Klanklânskippen: ‘Thom tanke’

TSJOMME DIJKSTRA –

Ofrûne snein wie yn de Lawei yn Drachten in nije ôflevering fan Klanklânskippen, in artistyk gearwurkingsprojekt fan komponist Sytze Pruiksma en dichter Jan Kleefstra. Foar elke ôflevering wurkje se gear mei oare artysten; muzikanten, akteurs, lûds- en fideokeunstners en byldzjende keunstners. Mei-elkoar meitsje se in ienmalige, unike foarstelling. Op de foarstelling fan snein kamen safolle minsken ôf dat krekt foar de begjin yn sân hasten noch ekstra stuollen delset waarden. It wie in bysûndere ôflevering, mei’t der in oade brocht waard oan Thom Mercuur, de keunstkenner en oprjochter fan Museum Belvédère dy’t op 20 jannewaris ferstoar.

 

De studinten krije fan Pruiksma de frijheid om har eigen gefoel by it ûnderwerp om te setten yn muzyk. Dat bringt prachtich eksperiminten ta stân.

 

De see wie útkeazen as liedmotyf foar dizze edysje fan Klanklânskippen. Want de see, dat wie wêr’t Mercuur sa fan hold. ‘Het water trekt!’, sei Mercuur in pear jier lyn yn de Ljouwerter Krante. Gjin plak dêr’t er leaver wie om ta rêst komme te kinnen of om nei te tinken as in plak mei sicht op see. Keunstskilder en gitarist Jan Snijder skildere ‘live’ foar de Klanklânskip-foarstelling. Pruiksma en fjouwer studinten fan de Minerva Academie voor Popcultuur makken muzyk by it keazen tema. Ek Pruiksma en Snijder fielden har ynspirearre troch ideeën en plannen dy’t Mercuur yn syn libben neijoech. Se besochten foar dizze foarstelling harren ynspiraasje wer oer te bringen op de jonge studinten.

De keazen multimediale foarm foar dizze Klanklânskippen mist syn doel net by it begjin fan de foarstelling. It skilderjen fan Jan Snijder wurdt mei in beamer op in wyt doek efter it poadium projektearre en foarmet in fassinearjend beweegjend dekor efter de muzikanten. It publyk folget it skilderproses oandachtich. Fan in fel mei swarte streken nei in byldwurk mei blau- en grientinten deryn: mei in pear hannelingen fan de keunstner biedt it dekor sjoggers wer in hiel oar sicht. Mei yngrepen, dy’t wat de fûlheid, hevichheid oangiet wêrmei’t se oanbrocht wurde al like min te foarsizzen binne as it waar op see, bringt Snijder fraaie bûtendykse lânskippen en seeperspektiven op papier.

De oade oan Thom Mercuur liket ek in oade oan it skilderproses. Foar it publyk is skilderjen miskien wol net sa sichtber as dat muzikale skeppingsprosessen binne: in skilderij is meastentiids net publyk te sjen oant it momint ta dat it as in foltôge wurk presintearre wurdt. It is dêrom in moaie idee om it skilderjen ien fan de sintrale aktiviteiten yn de foarstelling wêze te litten. Der wurdt in moai earbetoan brocht oan de keunstleafhawwer Mercuur.

Oan de ein fan de earste helte bringt de gearwurking tusken de ferskillende artysten in prachtige klimaks ta stân. Snijder spat syn kwaste krebûstich oer it papier út en de muzikanten litte it even hiel fûl stoarmje yn it boppesealtsje fan de Lawei. De muzikanten hawwe yn it foar mei-inoar twa heldere ôfspraken makke: de earste helte fan de foarstelling wurdt yn D-klein spile, it twadde bedriuw yn C-klein. Yn de earste helte giet der suver in suggestje fan eb en floed út fan de feroarjende passaazjes fan de skepping dy’t yn de seal plakfynt. De studinten krije fan Pruiksma de frijheid om har eigen gefoel by it ûnderwerp om te setten yn muzyk. Ek dat bringt prachtich eksperiminten ta stân.

Benammen yn de earste helte fan de foarstelling litte see- en natoerklanken har ûnderskiede yn de muzyk, lûden fan fûgels, fan de rûzjende wyn en fallende wetterdrippen en klanken dy’t ferskillende meteorologyske situaasjes symbolisearje. Yn it twadde diel stiet de muzyk noch mear sintraal, ek om’t Snijder earst op de gitaar meispilet en it byld dus itselde bliuwt. Mar oan de ein giet Snijder werom nei syn skildershoeke om de kleuren noch ien kear te mingen ta in prachtige grienblauwe seekleur. In wurk dêr’t hy as lêste tafoeging de wurden ‘Thom tanke’ by skriuwt.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.