Klanklânskippen IX

No snein 17 maart om 15.00 oere in nije edysje fan Klanklânskippen yn De Lawei yn Drachten. Seis Fryske dichters stean tagelyk op it poadium mei seis gitaristen. Sy foarmje tegearre seis koppels. Nei it skoft sil der ymprovisearre wurde wêrby’t alle tolve dielnimmers tagelyk in klanklânskip foarmje.

Dichters: Grytsje Schaaf, Arjan Hut, Elmar Kuiper, Edwin de Groot, Sytse Jansma, Geart Tigchelaar. Gitaristen: Jan Snijder, Christiaan Kuitwaard, Remko Kuiper, Anne Chris Bakker, Anne Renze Stiemsma en Sytze Pruiksma.

Sjoch foar kaarten op www.lawei.nl of belje mei 0512 30 50 50.

Comments
Ien reaksje oan “Klanklânskippen IX”
  1. Marijke Faber schreef:

    Dag Grytsje Schaaf,

    Op IJsland in Bolungarvik ontmoette ik jou. Je vertelde over een festival in Leeuwarden eind november.

    Kan je mij er meer gegevens over sturen: datum, programma in ABN, want mijn Fries is 0,0.
    Ik zag wel al een paar mooie foto’s van jou.

    Hartelijke groet Marijke

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.