Kulturele Himelfeartsdei oan de Blauhúster Puollen

TSJOMME DIJKSTRA – 

In middei fol kultuer op de Pollepleats en yn it lânskip fol puollen, marren en fêste grûn om de pleats hinne. Dat ha Wiepkje Hoekstra en Bianca Prins, dy’t de akkomodaasje op De Kat yn Westhim beheare, foar eagen kommende tongersdei.

 

In kuier en in fartocht wêrby’t lûden út lânskip en muzikale klanken, is it idee, ûnderweis op allerhande plakken mei elkoar minge en ferbûn wurde.

 

“Der binne hjir twa trou- of fergaderlokaasjes dy’t reservearre wurde kinne. Himelfeartsdei wie noch in lege dei yn de aginda. Ja. Dat is yndie wol bysûnder foar dizze perioade”, seit Wiepkje Hoekstra. “Doe kamen wy op it idee om op dy dei sels wat te organisearjen, foar it publyk.”

Se betochten om it idee ris foar te lizzen oan it bestjoer fan de Gerben Rypma Stifting te Blauhús. “Dy hawwe yn de Pollepleats wol faker wat organisearre. En se hawwe ek in leuke achterban.” De bestjoersleden reagearren entûsjast, fertelt Wiepkje. “Gerben Rypma is hjir boppedat berne op de pleats. Dus it komt allegear moai by elkoar.”

Tegearre mei de stifting doktere Wiepkje in programma fol ôfwikseling út. Mei in kuier en in fartocht wêrby’t lûden út lânskip en muzikale klanken, is it idee, ûnderweis op allerhande plakken mei elkoar minge en ferbûn wurde. Yn fjouwer groepen fan ûngefear tritich man gean de minsken derop út. Mei natoergidsen John Weel en Lyske Jacobi rinne se oer de polderdyk troch it natoergebiet de Blauhúster Puollen. Dêr rinne se ek by gedichten fan Gerben Rypma lâns.

Nei dy kuier farre de gasten yn flústersloepen oer It Fliet, de Sipkemar en oer de Reidmar wer werom nei de Pollepleats, dêr’t it saksofoankwartet fan Blauhús foar har spylje sil. Op it wetter farre se ek noch lâns in flot dêr’t muzikanten Anna Hoekstra en Hendrik de Boer harren mei har sopraansaksofoan en eufoanium op prachtige lûden traktearje. “Midden op de Mar, dat jout fansels ek in moai lûd”, fertelt Wiepkje entûsjast.

Ek krije de belangstellenden tongersdei in film te sjen oer ‘it lûd fan Fryslân’, makke troch Jan Reus. De keunstner út Drylts lit him troch lûden dy’t er yn it lânskip heart ynspirearje foar skilderijen en hy toant syn skilderijen. Wiepkje: ,,Jan giet op in boat op De Brekken te farren en dan nimt er it lûd op. En dan spilet er it letter wer ôf. Hy hat ek in moaie term foar De Brekken, hy neamt de mar in ‘klankkatedraal’, fanwegen alle lûden dy’tst der heare kinst. Kinst der yn de fierte de trein hearre.’’

As der gjin ôfmeldings binne, dan is al it plak foar de middei al ferjûn. “Er was heel veel animo”, seit Bianca Prins fan de Pollepleats. De aktiviteit dy’t no organisearre wurdt, is lykwols ek al in priuwke fan wat der kommend jier op de Pollepleats dien wurde sil op Himelfeartsdei. Dan komt dêr ien fan de poadia te stean fan it evenemint At the Watergate yn Snits, dat oar jier de trettjinde edysje fan it Europeeske festival ‘European Youth Music Festival’ organisearje mei. Dan trede der sa’n tûzend jonge talintearre muzikanten yn Snits en oare plakken yn súdwest-Fryslân op.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.