Keunstners en corona: seis portretten
Publisearre op 6 januari 2022
Hoe belibje keunstners dizze coronatiid? Hoe slaan se harren der trochhinne? Hawwe se troch harren ferbyldingskrêft in streekje foar? Marita de Jong makke in portret fan seis keunstners en instellingen en spruts Marten Winters, De Lawei, Emiel Stoffers, Remko Smids, Lotte Middendorp, en Tjibbe Hooghiemstra. It ynterview mei de lêste is hjir ûnder te lêzen, de oare ynterviews binne werom te finen yn de lêste edysje fan foarich jier, de corona-special oer keunst, kultuer en corona.
– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –
MARITA DE JONG –
Mei de stabij op toernee
De stabij Liv wie de oanlieding foar keunstner Tjibbe Hooghiemstra om in desimber-kadoboekje te meitsjen mei dêryn in searje tekeningen fan dyselde hûn en teksten fan skriuwer Douwe Kootstra. It projekt is foar in part ûntstien út rekalsitrânsje, en foar in part om der mei de hûn op út te kinnen, fertelt Hooghiemstra. ‘It hat alles te krijen mei de lockdown. Ik wie dêr hielendal klear mei. Ik woe wat meitsje dêr’t ik aardichheid oan hie en it publyk ek fan genietsje kin.’
Iepeningen fan eksposysjes yn Japan giene net troch, it online lesjaan oan de Keunstakademy, Hooghiemstra waard dêr net fleuriger fan. Tsjin de overkill oan negative berjochten wie der syn stabij. ‘It boekje wie einliks in ekskús om mei Liv op stap te gean, de hûn is in “ongeleid” projektyl en lêstich te hantearjen. Dy ûnmooglikheid wie foar my de reden om Stabij on Tour te betinken: in jûn mei in hûn. Douwe en ik geane op toernee en besykje de minsken in gesellige jûn te besoargjen. We dogge dat omdat we der nocht oan ha. Der stiet gjin ynvestearring op it spul of hege kosten, we kinne sa in jûn der op út.
Foar de útjefte hat Douwe, neist in pear ferhalen, ek hiele koarte stikjes skreaun fan mar in pear rigels. It binne hast gedichtsjes, dy’t hy bijkes neamt. Ek stiet der in resept fan brea yn, omdat de hûn dêr sljocht op is. ‘It wurde jûnen yn lytse sealen, yn kafees en soms by minsken thús. We ynterviewe elkoar, Douwe fertelt ferhalen en ik jou in minykolleezje oer it meitsjen fan tekeningen. Dy binne ek te sjen. In wichtige rol is weilein foar de stabij, dy’t net de hiele jûn foar it ljocht komt. Dat hâldt Liv net fol. Hoe’t dat gean sil? Gjin idee. Dat makket it krekt sa spannend. Mar ik ha der alle betrouwen yn, want as minsken Liv sjogge, binne se ferkocht.’
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Essay
HUUB MOUS - It Frysk Museum hat fan de ferline jier ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema achttjin miljoen euro krigen foar nijbou ‘op of aan het [...]