Koele metal komt fan Poalen

Publisearre op 26 augustus 2020

ARJAN HUT – 

In hjitteweach, de fentilator makket in lawaai, oeral yn de buert jammerje poppen en katten, mar gelokkich bestiet der muzyk heavy genôch om dêr boppe-út te kommen.

Anvision is in melodieuze progmetal-groep út Poalen. Ferline jier namen se it album Love & Hate op, de tredde plaat nei AstralPhase (2012) en New World (2016). In moaie, olympyske syklus, alle fjouwer jierren in album, al falt de seremoanje foar dit jier wol yn it wetter. De earste platen fan de band ha ik nea heard, mar wat ik dêr oer lês is oer it generaal tige posityf, de band wurdt ferliken mei ûnder oaren Threshold. Dat hear ik op de nije plaat net werom, de nûmers fan dizze Poalen binne koarter, kompakter en teätraler. Ik moast mear tinke oan Lacuna Coil, en oare moderne Europeeske metalbands dy’t stûmpende gitaarrifs, elektroanika en patos effektyf kombinearje ta hapkleare hollebatshits.

 

De synthesizers stean yn tsjinst fan it totale plaatsje. Gjin gitaarmasturbaasje te bespeuren, de rifs binne raak en de solo’s ha in kop en in sturt.

 

Ek by Anvision is dit daliks fan de earste tellen ôf te hearren. Groovy rif, strakke, moderne produksje, de band nimt wat gas werom ûnder it kûplet, om folút te gean yn it meibrulbere refrein. ‘Gewoane’ sang (Marques) yn kombinaasje gromsang (bassist Karaluz), ek dêr skoart de band gjin orizjinaliteitspunten, Marques soe grif yn Nederlân gjin subsydzje krije foar syn sjongkeunsten, mar hy hat in goeie, karakteristike stim foar dit sjenre. De teksten binne yn Euro-ingelsk, prima te folgjen mar net altyd korrekt. Opfallend is hoe soepel at de band skeakelet fan strakke metal nei melodieuze passaazjes, om fia effektive yntermezzo’s altyd wer op ierde werom te kommen. Lykas yn Chasing the light of album hichtepunt Riders from hell.

De synthesizers stean yn tsjinst fan it totale plaatsje. Gjin gitaarmasturbaasje te bespeuren, de rifs binne raak en de solo’s ha in kop en in sturt. Ut en troch in snaarmelody dy’t in oan lângenoaten Riverside tinken docht. Ja, sokke stikken hiene om my wol wat langer mocht, mar de band hâldt alles strak binnen de linen. Rules for foolssoe mei syn tekst oer frij wêze as striidliet foar tormentearre sielen yn korona-isolaasje brûkt wurde kinne. Och, soks hie de band nea tinke kinnen doe’t se in jier lyn yn de studio sieten! It lêste liet Lonely day to die (mei gastsjongeres) is my krekt te foarsisber, mar oer it generaal is Love & Hate in sterk album, dat yn in moai fersoarge, kartonnen opteardoaske sit, stylfol foarmjûn yn swart, wyt en read.

Love & Hate, cd fan Anvision, útbrocht troch Empire18

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels