anders in deze wereld niet uit te houden is. Daarmee doen ze het enige dat ze werkelijk kunnen, fabuleren, liegen en toveren. De rest is voor televisie, politici en sociologen. Dat zijn de al dan niet adequate beheerders van de echte werkelijkheid, en als die liegen is het in ieder geval géén kunst.’[11]

Oft jo de wurken fan Josse de Haan wurdearje kinne, hat úteinliken te krijen mei literatuerfizy en – breder – mei libbensfizy. Guon resinsinten soene har wat dat oangiet wat bewuster wêze kinne fan harren eigen poëtika, mar boppe-al ree wêze moatte om djipper troch te kringen ta de eigenste eigenheid fan it boek. Wadman ferliket yn syn ‘Apology fan de kritikus’ it skriuwen fan in krityk mei in duel: ‘In fijân dy’t men alhiel en alhiel ferachtet, duëllearret men ek net mei.’[12] Sa’n iepen hâlding stiet los fan in posityf of negatyf literêr oardiel, mar hat te krijen mei de profesjonaliteit fan de resinsint.

Fiksje en realiteit binne yn it literêr oeuvre fan Josse de Haan meiinoar ferbûn, se rinne trochinoar hinne, slute inoar út en spegelje inoar. ‘Skriuwers binnen eins ek toveners lykas Merlyn. Dy brûke de pinne om wurden útelkoar te heljen en oanelkoar te smijen sa’t it har útkomt. It is mar krekt hoe’t de satan it har foarskriuwt. […] Skriuwe is in foarm fan toverjen, sadat it spoeket yn in ferhaal.’[13]

 

Kidelstientsjes
Autensiteit, kwaliteit en ynnovaasje. Dat binne de kwaliteiten yn dit oeuvre. Autensiteit meidat hjir in hiel eigen en tige werkenber lûd yn de Fryske literatuer klinkt, kwaliteit mei’t de teksten in rykdom herbergje oan foarmen en ynhâlden, ynnovaasje mei’t it yn alle opsichten in útdaging foarmet foar de lêzer.

Feitliken krijt Josse de Haan hjoed foar de twadde kear de Gysbert Japicxpriis. Yn 1969 ommers krige er de priis takend foar Operaesje Fers, dêr’t hy mei Geart van der Zwaag en Meindert Bylsma de oprjochter fan wie. Formeel koe de priis net útrikt wurde, omdat it hjir net om in natuerlik persoan, mar om in rjochtspersoan (in stifting) gong. Twa kear de Gysbert… allinne Wadman en Riemersma gongen De Haan foar.

Bêste Josse, op wichtige mominten yn myn letterkundige karjêre wiesto altiten oanwêzich: by myn alderearste lêzing oer myn skripsje mei as tema de literatuerpsychologyske ynterpraasje fan koarte ferhalen fan Hylkje Goïnga, letter mei de opset fan in útstalling oer libben en wurk fan ús heit yn it FLMD en ek by aktiviteiten om myn promoasje hinne. It is dêrom ek ekstra moai om hjoed dy tasprekke te meien, op de foar dy sa wichtige dei.

Doe’t ús jongste soan Florian berne waard, stjoerdesto as lokwinsk in ANARKY, in byldgedicht.

 

Kidelstientsje ANARKY

it fjouwerkante fan in stientsje

wurdt waarmer en sêfter

troch de rûne foarmen dy’t

om har hinne teard wurde

troch de leafde: fansels, fansels

soms jouwe kidelstientsjes fjoer

 

Spesjaal út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging en út namme fan de oare beide ynstellingen dy’t bydrage oan de organisaasje fan dizze middei, de Fryske Akademy enTresoar, mei ik dy fan herten lokwinskje mei dyn priis. Tagelyk sprek ik de winsk út dat dyn kidelstientsjes flink wat hite koppen en sânstoarmen opleverje yn it âlde lân.

 

[1] Fyts mei wynflessen (tenei Fmw), side 5.

[2] Fmw, side 15.

[3] Piksjitten op Snyp (tenei PoS), side 130.

[4] PoS, side 130.

[5] Fmw, side 7.

[6] Fmw, side 14.

[7] De dei fan de kraenfûgel, side 15.

[8] Fmw, side 15.

[9] PoS, side 289.

[10] Anarkys, side 4.

[11] Oraasje Harry Bekkering, Nijmegen 2006. Ek yn C. Nooteboom, De ontvoering van Europa, Amsterdam 1993, p. 60.

[12] Anne Wadman, Kritysk konfoai, side 11.

[13] PoS, side 481.

 

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 9, 2007

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels