‘Ik kin net lang op itselde plak yn deselde foarm bliuwe’

Publisearre op 15 augustus 2018

ARJAN HUT – 

Michelle Samba (Ljouwert, 1990) is fulltime muzikant. Sy drumt en sjongt en is op toernee yn de band fan Claudia de Breij. Under de namme Chai Blaq makket sy spannende elektroanyske komposysjes mei romte foar ymprovisaasje. Soanyske aventoeren dy’t likegoed by in klup passe as yn in museum. Fan ’t simmer sil se nije muzyk opnimme op Oerol. Tegearre mei in choreograaf út Spanje wurket se oan har earste echte album.

‘Ik wie thús en de tillefoan gong. It wie in mefrou dy’t har foarstelde as “Claudia de Breij”. Dy namme sei my neat. De frou fertelde dat se in teätertoernee die en socht om in drummer. Se woe graach in donkere, froulike drummer. Dêrom belle se’, seit Michelle Samba no, in pear wiken letter. It is in snein yn jannewaris en wy sitte yn Grins oan in tafeltsje yn de biblioteek. Bûten skynt de sinne as is it maitiid en it is oeral drok yn de stêd, ek hjir tusken de boeken.

 

‘Ik kin net lang op itselde plak yn deselde foarm bliuwe. Hjir yn Grins fiel ik no mear romte.’

 

Ik hie mei it jonge multytalint ôfpraat op it stasjon, krekt nei twaen. De saterdeis om dy tiid krige ik in berjochtsje. ‘Stiesto nó op it stasjon?’ ‘Nee, moarn!’, tikke ik gau werom. Sy wie krekt wekker, ferklearre se. De jûns dêrfoar hie se in optreden hân, yn de Achterhoek, mei de band fan Claudia de Breij. Se wie om fjouwer oere nachts pas thús. ‘Mar it wie leuk!’ Sneins stiet se kreas op tiid by Spoar 1 op my te wachtsjen, mei in grutte koptillefoan op, en ropt my as ik – myn jas iepenritsend en mei it ov-paske kloatsjend – de ferkearde kant út rin.

‘Claudia frege oft ik noait wat fan har sjoen hie, op tv miskien, of dat ik har op de radio wolris heard hie, mar ik koe har echt net.’ Ik wol graach witte hoe’t se reagearre op dat fersyk om in drummer mei in bepaald uterlik. Earder drumde Michelle ek foar de Toppers, dy’t in ‘Sheila E.-achtich’ type sochten. Dy wrâld fan glitter en uterlikheden leit ek nochris fier bûten it muzikale paad dat sy sels bereizget. ‘Ik sei: “Kun je me straks terugbellen, ik sta onder de douche!”’

Har widze stie yn Ljouwert en letter wenne Michelle ûnder oaren yn Boazum en Dokkum. Frege nei it begjin fan har muzikantskip, fertelt se dat dat begûn yn in lokale sigeunerband yn har tiid yn Boazum. Dêr learde sy ek Carel van Leeuwen (RemoliNo, Souldada) kennen, dy’t har oan in earste setsje drums holp. ‘Ik ha dêrnei yn in soad bandsjes drumd, sa’t dat giet, mar ik socht om oare soarten fan gearwurking en muzykmeitsjen as de tradisjonele bandsjekultuer.’

 

Sjonge
‘Ik spile yn 2012 mei yn in teäterstik fan it Noord Nederlands Toneel, Woensdag Gehaktdag, nei it boek fan Klinkhamer. It giet deroer hoe’t hy – hypotetysk – syn frou fermoardzje kinnen hie. Ik die de perkusje én spile de metafysyske ferskining fan syn frou Hannie. Regisseur Tom de Ket hie yn ’e holle dat ik as ferskining oan de ein Ave Maria song. Ik sei, ik bin in drummer!’ Likegoed woe se it wol besykje. De Ket hie grut gelyk. Net allinne kin de drumster sjonge, sy brûkt har stim ek werklik as in ynstrumint.

As sjongeres is Michelle har styl noch oan it ûntwikkeljen en se ûntdekt geandewei nije mooglikheden. It leveret spannende optredens op, lykas har ‘showcase’ yn it Neushoorn-kafee yn desimber as ûnderdiel fan it Freeze Festival. Harsels begeliedend op in wûnderaardich elektroanysk ynstrumint mei samples en perkusje wie sy – nota bene as fergees ûnderdiel foar in hantsjefol betide besikers – ien fan de meast boeiende artysten fan it hiele wykein.

Fia in Popakademyprojekt waard Michelle Samba keppele oan rapper Misha, mei wa’t se no it duo F.U.N.C. foarmet. ‘Ik wie eins de fyfde keuze, mar der foelen meardere minsken út. Ik waard keppele oan in tal Finske jonges mei kompjûters. Dy hoegden net in drummer, dat ik stelde foar om dan mar te sjongen. As ik in nij muzikaal spoar folgje, betink ik dêr foar mysels in nije namme by. Sa kaam ik op Chai Blaq’, ferklearret se. ‘Ik ha al in pear kear nei Helsinki west en ferline jier ha wy in klip útbrocht by it nûmer Nectar. Dizze simmer komt Misha nei Oerol en dêr sille wy in wike yn de studio opnimme. Hiel moai, dan hoech ik ek net hieltyd nei Finlân!’

 

Geisha
Yn de simmer fan 2017 is se ôfstudearre oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert. ‘Ik hie dêr ek wol myn nocht, it wie klear. Hie it gefoel as moast ik mysels ferkeapje op in wize dy’t my net sinnige.’ Se oefene guon ideeën foar har eksamen by in optreden yn maaie 2017 op de Stânfries X, dêr’t se it publyk ferbjustere mei har yntinse, útdaagjende oanpak. ‘Ik hie lêzen oer geisha’s en de Japanske estetyk. Muzyk, keunst en seks … alles yn ien pakket, dus ik tocht: alle entertainment kin wol yn ien distrikt! Dêrom woe ik myn ôfstudearprojekt graach opfiere op de Weaze.’ Se laket. ‘Ik ha dat wol ferantwurdzje moatten nei myn leararen.’

Der wie in geskikte romte yn de Ljouwerter readelampkesbuert dy’t de studinte brûke mocht. ‘It wie in keamer dêr’t se bananeshows dienen. It wie bysûnder dat ik dêr terjochte koe. Ik ha twa kear myn eksamen dien. De earste kear, foar de dosinten, waard ik beoardiele, dat bringt in aparte spanning mei. Mar ik bin slagge. De twadde kear wie écht goed, dat wie foar de famkes, de froulju dy’t dêr wurken. Meastal fan myn eigen leeftiid. Dy seagen it as eat dat sy krigen – sy krigen dy muzyk en de show kado.’

Al foar har ôfstudearjen ferhuze de aventoerlike muzikante nei Grins. ‘De seeklaai ûnder myn fuotten yn Ljouwert, ik hie it gefoel as siet ik dêryn fêstsûge.’ Bliuwe om it Kulturele Haadstêd-jier sit net yn har karakter. ‘Ik kin net lang op itselde plak yn deselde foarm bliuwe. Hjir yn Grins fiel ik no mear romte. Ik wenje net fier fan it stasjon. Nee, in drumstel ha ik thús net, haha, de buorlju ha gjin lêst fan my. Ik drum hast alle dagen in oerke by VRIJDAG, it poadium foar amateurkeunsten.’ Op Facebook neamt se har drumstel ‘my boyfriend’. ‘Dat is wol in bytsje sa. Mar myn drums steane yn de toerbus, dus it is in lange-ôfstânsrelaasje!’

 

Earste album
Njonken de plannen om op Skylge mei F.U.N.C. nije muzyk op te nimmen, stiet der noch in grut projekt op priemmen. ‘Ik bin troch De Nederlandse Dansdagen yn 2016 keppele oan in dûnser fan Spaanske komôf, Jesús de Vega. It projekt – dêr’t ek Marike Jager oan meidocht, sy is as singer-songwriter ek oan in choreograaf keppele – hjit Distinguished Dreams. De fraach oan ús wie: “Wat kinne jim fine tusken pop en choreografy?”

Ik wie yn de ban fan Kintsugi, de Japanske tradysje om brutsen keramyk mei goudkleurige lak te reparearjen. De skea wurdt in weardefol ûnderdiel fan it objekt. Dûnsers rinne, sa’tst miskien wol witst, ek tsjin stevige blessueres oan, sy freegje in soad fan har liif. Wy kamen sa op it idee om op Jesús te drummen. Syn lichem is it ynstrumint.’

De performance fan beide ynnovative artysten slacht oan. ‘Fia it ICK (International Choreographic Arts Centre) yn Amsterdam krigen wy ekstra budzjet om mear te dwaan. No bin ik ek dwaande mei wat myn earste echte album wurde sil. Hoe moai soe it wêze as ik dat mei in choreograaf, mei Jesús doch?’

Mar earst de toernee mei Claudia de Breij. In prachtige kâns, al sei se net daliks ja. ‘Der binne miljoenen goede drummers, mar ik wol net as ekskústruus op it poadium sitte, allinne om hoe’t ik der útsjoch. Nei ús telefoangesprek ha ik earst har show besjoen. Dy ferraste my. Boppedat klikte it mei de band en ek mei Claudia. Foar ús optreden yn de Achterhoek ha ik mei har troch de bosken kuiere en oer fan alles praat. Ik kin my prima fine yn wat sy besiket te dwaan. Sa kin it rinne. No bin ik fulltime muzikant, mar foar itselde hie ik no yn in callcenter wurke.’

‘Lêsten sieten wy nei in show oan in tafeltsje. Claudia, ik en in technikus, tafallich ek in frou. En ik tocht, wat ha wy dochs al in soad berikt. Claudia fûn it wol wat ûngemaklik om my te freegjen’, seit Michelle, referearjend oan it telefoantsje dêr’t alles mei begûn. ‘Mar der is in proses op gong kommen.’ Wy dogge de jassen oan en sille werom rjochting stasjon. Mar earst ferûntskuldiget Michelle har en kuieret nei de toiletten. Sûnder te wifeljen rint se de manljus-wc yn.

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 17 (2018), 2 (maart)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels