fotografy: Keunstkrite Twizel

Keunstkrite Twizel: altyd dwaande

TSJOMME DIJKSTRA – 

Op skoallen yn de gemeente regelen se dat dichters yn de klasse kamen en in gastles fersoargen. Soms wurkje se ek mei de gemeente gear oan kulturele projekten. Yn haadsaak soargje se der lykwols foar dat der in protte poadia foar keunstners binne om har wurk te presintearjen. Foar en mei harren organisearje se eksposysjes, optredens, keunstmerken, wedstriden en kuiers. It bringt in soad ferdivedaasje yn Twizel en omstreken om’t der folle minsken op ôfkomme en fan genietsje.

 

Elkenien hat syn eigen passy, en styl, dat is it punt net. Mar moatst it omsette yn dieden.

 

De stichting Keunstkrite Twizel waard njoggen jier lyn oprjochte troch in groep tige aktive frijwilligers yn de regio dy’t har aktiviteiten yn in stichting gearbrochten. De feriening is ek wer fierder fertakke yn allegear ferskillende wurkgroepen dy’t binnen harren eigen dissiplines aktiviteiten betinke. Yn dy foarm wurdt de grutte fariëteit op it mêd fan de keunsten aardich betsjinne. “Der binne safolle minsken aktyf kreatyf sjoen, der is foar elk wol in plakje”, seit Hetty Kloosterman Combs, fan it begjin ôf oan belutsen by de krite. Dat liket opgean te kinnen foar de aktiviteiten, mar ek foar de groepen dy’t se betinke. Krektlyn waard de wurkgroep Literatuer en poëzij bygelyks noch útwreide ta de wurkgroep Literatuer, poëzij en muzyk.

 

Frijwilligers
Leden fan dy wurkgroep binne byinoar yn it hûs fan Jaep Meems. In moai plak om ôf te praten – smout, tusken beammen, it grien en de fûgels. En dêrmei ek passend by wat wy hjoed besprekke wolle: it is in lokaasje dy’t de kreativiteit prikelet. Dirigint en organist Jaep Meems wennet der al fjirtich jier. De reden foar ús petear is, dat de leden graach wat oer de aktiviteiten fan de stichting fertelle wolle en dat se graach in oprop dwaan wolle yn ferbân mei it tsienjierrich jubileum it oare jier.

Want ferskillende wurkgroepen kinne noch wol wat minsken brûke. Minsken dy’t meitinke wolle, en ideeën hawwe. “Je moatte der, koartsein, wat tiid ynstekke wolle”, sa leit Hetty Combs út. “Ast neat mei Fryske poëzij hast, jout dat op himsels neat. Ast dêr mar wol foar iepenstiest. Us wurkgroep hat literatuer en poëzij as spesjaliteit. Dan giet it ek om it belang fan taal, kreatyf omgean mei taal. We ha ek wol lessen op skoalle jûn. Wedstriden foar bern. De basis fan alle kreativiteit. Untwikkeljen fan taal en promoasje fan Frysk heare der ek by.’’

Der is ek in wurkgroep foar byldzjende keunst, en ien foar edukaasje. Dy binne noch frij konstant beset, stelt Hetty, mar der kinne likegoed noch wol minsken by. “Yn Kultuer seker noch. En de wurkgroep Fotografy bestiet út twa minsken. Dy dogge it hartstikke goed, mar it is wol hiel drok”, sommet se op dêr’t ferlet fan is. “Der is no ek in bestjoersfakatuere en it sekretariaat moat eins ek wat ûndersteuning hawwe. Yn elke wurkgroep draait ien fan it bestjoer mei, de lijntsjes binne koart. En by de ekskurzjes treffe je elkoar ek, it binne net allegear eilantsjes.”

 

Aktiviteiten
Op it stuit is har eigen wurkgroep drok om mei de gemeente in kulturele fytsrûte troch Achtkarspelen út te tinken. Dy kinne je fia in app op de telefoan mei ynformaasjepunten fytse. Heal maaie wurdt dy iepene. By de iepening wurde gedichten foardroegen en ferhalen ferteld. “Dat binne langduerige projekten, dêr binne je alle moannen in pear oeren mei dwaande”, stelt Hetty Combs. It idee fan wer in oar, wat lytser projekt is om it hele doarp mei saneamde ‘plukgedichten’ te fersieren. “Wouter (Wouter van Schaik, de ponghâlder fan de stichting) hat in pear strofen fan Hollânske dichters en skriuwers sammele. Jaep hat itselde dien mei Fryske”, seit Hetty.

Sa wurde der yn de stichting hieltyd nije dingen betocht. “It moat wol in bytsje suksesfol wêze. Dingen dy’t net rinne moatte wer ôffloeie.”

Foar de keunstwike fan Achtkarspelen, fan 25 maaie oant en 2 juny, wurket de stichting ek oan in fol programma. Yn it wykein fan 26 en 27 maaie is der bygelyks een ‘rondje kunstzinnig’. Dan binne der it hiele wykein iepen ateliers en eksposysjes yn Stynsgea yn oansluting op it LF2018-projekt Portraits & Paradise oer de keunstskilder Willem Bartel van der Kooi dy’t út Stynsgea kaam. Op 2 juny is der in keunstfeiling. Op dyselde dei kinne minsken by in ‘Kunst en kitsch’-ûnderdiel heare wat harren bysûndere foarwerpen wurdich binne.

 

Simke Kloosterman
In spesjale bekommernis hawwe de wurkgroep en stichting mei aktiviteiten dy’t mei Simke Kloosterman te krijen hawwe. “Se is dochs de skriuwster fan de Wâlden”, is de ferklearring fan Hetty. De Jan Ritskes Poëzienacht, ien fan de bysûnderste aktiviteiten fan de wurkgroep, hat dêr ek mei te krijen. Ien kear yn de twa jier set de stichting in spesjaal poëzijprogramma ynelkoar en binne minsken wolkom yn it Simke Kloostermanhûs, om nei gedichten, muzyk en ferhalen te harkjen. It is in poadium dêr’t âlde en nije poezij byelkoar komme, neffens Jaep Meems. “It is hiel breed, sadat der foar elk wat is. Ek muzyk, en soms ek teäter.”

De fyfde edysje fan dat evenemint is op kommende wei en eins ha de dichtersjûnen in noch langere skiednis. Jaep Meems organisearret yn en om syn hûs al sûnt de jierren santich dichtersjûnen en kulturele programma’s. “Elkenien dy’t skriuwe kin yn Fryslân hat hjir eins wol west.” Ea wienen Ypk fan de Fear en Anne Wadman gasten op de jûn, op de edysjes fan de Jan Ritskes Poëzienacht hawwe ûnder mear Tsead Bruinja, Meindert Talma, Ate Grypstra, Hilly Harms, Sigrid Kingma, Dirk Geerdink en Geart Tigchelaar al optreden.

“De natuer hjir is ek sa moai, it foarmet in natuerlik poadium”, fynt Hetty. “Sa’n tún fan Simke Kloosterman ek, wêrom soest dy net brûke. Wy reizgje eins mei de keunstkrite en projekten troch de gemeente. Op bysûndere plakken, in kleaster, of in tún, organisearje wy dingen.”

 

Oprop
De oprop dy’t de leden no dogge is net fanwegen in hiel spesifyk of akút ferlet, sizze se. It moat net as needgjalp begrepen wurde. Der is altyd romte foar mear frijwilligers en help, mar bygelyks it netwurk fan de stichting is ek al hiel bêst. “Minsken wolle graach wer weromkomme”, stelt Jaep. “Elkenien hat syn eigen passy, en styl, dat is it punt net. Mar moatst it omsette yn dieden. En der komt in logistyk by, praktyske organisaasje, regeljen en catering, dêr giet altyd in hiel protte tiid yn sitten”, seit Hetty.  “Het wordt elk jaar iets groter en onze ambities groeien mee”, follet Wouter har oan. Hetty: “En it is altyd mear wurk as dat je tinke. Dat beheint ek wolris wat. Dat je soms sizze: it is helbaar, mar as wy ús hert folgje soenen, dan soe it in stapke fierder wêze.”

Ien mêd dêr’t de stichting mei mear mooglikheden bygelyks noch mear yn betsjutte wolle soe, is edukaasje, sizze se. Yn it ferline hat de wurkgroep ek gastlessen jûn op skoallen. Dy waarden jûn troch Matty de Vries, dy’t ek yn de wurkgroep ‘Literatuer’ sit, en troch Tsead Bruinja. Fan de twaentweintich skoallen út de gemeente dienen op it hichtepunt achttjin mei. Jaep: “Harkema is der mei trochgien. Matty komt sa no en dan noch op dy skoalle en se docht dat ek prachtich, se stimulearret dy bern geweldich. Ik ha it meimakke en ik wie der echt wei fan. Dan seit se tsjin dy bern, besykje it yn jim eigen wurden en jim eigen taal, se wie ek de earste dy’t mei it Frysk delkaam. ‘Jim tinke ommers Frysk, wêrom sille je dat net opskriuwe. It stiet tichter by jim’. Dus de lêste kear kamen der ek mear Fryske gedichten út. En hoe’t se dy bern bespylje kin, want se docht ek oan kabaret, en toaniel, eigentlik alles.”

Sa smieten de poëzijlessen in soad moais op, mar it wie ek in hiele toer om der ôfspraken oer te meitsjen by skoallen. “Der komt safolle op dy skoallen ôf’”, seit Jaep.

Troch de projekten stekke de frijwilligers sels ek in soad op, fan de organisaasje en dêrmei ek fan elkoar. “Iedereen heeft een bepaalde kennis, het is leuk om die met elkaar te delen”, fynt Wouter. “Je binne altyd mei moaie dingen dwaande fansels, moaie muzyk, poëzij, keunst, altyd oan it sykjen nei moaie dingen”, seit Hetty. “It binne altyd de moaie kanten fan it libben. Kultuer is altyd de rjemme op de kofje”, sa giet Jaep derop troch. “En je dogge altyd wer ideeën op.” Hetty: “Absolút. En it bringt ek minsken fan alle soarten en komôf byelkoar. Je hoege net geschoold te wêzen om fan muzyk te genietsjen, of keunst, of poëzij, of in moai ferhaal.” Wouter: “Het gaat er om mensen erop te wijzen dat er meer is dan alleen voetbal, heel simpel gezegd. En als wij enthousiast zijn, kun je een ander vaak ook enthousiast maken.”

 

 

Sjoch foar mear ynformaasje op: keunstkrite.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.