De KGB, ofwol: de kapiteins fan de Taletún

Publisearre op 7 november 2017

ELSKE SCHOTANUS – 

Fan april 2018 ôf sil der yn de Ljouwerter Prinsetún in soad te belibjen wêze. De Taletún, in projekt fan Lân fan Taal, is rjochte op bern fan de basisskoalleleeftiid, wat net betsjut dat der foar grutte minsken net ek te genietsjen falt. Sibe Jan Kramer, Bouke Groen en Machiel Braaksma betinke en ûntwerpe de objekten dy’t plak krije sille yn it park. In petear mei de KGB, sa’t it trijemanskip himsels neamt.

 

‘De ûntwerpen binne der. No noch it technyske part útfûgelje. En sjen wat it kostet.’

 

Vrije denkers
Yn de Taletún giet it net om objekten allinne. Der binne rûtes en edukative projekten oan ferbûn en der wurde nije ferhalen skreaun. Sa komt der bygelyks in nij, op de Taletún rjochte, Tomkeferhaal.

‘De Talentuin is gebaat bij vrije denkers’, mient Bouke. ‘Ik tink dat we elkoar oanfulle’, folt Sibe Jan oan. Bouke wer: ‘We zijn alle drie met soortgelijke dingen bezig, maar wel vanuit drie verschillende invalshoeken. Ieder heeft zijn eigen manier van denken en zijn eigen kunde. Dat zorgt voor uitgebreide gesprekken.’ Sibe Jan: ‘Hast in idee, dan heakje de oare beide der op yn. Dan is it: “Nee, dit …” En seit de oar: “O, ja, leuk, dan moatte we it al sa dwaan.” Machiel: ‘Op dy manier komme je moai yn ’e fersnelling.’ Dêrby litte de trije har net beheine troch wetten en ûnmooglikheden. ‘Earst wat betinke, sjen oft it helber is, komt letter.’

Ek yn it petear folle de trije elkoar oan. ‘Er moet iets met taal. Het zijn de scholen die kinderen al over taal leren, ons gaat het om communicatie en dat zit veel meer hier.’ Bouke wiist op syn búk. ‘We rjochtsje ús op de allerjongsten oant en mei de basisskoalleperioade. It is balansearjen. Wat sprekt oan?’ ‘Wat is it basale fan taal? We binne werom gong nei de oarsprong fan taal. Dan giet it om it koderen fan it boadskip en it dekoderen derfan, dan hast it oer kommunikaasje. Sa kamen wy op sân ideeën. Fokke Jagersma, projektlieder by de afûk hat dêr, mei syn kollega’s, fjouwer fan útkeazen om mei fierder. Sy binne in stikje trachter. We ha al reedlik romte om ús eigen paad te kiezen.’ ‘Wij zijn een pad gaan lopen, dat zij ook niet hadden verwacht. Heb je het over communicatie, dan kom je op heel andere ideeën dan wanneer je vanuit taal vertrekt.’

 

‘Wij willen vooral iets magisch toevoegen aan de tuin. Ook qua beeld.’

 

Magy tafoegje
Elk fan de trije ‘KGB-leden’ is kapitein fan in projekt en alle trije ha dy rol by it fjirde.

Bouke Groen is bekend om syn ynstallaasjes, dy’t ûnder mear yn de iepenbiere romte, tentoanstellingen en op festivals te sjen binne. By him kin in radiator, mei dêrboppe lamellen, beide yn in oare as oare foarm, samar yn ’e bosk opdûke. Foar de Talelún is hy de kapitein fan it ‘lûdenprojekt’: ‘Het is ontstaan bij het idee gebruik te maken van bestaande objekten. Deze krijgen een soort stem: een bank snurkt, onder een putdeksel vindt een bokswedstrijd plaats, twee stenen pingpongen samen. Bezoekers kunnen op safari door de tuin. Door de geluiden slaat je fantasie op hol. Hoe haakt dat in op taal? Er is een link met kinderboekenpersonages. De objecten staan op zichzelf, maar maken ook deel uit van het educatieve deel.’

Keunstner Machiel Braaksma hie yn 2016 yn it Fries Museum de útstalling ‘Harrekrammele’, dêr’t ek in prachtich boek by ferskynde. Deistige foarwerpen assemblearret er ta, bygelyks, bisten, treinen en stasjons. Foar de Taletún heakket ek hy yn op wat der sa al yn it park te finen is. ‘Myn each foel daliks op de fiver. It plak hat wat fan in arena, sa mei al dy heuvels. Ik moast tinke oan oersop. Smytst de fiver fol útfergrutte letterfermiselli, dan feroaret de fiver yn oerletterfermisellisop. In stap fierder is in gedicht, dat kin dan moai draaie. Ferrek, tocht ik, dát is moai. Ik krige de assosjaasje mei in orakel, dat der al mear as hûndert jier is, mar no einlik praten giet.’ De laptop komt derby, dêrop falt it gedicht te lêzen. Dan lit er in animaasje sjen: hoe’t stadich bewegende dichtrigels yn it wetter te sjen wêze sille. ‘En,’ tinkt er lûdop, ‘der sit einekroas yn ’e fiver. Ik hoopje dat it kroas, lykas in stjerredize, mei docht yn it fergrutsjen fan de beweging, troch spoaren te lûken.’

‘En ík,’ sa nimt Sibe Jan Kramer it stokje fan Machiel oer, ‘bin kapitein oer de semafoaren.’ As meubelûntwerper makket er sa folle mooglik gebrûk fan brûkte materialen en twaddehânsk meubilêr. In buro mei earder brûkte laden, trije hiel ferskillende ytkeamerstuollen dy’t in bankje wurde. Ek foar de iepenbiere romte hat er ûntwerpen makke. ‘Foar de Taletún bin ik yn de histoarje plúzjen gong. Neist de sprektaal hast âlde wizen om in boadskip oer te bringen. Yn 1792 fûn in Frânsman in apparaat út mei earmen dy’t yn alderhande stannen te pleatsen binne. ’ Gnyskjend: ‘Oarspronklik wie it doel der damesrokjes mei op te tillen.’ Op de laptop tsjoent er in plaatsje fan de Télégraphe de Chappe foar it ljocht, in fisuele telegraaf. ‘De earmen kinne 256 stannen oannimme. Yn Chappe syn tiid koest sa in boadskip fan Paris binnen tolve minuten trijehûndert kilometer fierderop krije. Gjin hynder dat dêr tsjinop koe. Der binne oarloggen mei wûn, al wie dat perfoarst net de bedoeling fan de betinker. Yn de praktyk waarden dy lang net allegearre brûkt, mar njoggentich derfan. Sa’n semafoar is in moai technysk ding, docht ek tinken oan simpele minskefigueren. Yn de Prinsentún komt in rychje semafoaren. Dy kinne boadskippen oerbringe, mar kinst se ek mei elkoar dûnsje litte. De earste seint nei de twadde, de twadde nei de tredde. Der is in – hoe wie it wurd ek wer? – leginda mei betsjuttingen, mar de besiker kin ek syn eigen geheimtaal betinke.’ Op de laptop ferskynt in houten bousel. It is in toer, mei oan de boppekant de earmen. ‘Kinst der, mei in pear minsken, yn stean, in boadskip betinke en dy oerseine.’

 

 

Machiel: ‘Wy wolle dat it keunst is. As lêste projekt ha wy de scytale. Ferspraat yn de tún kommen in tsien, tweintich peallen fan ferskillende diameter. Dy sjogge derút as soerstokken yn Sjakie en de chocoladefabriek. Spiraalgewiis komme der moaie kleuren omhinne.’ ‘Spiraalgewiis?, ûnderbrekt Bouke him. ‘Wat een prachtig woord.’ ‘De âlde Romeinen brûkten de scytale om boadskippen oer te bringen.’ ‘Is het woord niet Grieks?’ ‘Soe kinne. It wurket sa: Twa minsken ha elk de helte fan in stôk fan deselde diameter. It boadskip komt op in strook lear dat om de stôk wûn is. Dy strook lear stjoerst nei de ûntfanger. It boadskip is allinne te lêzen foar dejinge dy’t de strook om de stôk mei presys deselde diameter wynt.’

 

 

Sjoch foar mear ynfo op: https://lanfantaal.frl/project/taletun/http://boukegroen.com/http://www.sibejan.nl/ en http://www.machielbraaksma.nl/

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels