In keunstwurk as rêstjaand middel

Publisearre op 6 december 2017

WILLEM WINTERS – 

0.
Ik haw besocht yn 9 koarte stikjes kritiek te leverjen op it stik fan Joke Hermsen Tijd, aandacht en verstilling in de kunst. [de Moanne nû 7 novimber 2017] Se freget har ôf: ‘Wat vermag de kunst nog in deze hectische tijden? Kan zij een antwoord bieden op de drukte en complexiteit van ons bestaan.’

 

1.
Tiid, oandacht en ferstilling, sa formuleart Joke Hermsen de titel fan har artikel yn de Moanne. As der ien Fryske keunstner ferstilde skilderijen makke dan wie it Willem van Althuis wol. Ferneamd yn dit opsicht is syn searje ‘de hang fan Laaksum’. Mar ynstee it wat tichter by hûs te finen, siket Hermsen it by Mark Rothko.

Van Althuis moast nei myn idee neat hawwe fan dizenige teorieën, foar him wie in skilderij in ding fan farfe en linnen. Hy die skilderkeunstich ûndersyk nei dy matearje.

 

2.
Wy kinne in soad útspraken oer tiid, oer de tiid dwaan dy’t allegearre klopje, lykje te klopjen. Dat se net klopje, net doge, healslachtich binne en faaks ien rjochting oan jouwe wylst de tiid alle kanten út kin.

Hoefolle kanten binne dat. Dat witte wy net. It is by wize fan sprekken. Wy kinne net iens de iene fan de oare kant ûnderskiede. It is dúdlik dat wy mei dizze redenaasjes net folle opsjitte. De wurden litte de lêzer efter yn betizing.

 

3.
Yn 1912 ferskiende in kurieusk boekje mei brieven: ‘De ontdekkingsreis van de neger Lukanga Mukara in de binnenlanden van Duitsland. Hy fernuveret him oer fan alles, ek oer hoe ’t men hjir mei tiid omgiet: `Verbied tijdaanwijzers, riedt er syn opperhaad oan, want wie er naar kijkt bedenkt allerlei gekkigheid. In Kitara hebben we geen tijdaanwijzers nodig. Als de zon opkomt kraait de haan en weet iedereen dat een nieuwe dag begonnen is. ’s Middags staat de zon het hoogst en ’s avonds gaat hij weer onder. Meer hoeft een mens niet over de tijd te weten.’

Alles moat op tiid, trein, bus, fabryk en dat liedt ta gekte, skriuwt Lukanga: ‘Ik heb zelf gezien dat de Wasungu [Dútsers] tijdgekken zijn geworden.’ De skriuwer is net Lukanga mar Hans Paasche, in bekende skriuwer, mar dat wie doe net bekend. Men hold it foar echte brieven. Hermsen neamt dit boek net, mar soe de kritiek fan Paasche wol ûnderskriuwe. Mar dat keunstwurken wat oan dizze problemen dwaan kinne is nij.

 

4.

is de tiid in rivier

is de tiid in ferkearsplein

is de tiid in tijstream

is de tiid in streamsteuring

is de tiid in wynhoas

 

5.
Joke Hermsen tinkt de keunst ferdiele te kinnen yn keunst dy’t al of net genêzende krêft hat, genêze kin. Fral troch dat de keunst minsken ûntspanning jouwt en dat is wat wy yn it tiidrek fan no nedich hawwe. Skriuwt Hermsen.

Mar de tiid kinst net ferdiele. Yn tsjinstelling ta wat Joke cs. beweare is der mar ien tiid en dy tiid is alder ferskuorrends abstrakt. Do kinst in oere of in jier nei in klok sjen en dan noch hast de tiid net sjoen. Neat as wat meganiekjes hast sjoen.

Hermsen beskriuwt wiidweidich it ferskil tusken lineaire tiid en kwalitatieve tiid. Nettsjinsteande dat de âlde Grieken al sa’n ûnderskied makken, tink ik der oars oer. Der bestean gjin twa soarten tiid, mar mar ien. En dy hat alle skaaimerken fan Barbapappa, dat amoebyske wêzen dat gjin fêste foarm hat mar wol altyd deselde bliuwt.

 

6.
Mark Hospers [koördinator fan Explore the North – ynterview yn deselde Moanne] nimt in hiel oar stânpunt yn as Hermsen. Hy stelt: ‘In Friesland moet kunst altijd een ander doel hebben, een probleem oplossen. Terwijl gekke en verrassende dingen zónder maatschappelijk nut het culturele veld in beweging zetten.

Ik wol best leauwwe dat it iene keunstwurk jin fleurich meitsje kin, wylst men fan it oare in tryst sin kriget. Mar dat is wat oars dan de keunst ynsette om bygelyks swiermoedigens te ferjijen

It liket my boppedat in gebiet,wêr’t plasebo’s gau wurk fine.

 

7.
Ek moat der op wiist wurde dat de iene persoan hiel wat gefoeliger is dan de oare;

Joke Hermsen is slim gefoelich. Earst noch marris it probleem neffens Hermsen: ‘De gevolgen van de tijdsdruk en de technostress liegen er niet om. We schrijven alleen in Nederland ruim twee miljoen recepten per jaar uit om de symptomen van stress, burn out, depressiviteit en slaap- en consentratiestoortnissen te bestrijden.’

As wy allegear de woldidige wurking fan ‘e keunst oer ús komme litte soenen dan stie it er hiel wat better foar. Mar nee, it binne de byldskermen dy’t fan Hermsen de skuld krije.’

 

8.
In pear jier ferlyn fûn der in grutte tentoanstelling fan Mark Rothko plak yn it Haags Gemeentemuseum. Hermsen besocht de útstalling en wat ‘er doe barde wie neat minder dan in revelaasje, in wûnder, in wûnder: ‘Zodra ik de zaal binnenliep en voor een van zijn grote, abstracte doeken ging staan, merkte ik al dat ik niet langer werd opgejaagd door de snel wegtikkende uren van de klok, maar dat ik in een andere, veel rijkere en meer persoonlijke ervaring van tijd terecht was gekomen.’

Har ferhaal docht tinken oan dat fan minsken dy’t aliens moete ha.

Jammer dat Hermsen net beskriuwt hoe’t hja wer út dizze dreamsfear rekke is. En hoe fergie it de oare besikers. Leine se te spinpoatsjen oer de flier fan religieuske opwining.

De mear ûngefoeligen, stoareagden dy nei de grutte plakken farve fan Rothko en wiene se eins mar wat bliid dat ja net fan de tried rekken.

 

9.
It is bjusterbaarlik hoe fluch in keunstwurk syn heilsume wurk dwaan kin, by Hermsen alteast. Gjin A.Vogel kin dêr tsjinop.

Soe net eltse boarger fan it sikefûns in Van Althus krije moatte.

Wa sil dat betelje?

Mooglik hat in goed affysje itselde effekt.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels