Lokaasjefoarstelling dy’t rekket

ELSKE SCHOTANUS – 

De skries ferdwynt út it lân en dat hat alles te krijen mei de wize fan buorkjen dat produsearje foar de wrâldmerk wurden is. Of kiest de boer foar in ‘natoerynklusive’ wize fan buorkjen? Yn in ferhaal oer in pear dat, nei de dea fan harren soantsje, út elkoar groeit en ek nochris te krijen hat mei it romjen fan de feestapel troch de mkz (tongblier) witte de spilers de emoasjes oer te bringen, dêr’t boeren, sawol op persoanlik flak as dêr’t it om har wize fan buorkjen giet oer te bringen. It dilemma – al as gjin skriezen yn it lân – ûnder de oandacht fan it publyk bringe yn in teaterstik wurket allinne as it stik as stik wurket. Dat slagget Pier21/Toneelgroep Jan Vos mei it twatalige stik Koning van het grasland foar de folle hûndert persint. Alles kloppet.

 

It dilemma dêr’t de boer foar stiet, is tagelyk – en folle mear noch – it dilemma fan de konsumint: kiest foar biologysk iten, produkten út de streek? Bist ree om dêr in wat hegere priis foar te beteljen? Hast dat oer foar it lânskip, de natoer?

 

De greide leit derhinne as in biljertlekken, dêr’t foar de skries neat te heljen falt. Lang net oeral rinne de kij noch bûten. Lânskipspine, landschapspijn is it wurd dat sûnt koart opgong makket om it ferskynsel oan te tsjutten. Dêrby giet it net allinne om de skries. As ‘kening fan de greide’ is de fûgel symboal en findeldrager wurden foar it ferjeien fan plantesoarten nei berms en sleatskanten, it dramatyske weromrinnen fan de fûgelstân – ek de ljip, protters en mosken sels – bijen en alderhande grizelige bistkes dy’t dan wol gjin hege geloksfaktor ha mar ûnmisber binne binnen de biotoop. Biodiversiteit is it kaaiwurd en it boerebedriuw spilet dêr in wichtige rol yn. Dat makket de boer dy’t, buorkjend yn in globalisearjende ekonomy, de kop boppe wetter siket te hâlden, ta Kop fan Jut. Of kiest er foar in oare wize fan buorkjen?

Foar Koning fan it grasland, dat dizze simmer op tal fan lokaasjes te sjen wêze sil, is fan balken en doek in iepen tinte ûntwurpen (Ellen Klever), in mobyl poadium en krusing tusken heaberch en Japansk teehûs. De tinte jout it publyk it útsjoch op ’e greide, sweltsjes fleane yn en út as presintsje by de foarstelling. Yn ’e fierte, fanút de stâl fan de boer op waans lân it stik brocht wurdt, hearst it balten fan in ko. Of makket it lûd part út fan it lûdsûntwerp fan Jaap van Keulen, muzyk dêr’t, moai subtyl, it roppen fan skriezen, it tsjotterjen fan alderhande lyts fûgelguod en it krôkjen fan kikkerts yn te ûntdekken falt?

Hessel (Marcel Faber) en Anke (Trudi Klever) harren jonkje is ûnder de trekker kaam. It slagget it pear net it fertriet te dielen, net mei elkoar en net mei oaren. Anke har heit, âldboer Marcus (Helmert Woudenberg), dy’t neist de pleats wennet, is, nei in ferkearde opmerking oer de dea fan it jonkje, net langer wolkom. As, op it plak dêr’t lytse Jitse omkaam, in skries, mei de namme Rosa (Bieneke Ehlhardt) har nêst bout, sjocht Hessel dat as in teken en feroaret syn wize fan tinken oer it buorkjen. Hy wol oerstappe op biologysk wurkjen, in foarnimmen dat him en Anke bepaald nét tichter by elkoar bringt. Anke – hiel allinne ferantwurdlik foar alle administraasje, it neilibjen fan regels, it oanfreegjen fan fergunningen – sjocht it net sitten. En dan is der noch de wat botte buorman Ate (Joop Wittermans), ek boer, dy’t, yn ’e mande mei Hessel, nei in gearkomst mei it Wetterskip sil, om te pleitsjen foar ferleging fan de grûnwettersân. En dan brekt de mkz út …

Koning van het Grasland, as foarstelling, is ûntstien yn gearwurking mei Celebrating diversity/Kening fan ’e greide – in boargerinisjatyf dat, mei de skries as findeldrager, omtinken freget foar de ferearming fan it greidelânskip en it ferlies oan biodiversiteit. Dochs wurdt it nearne prekerich. It is de kwaliteit fan de tekst – dan wer suver poëtysk, dan wer fol humor – en benammen dy fan de spilers dat makket datst as sjogger gauris yn ’e laits sjitst. Der sit, faak bittere, humor yn de altyd krekt wer ferkearde opmerkingen dy’t benammen de manlju witte te meitsjen. Heit Marcus dy’t, as de rûzje mei Afke bylein liket, har oer de dea fan Jitse, dy’t mei help fan ivf, op de wrâld kaam, besiket te treastgjen mei it sizzen dat der noch in aaisel in de friezer leit. Buorman Ate dy’t oer de kritisy op syn wize fan buorkjen opmerkt dat sokken ‘oan yoga op Ibiza dogge, wurch fan har eigen gejeuzel’.

Wichtiger is de emoasje dy’t oerbrocht wurdt. Der is Hessel syn pleit by it Wetterskip wêrby’t hy it saaklike elemint – de grûnwetterstân – net wit te skieden fan syn persoanlik fertriet. Der is de man fan it aid, ferantwurdlik foar it neilibjen fan alle regels en regeltsjes, dy’t mar amper oansjen kin wat it betsjut foar de boer as syn fee romme wurde moat. Der is de wanhope, de panyk fan Afke, har bitterens en it fertriet, mar ek, even, de loksilligens as se it oantinken ophellet oan de earste kear dat sy Hessel moete. Hoe’t sy, mei brutsen lûd, in psalm foarlêst. It pynlike gesicht fan de âldboer as er in gebed útsprekt. Hessel syn ûntheistering: ‘Ruim mij dan ook maar.’
De jonge Bieneke Ehlhardt hat, kwa tekst – poëtysk, en mei rêst brocht – gjin grutte rol. ‘Mogen leven op de gratie van de wispelturige wind.’ Troch eachopslach en eachkontakt, it plak dêr’t sy har hinne beweecht, har allegeduerigen bewust fan har rol, is sy, klaaid yn in poncho mei de kleuren fan de skries, folop oanwêzich, yn it lân, op ’e hikke of op it poadium. Sy is it dy’t ôfslút mei de wurden dat op it plak dêr’t wy de deaden achterlitte wy der mei de libjenden út sjen moatte te kommen.

It dilemma dêr’t de boer foar stiet, is tagelyk – en folle mear noch – it dilemma fan de konsumint: kiest foar biologysk iten, produkten út de streek? Bist ree om dêr in wat hegere priis foar te beteljen? Hast dat oer foar it lânskip, de natoer? Dy rol, dy fan de konsumint, dêr giet it stik perfoarst net oer. Wol is de konsumint ek teaterpublyk, in publyk dat op it poadium al gau gjin spilers mear sjocht, mar minsken, echte minsken dy’t dy meinimme yn harren belibbingswrâld, harren emoasjes. It makket datst oandien rekkest.

 

 

Elske Schotanus seach de premjêre fan Koning van het grasland, sneon 3 juny 2017. De foarstelling wurdt yn Fryslân twatalich splie, yn Grins en Drinte wurdt it stik brocht yn it Nederlânsk. Sjoch http://www.pier21.nl/page/actueel/koning-van-het-grasland-2017/ of http://toneelgroepjanvos.nl/koningvanhetgrasland/

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.