Krekt ferstoarne dichter Tsjisse Hettema komt mei in nije bondel

Publisearre op 29 juli 2021

SYDS WIERSMA –

Tsjisse Hettema is ferstoarn. Ut namme fan dichterskollektyf RIXT en as goede freon hat Syds Wiersma in In Memoriam skreaun foar de RIXT-webside, De Moanne mei de tekst trochpleatse op har webside.
– – – – – – – – – – – –

Sneintemoarn 25 july ferstoar dichter Tsjisse Hettema (Bitgum, 1955). Nei in tige koart siikbêd joech er thús yn Frjentsjer yn rêst en frede en yn bywêzen fan syn freondinne it libben oer. Sân jier lyn hie er de sykte fan Kahler oerwûn, mar de striid tsjin akute leukemy wie no net te winnen.

Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer

As dichter nimt Tsjisse ôfskie mei Hewwy dát, syn nije bondel dy’t nei de simmer ferskynt by útjouwerij Frysk en Frij. Tongersdei by de útfeart sille der ferskate fersen út de bondel foarlêzen wurde. Behalve gedichten steane der yn de bondel prachtige bylden fan filtwurken makke troch Tsjisse syn freondinne Aafje Bouwer. Bysûnder is ek dat der njonken Fryske fersen in stikmennich gedichten yn it Eaststellingwerfsk opnaam binne. Tsjisse learde dy taal fan Aafje en lei him de lêste jierren ta op poëzy yn dy taal. Op RIXT ferskynden earder al in tal Stellingwerfske gedichten fan syn hân.

Hewwy dát is Tsjisse syn fjirde dichtbondel. Hy debutearre yn 1996 mei Tsi Tsi (eigen behear). Dêrnei folgen It eachweid fan de simpele rider (Koperative Utjouwerij, 1999) en Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko (Frysk en Frij, 2015). Tsjisse wie fan ’t begjin ôf (sûnt 2018) aktyf belutsen by dichterskollektyf RIXT en wie dêr ek in pear kear Dichter fan de Moanne. Syn gedichten tsjûgje fan syn tige orizjinele persoanlikheid, mei oarspronklike bylden en metafoaren, eigensinnige taalkonstruksjes en altyd út it hert en de persoanlike belibbing wei skreaun. Yn in fraachpetear mei Hedwig Terpstra út 2015 seit er: ‘Der is net ien dy’t my fertelle sil of kin hoe’t ik dichtsje moat. Dy frijheid moatst gewoan nimme yn it libben. Dat soe eins fan begjin ôf oan sa wêze moatte, mar dêr komt it hast nea fan, want je wurde troch safolle maatskiplike biningen libbe.’ Yn it fraachpetear mei Terpstra praat er iepenhertich oer syn libben, de poëzy, syn wurk by Tresoar en syn sykte. Jo kinne it fraachpetear hjir lêze: https://www.ensafh.nl/?p=42751

Tsjisse hat jierrenlang as audiofisueel meiwurker by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en Tresoar wurke. Hy katalogisearre en digitalisearre literêr audio- en fideomateriaal dat yn de rin fan de jierren earst by it FLMD en letter troch himsels by Tresoar sammele waard. Nei’t it Frysk Film Argyf yn 2009 ûnderdak by Tresoar krige, wurke Tsjisse in soad gear mei it filmargyf en lei er him ûnder oaren ta op de montaazje fan digitale lûden en bylden út de literêre kolleksje fan Tresoar. Mei syn wurk lei er in wichtige basis foar it Frysk Audioargyf, dêr’t it filmargyf en Tresoar  begjin dit jier mei úteinsetten.

It folgjende gedicht is ien fan de fersen dy’t foarlêzen wurdt by de útfeart fan Tsjisse op tongersdei 29 july. It toant in wichtich tematysk aspekt fan syn dichtwurk, benammen dat fan de lêste jierren: de personifikaasje fan it Fryske lân en de djipper lizzende ferbining tusken de tiden en hoe’t dat him hjoed-de-dei noch oppenearret en fiele lit yn it Frysk-Grinzer terpelân.  ‘Speaketsjil’ toant boppedat hoe’t Tsjisse it leafste reizge: op ’e fyts.


SPEAKETSJIL

myn foartsjil kreaket
tusken de rigen balstientsjes

skean boppe ús
nei in oare tiid
winkt de wyn
fan noch foar it begjin fan de jiertelling

dat op it speaketsjil fan de terp
op de úteinen
de ferskillende tiidrekken fêstgaspe binne

it boskleaze
lipranke lânskip
longere op better tiden
tuskenyn myn tosken sizet it wetter
stadich fuort
al dy iuwen lang
en bliuwe dizze bulten
oerbeslein mei lytse stientsjes

der klinkt in soarte fan
sinjaal
fan in ferhege bewustwêzen

om byinoar te kommen
de oprop fan de doarpsâldste
syn teory fan de beïerdiging fan de fallen striders

yn dat alhiel
lege lân

lis se gewoan foar waar en wyn
op de skieding fan lân en wetter

en de goaden sille har
it neisteby
wêze en bliuwe

en sa ek
ús

sjoch se lizzen
en fuortdriuwend op it tij
it wij-wetter fan de hope

Tsjisse Hettema

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels