Krol yn Riga (1)

JAAP KROL – 

Ik waard útnoege om nei Riga te gean, om dêr in workshop korte-ferhalen-oersette te folgjen. Dizze workshop giet út fan de organisaasje Literature Across Borders (LAF), dy’t oeral yn Europa literêre eveneminten as dizze organisearret. De dielnimmende skriuwers komme út gastlân Letlân en fierders út Tsjechië, Slowakije en Katalonië (ik soe fansels ‘Spanje’ sizze, mar skriuwster en oersetster Alba Dedeu presentearret harsels steefêst als Katalaanske).

Ien fan de spearpunten fan de LAF is it omtinken jaan oan literatuer út regio’s dy’t net echt ferneamd binne – no ja, dêr’t skriuwers weikomme dy’t net útjûn wurde troch de grutte Europeeske útjouwers. Wy lêze en besprekke ús yn it Ingelsk oersette ferhalen (of samples dêrfan), gean mei in sparring-partner om de tafel sitten om fierder te wurkjen oan in sa krekt mooglike translation nei ús eigen taal.

Riga hat feitliks twa befolkingsgroepen: Letten en Russen. Op 1 jannewaris sil it lân lid wurde fan de monetaire uny, dat de hiele stêd stiet yn it teken fan dizze histoaryske transysje. Letlân komt yn it hert fan Europa te lizzen, wat betsjut dat de Russyske ynfloed lytser wurdt. Skriuwer Vilis Kasims fertelde ús oan de yttafel dat it Russysk (oait in ferplicht fak) net populêr mear is op skoalle. Jongeren hâlde fan rap, soap en basketbal en kieze dus massaal foar it Ingelsk.

Jaroslav Rumpli, Slowaak en leraar Ingelsk, koe net faak genôch neilitte te hammerjen op it Russyske gefaar. As grut leafhawwer fan iishockey hat er jierrenlang de nasjonale kompetysje negeard, om’t, neffens him, alle klubs ynfiltrearre wiene troch de KGB.

Dêrnei gie it petear oer de oare taal dy’t Riga noch altyd ryk is (it Jiddysk), de ynfloed fan it Poalsk en de pro’s en kontra’s fan nije besettingsmacht: Sweden. Tuskentroch fertelde Alba Dedeu noch dat it Katalaansk ferbean wie ûnder diktator Franco, wêrnei Rumpli de Russen opnij ferflokte.

Dêr siet ik dus mei myn goeie gedrach, myn jeugd yn de feilige nijbouwyk en myn fancy universitaire gemaksstúdzje. Wat koe ik, út in taalgebiet fan noch gjin 500.000 minsken, no noch sizze? Sjoen it feit dat ik 16 desimber moarns om 11.30 nei de toskedokter moat, ha ik mar in zobu bakstāmais besteld – in toskestoker.


Underskrift foto: Dit is it fleantúch dêr’t ik mei nei Riga fleach. Ik siet op stuol 20C, dat is it twadde rút achter de fleugel (hjir net sichtber).

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.