Reaksje: De grutte heale skriuwer by in hele diss.

GERBEN ABMA –

Yn de Moanne 2010, nû.10 skreau S.H.P.de Jong gâns in stik oer de dissertaasje fan Joke Corporaal oer Anne Wadman; net oer de hele Wadman, oer de heale, ntl. oer de (lytste) helte fan de man syn libben, doe’t it echte wurk noch komme moast. ‘It is in treflik wurk woarn’, skriuwt De Jong en hy neamt in mannich deugden fan Joke C., wêrûnder flyt, krektens etc. Frjemd genôch neamt er net de deugd fan kundichheid of kennis fan saken. Mei sin net? Doch ‘redenen genôch om har der fan herten mei te felisitearjen,’ giet de Jong fierder. Ek ús hertlike lokwinsken fansels.

Hoe grut is de hele skriuwer as oer de heale al in dissertaasje komt? Hoe grut in skribint dy’t hjirfan seit ‘it is in treflik wurk woarn’. Om fan de promoator en de skriuwster mar gjiniens te praten. It stik fan S. de Jong is ek in treflik wurk woarn. Us lokwinsken. Treflik, knap – tagelyk neatsizzend en misliedend. It iene om’t  it yn it Frysk skreaun is, de skriuwer Steven H.P.de Jong hjit dy’t ‘woarn’ yn it plak fan ‘wurden’ brûkt; it oare om’t it yn al syn wiidweidigens en fertoan fan wurden, de problemen en fragen net stelt of dy yn mist en mannichte fan wurden bedobbet en weimakket. Fral om’t de skr. plak, funksje en betsjutting fan de Hollânske skriuwerij(literatuer) yn it Fryske libben gjin acht slacht. Hy giet wat hjit de konfrontaasje net oan, hjir in dwaas wurd fansels, mar sels net in fergeliking mei en ferhâlding ta – hoe behindich ek – de Hollânske skriuwerij yn Fryslân en dy kwestje alhiel lizze lit. Net meisin wol men ha, hy mist it net.

Dat dy it iennichste referinsjepunt is dat der by ús ta docht, wit S. de Jong, learaar Nederlânsk sûnt jierren herwaarts, as er syn baitsje en nachthimd útlûkt, fansels better as wa  ek. Mar nee, gjin wurd.

De analize begjint mei in dot fan in sirkelriddenearing: de fryske literatuer is literatuer oars wie it gjin literatuer. Treflik. De literatuer-wittenskip ( troch de skr. tusken ‘’ set en betiisd mei klassike retoarika) is fan gjin belang (mear); mei in ombocht komt dy en in bytke romananalize doch boppe: yn de persoan fan de moade-filosoof fan tritich jier ferlyn, Sartre. Filosoof, grut ferearder fan de grutste massa-moardner út de skiednis, J. Stalin, en literatuer-wittenskipper no mei de wurden: subjektyf point of view of it pour soi – it objektive point of view of it pour l’autre oan de oare kant. Gelokkich bliuwt it hjirby; de begripen drage neat by oan it hifkjen fan W’s skriuwersskip of fan de deugden fan syn wurk.

St. de J. komt dan op W’s antisemitisme. W. jout dy ta(!); Joke C. en De Jong skowe it op it foar-oarlochske klimaat en dogge it dan ôf mei in lang sitaat fan Ter Braak. Niget dat it oardiel oer de loyaliteits-ferklearring op ’e kop set wurdt: dat W. nei de oarloch suvere waard, wie slim; net de ferklearring: ‘mei kollaboraasje hie it neat te meit-sjen.’ No, no. De Frysk-nasjonale jongerein fan de jierren ’30 hjit ‘antynazy’; hoe’t dy doch ynfloed op W’s antysemitisme hân hat, ‘sil wol net gau dúdlik wurde’. Punt behannele – moai dat it sa kin. W. is in ‘eksistinsjalistysk’ skr., dat makket alles goed. Yn de jierren ’50 waard E.B. Folkertsma oan yn it absurde fereare ( sj.ensafh.maitiid 2010), sa no W., oan yn it absurde.

Comments
6 reaksjes oan “Reaksje: De grutte heale skriuwer by in hele diss.”
  1. josse de haan schreef:

    Gerben Abma sjocht de irony en it sarkasme fan Steven de Jong net yn syn reaksje op de dissertaasje fan Corporaal. De Jong felisitearret har en jout dernei in eksposee oer it wurk fan Wadman der’t Corporaal wekker fan lizze moat, noch net iens fan dreamd hat.
    ‘Jezus, dat soks yn it wurk fan Wadman sit, mar goed dat ik yn 1963 ophalden bin mei it lezen fan syn briefkes en deiboeken. Want dernei begun it echt’, tinkt Corporaal.
    Ik nim oan dat Abma neat sjocht yn de GRUTTE skriuwer Wadman, want hy moat wol heel grut weze as je oer de heale al in dissertaasje skriuwe. Soe it ek sa weze kinne dat dizze dissertaasje heal wurk ofleveret? Abma soe wat dudliker skriuwe moatte, wat er der fan fynt. Syn ideeen oer de dichter Steven de Jong wiene wol bekend.

  2. Bouke Slofstra schreef:

    In goeie, byneed ‘fûleinige’ diskusje kin elk blêd wol brûke. Mar dy sil yn De Moanne spitigernôch net ferskine. Wat je hjir wol fine is in sabeare diskusje. Dat giet sjesa. Skribint ien hat in ûnderwerp, in stelling en ynhâldlike arguminten en wurket dat mei ferdrach út ta in foech artikel; skribint twa reägearret yn sân hasten mei in ûnlêsber stik grôtfol ôfkoartings op in artikel dat er blykber net lêzen hat. Syn stik is ien grutte ignoratio elenchi, oanfolle mei in stikmannich ad-hominem arguminten. Skribint ien kin ferskate ûnderwerpen op it aljemint bringe, skribint twa skriuwt allegeduerich oer de Hollânske omfiemingen fan de frisistyk. Skribint ien besiket in diskusje oer in sintraal ûnderwerp op priemmen te setten, skribint twa skriuwt in lossteande kabaret-tekst ûnder it kopke “populêr”. Skribint ien kin ferskate nammen ha, skribint twa hjit fan Gerben Abma.
    Steven H.P. de Jong observearret, mei achtenearring foar it wurk fan Joke Corporaal, in probleem by de oanpak fan it ûndersyk. De kearn fan syn ferhaal giet de kar tusken persoan en wurk as ûnderwerp fan stúdzje. Dat is nijsgjirrich, en der falt wol mear oer te sizzen. Mar dat kin spitigernôch net. It hat der alle skyn fan dat De Moanne, mei sin of net, altyd in joker ta syn foldwaan hat, net om de lêzer ta in goede diskusje út te noegjen, mar om in goede diskusje foar te kommen op it stuit dat it dêrfan komme soe. In nijsgjirrige dissertaasje fertsjinnet better besprek as dat. In nijsgjirrich blêd ek.

  3. Bouke Slofstra schreef:

    [****lytse skriuwflater ferbettere****]

    In goeie, byneed ‘fûleinige’ diskusje kin elk blêd wol brûke. Mar dy sil yn De Moanne spitigernôch net ferskine. Wat je hjir wol fine is in sabeare diskusje. Dat giet sjesa. Skribint ien hat in ûnderwerp, in stelling en ynhâldlike arguminten en wurket dat mei ferdrach út ta in foech artikel; skribint twa reägearret yn sân hasten mei in ûnlêsber stik grôtfol ôfkoartings op in artikel dat er blykber net lêzen hat. Syn stik is ien grutte ignoratio elenchi, oanfolle mei in stikmannich ad-hominem arguminten. Skribint ien kin ferskate ûnderwerpen op it aljemint bringe, skribint twa skriuwt allegeduerich oer de Hollânske omfiemingen fan de frisistyk. Skribint ien besiket in diskusje oer in sintraal ûnderwerp op priemmen te setten, skribint twa skriuwt in lossteande kabaret-tekst ûnder it kopke “populêr”. Skribint ien kin ferskate nammen ha, skribint twa hjit fan Gerben Abma.
    Steven H.P. de Jong observearret, mei achtenearring foar it wurk fan Joke Corporaal, in probleem by de oanpak fan it ûndersyk. De kearn fan syn ferhaal giet oer de kar tusken persoan en wurk as ûnderwerp fan stúdzje. Dat is nijsgjirrich, en der falt wol mear oer te sizzen. Mar dat kin spitigernôch net. It hat der alle skyn fan dat De Moanne, mei sin of net, altyd in joker ta syn foldwaan hat, net om de lêzer ta in goede diskusje út te noegjen, mar om in goede diskusje foar te kommen op it stuit dat it dêrfan komme soe. In nijsgjirrige dissertaasje fertsjinnet better besprek as dat. In nijsgjirrich blêd ek.

  4. Bouke Slofstra schreef:

    (myn boppeste bydrage, fan 9 maaie 11.58 oere, kin fansels fuort; dy wurdt ferfongen troch “12.23”)

  5. André Kamsma schreef:

    De Moanne 7 giet foaral oer de Swette.
    Ast’ oan ‘e Dilledyk opgroeid bist, dan hast’ wat mei de Swette.
    Ik haw winliks mar ien punt fan krityk”Kerst Huisman wol hawwe dat de Dille by Raerd leit en dat moat fansels Easterwierrum wêze. Allinne de brégewachterswenning stie yn de gemeente Raerderhim. Alle oare herbergen, winkeltsjes, wenninkjes ensafh. stiene yn Baarderadiel. De Dille wie alhiel orientearre op Easterwierrum.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.