Kredo

Publisearre op 1 december 2011

Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma - foto Frans Andringa

Op 21 febrewaris is yn kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens de teaterproduksje ‘Kredo’ yn premjêre gien. It is de opfolger fan it suksesfolle ‘Katarsis’, 170 foarstellingen rûnom yn ‘e provinsje. “Kredo’ spilet him ek wer ôf yn ‘e kroech, oan ‘e tape. Ek ‘Kredo’ is skreaun troch keunstner Gerrit Breteler.

De tematyk fan it stik giet oer it hjoeddeiske plattelân en de ferhâlding fan de minske dêrta. Wat binne de konsekwinsjes foar de minsken dy’t dêr wenje ? Hoe is de ûnderlinge ferhâlding ? Wat bart der mei de taal ?

Sykte en soarch binne yngripende saken yn in minskelibben. ‘Kredo’ lit sjen, wat dit foar Pytsje, de fiskersfrou út Paesens, betsjut. Rudmer, alias Rudy C. rekket fan ‘e wize, as der in slim berjocht te ferwurkjen krijt. Emearitus-dûmny Strikwerda is de grutte riedshear by it privatisearjen fan de sûnenssoarch. Yn syn frije tiid skriuwt er toaniel.

‘Werom yn Sidderburen’ is de namme fan it stik, dat hy yn kafee De Bûnte Bok foar it fuotljocht bringe wol. Mei assistinsje fan diva Bianca van Slageringen, dy’t har tydlik yn it doarp te wenjen set hat, moat dit stik in grut sukses wurde.

Humor en tragyk wikselje elkoar yn rap tempo of. De lokaasje, it folslein op rym skreaune skript en it bysûndere Fryske taalgebrûk meitsje ‘Kredo’ ta in unike teaterproduksje.

‘Kredo’ wurdt nêst de foarstellingen yn kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens ek op ferskate lokaasjes yn ‘e provinsje opfierd.

Mear ynformaasje oer ‘Kredo’’ is te finen op www.achmeaculpa.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels